Ik bin gjin echte Beatle fan, haw der gjin muzyk fan thús en sil it dus ek net opsette.
Ik bin in Stones fan en dy muzyk ferfeeld mij noch altiten net.
Ik frege mij langlêsten ôf hoe it wêze soe at ik 89 bin en diel útmeitsje fan it rollators peleton fan soarchsintrim de Greidhoeke yn Wommels. Stean ik dan de top 2000 mei Satisfaction en It's all over now mei te brullen bij de leagenbank? Of is de Zuiderzeeballande" mei de prachtige begjinsin "Opa kijk ik vond op zolder een foto uit dit oude tijd" myn tophit.
Ik hoop yn alle gefallen dat nimmen mear wit wa't Ger Pardoes en de drie J's wiene.
Hawar ik wie snein bij de Muziekboerderij yn Noflik yn Easterein.
In moai inisjatyf wat noch efkes ûntdekt wurde moat troch noch wat mear minsken.
Nije talinten krije de kâns om harren trije kertier sjen en heare te litten.
Nicsz spile dêr en dizze jonge knapen hawwe mij al in pear kear oertsjûge fan harren talint.
Ek no wer diene se in lekker strak optreden mei moaie eigen nûmers en myn hichtepunt in kover fan Snow Patrol.
Magical Mistery Tour |
Nicsz |
De slachwurker fan Nicsz koe syn lol wol op want hij hie dêrfoar al in optreden dien mei de Magical Mistery Tour. Fan wa't dizze Lollumer it talint hat wit ik net mar it is in merakel om dy knaap te hearen op it slachreau.
Om werom te kommen op de Beatles mar foaral op dy Magical Mistery Tour: it wie in lust foar myn ear.
Prachtich optreden mei in entûsjast publyk en as ferfolch en ferbettering op myn eardere útspraak: de nûmers fan the Beatles binne anno 2013 te koart.
It is sneu dat ik Jason Pattys Gun net sjoen ha, mar dat kin ik mij sels net ferwite. De organisaasje soe miskien iets better oanjaan kinne wannear it echt begjint en wa't earst spilet.
Want somtiden moatte je in kar meitsje en kinne je net alles sjen.
Noch taheakke: Kommende tongersdei presintearret Nicsz harren earst CD. Sij dogge dat yn it Bolwurk yn Snits. De tagong is fergees en ik kin jim sizze: it is de muoite wurdich om dit lekkere popgroepke te hearen. Helaas bin ik der sels want freed giet de reis nei Dublin foar in optreden fan The Dropkick Murphys.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten