vrijdag 4 januari 2013

Foarjier yn de winter



Jim heare mij net kleien oer it winterwaar.
It is in lust en der mankearret net folle mear oan of ik doch de koarte broek oan.
Dat wol sizze at je wat yn de lijte en de sinne fytse.
Hjoed in moaie tochtje fytst yn Gaasterlân-Sleat.
Nei de rûzige hoeke bij Himmelum (mei in soad lewaai fan fûgels, it hjit dan ek de Fûgelhoeke) kamen wij fia it bosk út bij it Murnser Klif.
tsjin de sinne yn fotografeare binne net de moaiste foto's

Bij de seedyk del en ek dêr lieten de fûgels fan harren heare.
Wij moasten betiden raze om der boppeút te kommen.
Sa fleagen wij de berch fan Aldemardum bij del en fia Nijewardum, Sondel kamen wij yn Balk


Nei Balk rjochting Kippenburch betsjut de Luts bij del. Ferline jier it probleem om de 11 stêdentocht op redens troch gean te litten en no ideaal om der bij lâns te fytsen.



Fia it bosk kamen wij op de dyk fan Aldemardum nei Riis en dêr wurdt warskôge foar oerstekkende âlderen.. Soene sokke ferkearsbuorden oer 10 jier yn alle "grize"doarpen stean? En, soe it wat jaan?

Fia Riis, Bakhuzen en Himmelum werom nei de auto dy't bij Galamadammen stie.







Geen opmerkingen: