dinsdag 15 januari 2013

Dublin

Ofrûne wykein hawwe soan Tsjeard en ik yn Dublin west. Doel wie om in optreden fan the Dropkick Murphies mei te meitsjen yn de Vicarstreet.
In idee dat midden yn in nacht ûntstie yn desimber en wat de oare deis gelyk regele waard. Ryan air, kaartsjes en fierders sjogge wij it wol
Wat Dublin seit, tink oan pubs, oan folkmuzyk, oan Guinness, oan wiskey en oan Murphys.
Wij kinne befestigje dat it klopt.


In sliepplak op in 12 persoankeamer
Op freedtejûn der  hinne, in stapelbêd sykje yn in hostel en dy nacht noch wat sfear meipriuwe yn twa kroechjes.

Klokslach 2.30 oere pakke se dêr de biezum , begjinne te feien en de kruk wurdt ûnder je kont weihelle en op de bar setten.

De sneon hiene wij trije haaddoelen: in eksurzje, in Ierske kroechdei meimeitsje en it konsert fan de Dropkick Murphys in band út Boston, dy't "Ierske"punkrock spilet.
De ekskursje wie top. In humorfolle rûnlieding, in prima presintaasje mei goeie techniken en net te lang.
Ta beslút fan de ekskursje efkes wiskey priuwe
Wêr? Yn the Old Jameson Distillery. Ja krekt it plak wêr't de ferneamde Ierske wisky makke wurdt.
In goed begin fan de dei en gelyk in goeie smaak te pakken.
dit like Tsjeard wol wat en ik die ek net dreech
De sneontemiddei is foar de Ieren in besite oan de stêd en dêrnei in bierke helje yn de kroech wêr't libbende muzyk is en wêr't se meisjonge kinne. Dat winkelje like ús gjin goed idee en sa krige de Temple bar al betiid op de middei besite fan twa Friezen. In soad Ieren, noch mear toeristen folgen al gau.


It lytse ferheginkje yn de hoeke is it poadium wêr't de artisten tsjinelkoar oansitte om plak te hâlden.
en jong stie fol bewûndering te sjen
It begong mei in troubadoer, it sette troch mei in banjo- fioel- en gitaarbandsje en dêrnei namen twa knapen op gitaar it oer en songen de iene meisjonger nei de oare.
In prachtige sfear en it wie gjin straf om dêr noch wat langer te bliuwen as iterstiid.

Mar de plicht rôp om 19.00 oere want foar  the Dropkick Murphys moasten wij nei de Vicarstreet.
Fia in Kebabsaakje mei in húske kamen wij bij de prachtige seal dêr.
It wie in bûnt selskip fan publyk út heal Europa. In soad Dútsers, Belgen, Ingelsken, Sweden, Nederlanders en ek noch mear Friezen as wij.
Allegear te herkennen oan ien fan de safolle Dropkick sjurts.

Yn de Vicar street wie de muzyk dan wol rock mar it meisjongen wie der like folle.
Twa oeren batsten de 7 mannen fan de Dropkick it hiele poadium oer en dat wie in hiele toer.
Selden sa'n moaie seal sjoen, wêr't it mânske poadium like breed is as de seal en de seal ek like djip is sadat elkenien it gefoel hat dat dy foaroan stiet.
Om 23.00 oere wie it dien dêr en wij hiene amper tiid hân foar in snapke dus mar gau wer nei de Temple Bar wêr't ûnderwilens al wer in pear oare sjongers de boel yn besnijing hie. Ek oar foaral ynternasjonaal publyk.

En at it no troch it lette oere kaam wêrtroch it byld wat minder waard bij sommigen mar ik krige it drok mei fotosesjes.
De iene seach mij oan foar de banjospiler fan de band, de oare miende echt dat ik Seasick Steve wie en de tredde wie sa grutsk dat hij mei ZZ Top op de foto mocht.
It wie suver spitich dat it om 2.30 wer dien wie. Gelokkich wie de toarst doe ek al aardich bekaam sadat wij it stapelbêd yn it hostel mar opsochten.

Sneintemiddei werom mei Ryanair en bekomme fan it prachtich moai muzikaal en heftich wykein.


Net in geweldige opname fan immen dy't boppe siet mar wol bysûnder want set it byld marris stil op 3.16.

Sit dizze mar lekker lûd en sjoch nei de bylden.



Geen opmerkingen: