dinsdag 22 januari 2013
Myn held brûkte gjin epo
Ik mei dan wol in leafhawwer fan fytsen wêze, it wol noch net sizze dat hurdfytsen myn ding is.
Ik folch de Tour de France at it mij útkomt, sjoch Paris- Roubaix en de rûnte fan Flaanderen en it lêste jier hat de rûnte fan Spanje mij ek goed foldien.
De ferhalen fan it dopinggebrûk dogge gjin goed oan myn belangstelling foar it hurdfutsen. Foaral dat stikeme gedoch wat it altyd west hat en dat geliich der om hinne, irriteare mij ûnberoaid.
Bin bliid dat ik bij de profesjoniele fytsers gjin favoryt haw of ien dy't ik op it fuotstik setten haw.
Ein jierren 70 gie ik faak nei amateurs rûntsjes "om de tsjerke".
Boalsert, Frjentsjer, Snits, Marrum, Aldemardum, it Hearrenfean nim se mar op, ja sels yn Wommels wie doe in ronde.
Dat kaam troch de twa doarpsgenoaten dy't sûnder talint mar troch hurd wurkjen krekt meidwaan koene yn it peleton.
Eeltsje Sixma wie de iene en yn myn belibbing die hij it al goed at hij de hiele ronde útfytste.
Sybolt Greidanus wie de oare. Wenne op de Littenserbuorren.
Dat wie in cowboy neffens de krante.
Mar dat wie de fyts helt fan Wommels.
Ik haw noch bij him op skoalle sitten doe't herfoarme bern (ik) en griffermearde bern (hij) bij elkoar yn de klas kamen.
It wie bij Sybolt alles of neat en hij wie sa gysten as wat en fleach altiten as in dief troch it doarp ek at er net yn de rees wie.
Ik hoech myn helt net te skrassen.
Al bin ik der wis fan dat hij wol stimulearjende middelen brûkt hat:
De sûpe fan molkboer Zijlstra,
it bargefleis fan slachter Reitsma,
de bananen fan grienteboer Smeding en
de wite broadsjes fan bakker Posthuma.
Wol stimulearjend mar net ferbean.
Sybolt, soe der noch wol ris hurdfytse?
Of makket er no ritsjes op in E-bike mei in cowboy hoed op.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten