dinsdag 24 oktober 2017

Efkes Fuort (1)

Krekt 10 dagen yn Kroatie west
mei in busfol oare reizgers.

In soad sjoen,
in soad heard
oer it lân en syn skiednis
Tige nijsgjirrich allegear.

Prachtich waar,
it wie in lust om dêr te wêzen.

de kommende dagen
alle dagen
in stikje
oan de hân fan ien of mear foto's
of ien of oare herinnering

en .......ús meireizgers,
dy hawwe it mij maklik makke
der is in hiel soad te skriuwen

stikjes dus
ûnder de titel EfkesFuort







dinsdag 17 oktober 2017

Dropkick Murphys

Febrewaris 2018
binne se der wer,
yn Amsterdam,
Dropkick Murphys
de Ierske punk/rock/folkband út Boston

dizze kear mei Flogging Molly
út Ierlân
ek net ferkeard

dizze lytse fan soe miskien wol mei wolle
mar dat moat letter marris





zaterdag 14 oktober 2017

Kroaasje


Simmers op de fyts mei tinte en al
en yn de hjerst mei de bus
en yn alle gemak

Derop út om wat te sjen
yn Kroaasje

De kommende wike dus....

dinsdag 10 oktober 2017

11Dikentocht

It is de wike fan de duorsumheid
en hjoed de dei fan de duorsumheid.

Foar  2018 leit er in plan
om 14 dagen it ferfier yn Fryslan
fossylfry te dwaan:
fan 1-14 july: de Elfwegentocht

Op dit stuit wurde bedriuwen
en ynstansjes benadere om mei te dwaan.

Snein, moandei en tiisdei
is der in fytstocht troch Fryslân
bij bedriuwen lâns
dy't al dwaande binne mei dit tema
en soms foaroprinne

Wij fytsten snein mei op de earste etappe
fan Grou nei Ljouwert
fia in bysûndere route lâns in achttal bedriuwen





Start wie bij de Kringloop yn Grou...mei in taljochting fan in Groster wat se allegear dogge oan enerzjy behear yn it doarp

hjir giet it dus om yn 2018 en letter fansels


earste stop bij de wynmûne fan Reduzum: wat it betjsut foar it doarp en hoe lestich it is om dizze mûne te ferfangen troch in iets gruttere

Reduzum

Yn Reduzum gie de diskusje noch efkes fierder en wie der in hapke en bakje

In enerzjy neutraal hus wie de folgjende stop.... 


It stedsstrân hat ek in foarútstribjend enerzgy belied


Prachtich ferhaal bij de Mannen van Staal fan Theunis Bakker...... hij die it yn it Frysk (hjim binne bij mij te gast!) en nimmen út Hollân sei der wat fan.......  hiel bijsûnder

it frane fan de Maxmobyl wurdt hjir makke


En sa gongen wij noch nei Schenkenschans
mei it prachtige ferhaal fan Dijkstra en Draaisma
oer de enerzjy dy't dêr úthelle wurdt
en brûkt wurdt foar de iishal


ek yn de iishal waard ús ferteld wat er allegear oandien is
om it sa enerzgjy neutraal mooglik te krijen

It wie in tige learsume dei






En tiisdei gie it wer fierder yn Akkrum......sûnder ús mar wol mei Tsjeard








zondag 8 oktober 2017

Hofkamp

yn ien fan dizze húske bin ik berne (nû 47)


Sneontemiddei 8 oktober wie der in reuny op de Hofkamp en it Stroek. Der wie mij frege om as âld Hofkamper wat te sizzen bij de iepening.
Op fersyk fan de tahearders is de tekst hjir ûnder te finen.


Beste lju fan it Stroek
Myn ferhaal giet oer de Hofkamp en dat is wat sneu foar jim. Want ik hearde juster op in lêzing dat it Stroek der al folle earder wie as de Hofkamp. Dus ynstee dat jim it sydstrjitsje binne, is de Hofkamp de sydstrjitte . Wêrfan akte

Beste Hofkampers fan no en Hofkampers fan earder.

Foardat ik de wide wrâld yngong (oare kant fan de brêge, Hichtum en Wommels Noard) wenne ik op de Hofkamp.  Dat wie fan 20 july 1954 oant 28 april 1961.
Ik kin mij noch in soad herinnerje fan dy earste libbensjierren.  Dat sil ik wol kloppe want it skynt sa te wêzen dat oft in bern begjint te praten de erfaringen foar in part yn it geheugen opslein wurde. Ik koe al hiel betiid prate sei ús mem altiten.….
Hofkamp nû 47, as twadde soan fan Jan en Hiltsje. Yn dat lytse húske wêr’t sij op 6 juny1952 (harren troudei, sa gie dat earder) ynkamen en wêr’t wij yn 1961 mei syn seizen (4 bern ûnderwilens) yn wennen.  Dy Hofkamp dy tiid dus, dêr sil it it oer ha….neffens myn geheugen….

Myn legere skoalle, op nûmer 9, wêr’t ik 5 jier nei ta gie, mei syn plein fan grind, de trije fertutearze beammen yn de hoeke, twa putsjes, in reinwettersbak dat wie allegear krekt genôch om in spultsje ferlos te dwaan.
It gymsealtsje op nû 11 , wêr’t letter neffens mij wastobben makke waarden. Dy gymseal wêr’t al gau dúdlik waard dat myn gymfermogens net fierder gong as in koprol. In skeve koprol.
De drokte op de Hofkamp. Nee net de autos, mar de middenstân. Want wij koene ús sels rêde yn dy tiid…Dat byld haw ik gewoan. Yn Den Haag soene se wolle sizze “jullie zijn zelfvoorzienend”
Wij hiene in bakker (op 5), in slachter (2 ), de koekje en snobberijke winkel  (op 1) de petroaljemân (ek op 1), wij hiene teminsten trije timmermannen (gerifformeard, herfoarme en iepenbier, sadat elk te plak koe bij de goeie soarte. Katoliken hiene wij hjir net, dus sa’n timmerman wie ek net nedich.
Wij hiene de ferver (op 55) wij hiene in elektricien (op 12), en wij hiene twa molkboeren op 53 en op 25, beide fan it selde geloaf …..
Foar it fruit koene wij telâne op nr 6 want dy hie in hôf earne oars en griente en jirpels hellen wij allegearre út eigen tún.

Offal hiene wij yn dy tiid net want de beantsjes dy’t wij fan de tún heljen treaune wij net yn plastik mar yn wekflessen. De hiele winter ieten wij sneins beantsjes mar wol ut eigen tún. De skilen fan de jirpels dy’t wij minstens 6 kear per wike iten kamen bij us eigen skileman

Wie der hiele grutte need helle wij it gehak út de slachting fan op nr 50, de needslachting en wiene de molkboeren ûnderweis yn de rest fan Wommels dan koene  wij foar molke telâne bij 68  of 70
En oft wij mei syn allen op de Hofkamp de ko net opkoene dan gie de bel troch it doarp: Fannemiddei om 2 oere is der fleis yn de needslachting, papier meinimme…
en dan seagen wij de rest fan it doarp mei gong nei de needslachting fytsen mei it papier yn de hân… Want safolle wie der meast net oer, want it wiene grutte húshâldings op de Hofkamp.

Woansdei gehakdei en freed soms fisk.
Dêr hiene wij op de buert wol streupers foar dy wat foekjes hjir en dêr delsetten yn de opfeart of Boalserterfeart. Nee, nammen en nûmers neam ik mar net
Wij hiene gewoan alles sels. Wij koene ús hjir sels rêde. Zelfvoorziend, wer dat wurd..
Beste bewenners fan no, jimme witte it miskien net mar wij hiene hjir de earste bioskoap fan it lân.
Waonsdei en sneontemiddei sieten wij ús te fernuverjen foar in swart wyt tv foar Swiebertje en Ivanhoe. En dat foar in reedlike priis fan in stoer en letter in dûbbeltsje. Op nû 12 wie dat

En hiene wij dochs wat út it doarp nedich, dan klauterden wij bij de lichte op, De Keatsebaan. En werom nei de Hofkamp wie in makkie, sûnder te traapjen kamen wij oan nû 41 ta… at de wyn wat geunstich wie fansels
Beste Hofkampers fan no, jimme kinne der neat oan dwaan dat yn 1960 der betocht waard dat er in dyk troch de Súdhoeke komme moast. Allegear fan dy grutte frachtauto’s mei sân (op nr 48 siet sa’n bedriuw, dus ek dat diene wij sels) en al dy buldozers en walsen en tarre autos riden oer de Hofkamp. It wie it begjin fan de ein. Wij mochten in skofke net op de dyk boartsje en neffens mij is it nea wer better wurden.
Boartsje op de dyk is ûnmooglik wurden .
Want potbaarnen dêrfoar hiene wij de hiele strjitte en alle tunen nedich hiene om fuort te kommen.
Potbaarne mei de Brandsma’s , ja betink ik mar ris. Mei  de Heinzen, de Kamstras, de Franekenas, de Bootsma, de Schreibers, de van der Meulens, de Okkema's, de Wiersma's en de Hofstra’s
En wat tochten jim fan it beltsje drukke bij Fokje Burd, tochten jim dat wij dan útseagen at wij yn sân hasten fuortdraafden efter in hege  hage of yn in  feilige steech
Myn Hofkamp dêr’t ik it fytsen learde en altyd miend ha dat je dat je hiele libben dwaan moatte.
De Hofkamp yn 1960 sûnder autos dat is myn byld. En stie der wol in auto dan treaune wij se eigenhandich nei de ein fan de Hofkamp.   Ja krekt dêr wie de autosloperij op nû 66.
Auto’s fersteure no myn byld.  Dat er fan de middenstân neat mear oer is begryp ik.
No ja…neat….
Der is  in auto opknapbedriuw en in autoskea bedriuw, mar dat is logysk mei al dy auto's. Foar de froulju is der in salon en in blommensaak. Dat is sa’n bytsje alles wat er oerbleaun is.

Ik slút ôf mei de taal.  Myn stokhynder. It Frysk, dêr meitsje ik mij yn tsjinstelling ta in hiel soad minsken gjin  soargen oer hjir op de Hofkamp. Wêr’t it op oare plakken en yn oare strjitten it Frysk tebekset wurdt , hâldt it hjir stân.   In Fryske dichter op de Hofkamp, in Frysk teaterman,  in Fryske sjonger en auto's mei Fryske teksten. It sit wol goed .
En boppedat at in Limburger op de Hofkamp al Frysk begjint te praten dan haw ik gjin noed.

As alderlêste noch dit.
Op 28 april 1961 ferhuzen wij fan de Hofkamp nei de Molewâl. Op 29 april 1961, ien dei letter, ferdronk myn 5 jierrich bruorke yn de Boalsertertrekfeart.
Myn âlden sille doe fêst tsjininoar sein ha…hiene wij mar moai op de Hofkamp bleaun..

Allegearre in noflik weromsjen tawinske.

vrijdag 6 oktober 2017

Ferdivedaasje op freed


Ferdivedaasje op freed
sa hjit it at er op freedtemiddei
in sprekker is yn de byb yn Wommels

Freed 7 oktober wie dêr de hear Miedema
âld ynwenner fan Wommels
no fan Leiden,
dy't mei eare "sneuper"neamd wurde kin

sneuper yn âlde boeken
om fêst te lizzen
hoe't it siet foar 1800 mei de bewenners
fan de húzen yn Wommels

Miedema is in man dy't net samar wat oannimt,
hij wol iets foar 100% seker witte
en siket altyd fierder
at hij net foar 100 % oertsjûge is fan de wierheid


Miedema helle in oantal nijsgjirrige saken oan,
foardat hij syn boek oanbiede woe....



In boek yn trijefâld:
ien foar Tresoar,
ien foar de byb yn Wommels
en ien foar himsels
(as wurkeksimplaar) sa sei hij sels.

dat hij it boek yn de byb presintearre
hie te meitsjen mei it feit dat syn âlden
yn it ferline de byblioteek opset ha
oan de Hottingawei yn Wommels

(sels ik ha dat noch meimakke)

Ingelsk

Sa no en dan
kin ik mij net ynhâlde
en haw mear as gewoan argewaasje
oer de taalfersmoarging
mei al dy Ingelske wurden

Sa as dy bijlage
bij de krante juster
oer Healthy Ageing

dat giet it leau ik
"oer it sûn hâlden fan minsken op leeftyd
sadat se oant harren 80 ste trochwurkje kinne
yn de takomst"

net yn Ingelân,
mar gewoan hjir yn Nederlân,
yn Fryslân.

En dan lês je sa'n foarwurd
wêr't ik de ynhâld al lang wer fergetten bin
troch myn argewaasje oer
de ôftiteling


harrebarre.... (gjin idee wat dat yn it Ingelske  is)

donderdag 5 oktober 2017

Wite bôle


Dizze kop seach ik yn de krante stean
bij in artikel oer de Voedselbank.

Ik tocht er oan doe't ik dizze wike  op Amelân wie,
as lieding bij in skoalkamp

15 bern dy't krekt as ús froeger
op moandei mei in tasfol klean en snobberij
bij de boat yn Holwert klear stean

snobberij,
wêr't ik it hiel jier net oankom
mar no de hiele dei op traktearre wurdt

want wat wurdt er in soad dield
en ik fiel mij suver oplitten
dat ik gjin snobberij mei haw..

werom  nei de titel fan dit stikje,
de wite bôle
boppemjittich populair bij dizze bern
yn de leeftyd fan 11 12 jier

it griist mij oan al dat wite spul
mar it is moai dat elkenien moarns
oan tafel sit, sûnder tv oan
en gewoan bôle yt,

ek al is it wite.

grappich is ek om te sjen
dat plaskes oerbliuwe
nee, ik sis it ferkeard
dat alle stikje bôle oerbliuwe
wêr't ek mar in ôfrinnende koarste opsit

en dat is per bôle sa'n trije stikjes,
oan beide siden

De iene brûne bôle is ek opkommen,
mei trije yn de lieding


maandag 2 oktober 2017

Amelân


At it alles goed is
bin ik ûnderweis
nei Amelân...
Hearlik
noch in pear dagen
mei in klas fan de Súdwester yn Snits.
It ienige ding  út it wurksume libben
dat noch troch giet....
dit jier
al wer mei Vincent
en no ek mei Tryntsje

Wij wolle dy 15 bern
wer in pear moaie dagen besoargje

Dat wij efter de Jumbo sitte yn Nes
wie yn de oare jierren
foar sommige bern al in hichtepuntsje

donderdag 28 september 2017

8731

8731 is ús postkoade,
en dêr is neat mis mei;
(noch) net goed genôch foar de miljoenen
fan de Postkoadelotterij
mar wol foar in Willem&Drees pakket,
sa sei de brief in pear wiken lyn

Hjoed
wie de grutte dei
hjir en dêr yn de buert stoppe de kuolauto
en brocht de doaze
mei farsk spul
























Wij hawwe al in goed miel hân hjoed

zaterdag 23 september 2017

It doaske


Je sjogge it hieltyd mear
de taffeltsjes oan de kant fan de dyk
mei sjem,
mei aaien,
mei beien,
mei kealebassen
mei fruit of griente

taffeltsjes of spesjaal makke hokjes

at je der lâns fytse
dan falt it each gelyk op
al dat kleurige, fleurige
en biologysk dynamysk ferantwurde guod

it each moat it dwaan
om ús ta stopjen te twingen
en ta keapjen te ferlieden

sa is it net net op Skylge
bij dy iene poddestoel
mei dat doekje op in doaske
dat nijsgjiirichheid opwekt

It briefke derbij:
goudrenetten,
komkommers
beantsjes

moai ut de sinne holden
en nei de poddestuollen
sjogge alle fytsers op Skylge

en jûns rêdt it maklik op.....
at it doaske der noch stiet fansels

donderdag 21 september 2017

In geurke ûnderweis


It is wiet yn it lân
dus gjin tiid om te jarjen.
Us fytstocht dizze wike
yn it âlde Haskerlân
mei plakken as Alde Ouwer
Aldehaske, Reahel em Stobbegea
levere dan ek gjin oerhearskjende jarrelucht op

nee, it wie gâns better
doe't wij fanôf Aldehaske
ûnder de reek fan Sint Jânsgea kamen....
de lucht fan in bakkerij
fan de koeke
fan de Snelle Jelle

wij gyngen der suver langsumer fan fytsen
sa lekker.........





woensdag 20 september 2017

Wurkdruk

Wurkdruk
it is in term wêr't ik gjin lêst fan ha
en ek nea hân ha.
Ik haw it seker drok hân op it wurk
mar dat skynt wat oars te wêzen.

Heger lean en minder wurkdruk,
dat hear ik se roppen yn it ûnderwiis....

40 jier wurke ik yn it ûnderwijs.
oan de sydline, mar dochs yn it ûnderwiis
en ik begryp dêr neat fan.

ik wol myn eardere kollega's net ôffalle,
mar it weromdringen fan de wurkdruk
hat mei it systeem fan fakânsjes
en je eigen ynstelling te meitsjen

12 wiken fakânsje of frije dagen
is fansels geweldich,
mar it soarget der foar
dat je al dat wurk en dat is seker net in bytsje
yn folle minder wiken dwaan moatte;
dus per dei wat mear as in oar ...

pogingen om dit om te draaien
binne lestich want 12 wiken frij is wol hiel fijn

de fisieuze sirkel...

Wurkdruk en hurdwurkje,
dat seach ik dit wykein
bij de tintebouwers fan Europa tinten

as "slaven" waarden se behannele
net in minút fan de baas syn tiid gie ferlern,
de baas bepaalde
wannear je in stikje pizzapunt ite mochten
wannear je trije slokken wetter nimme mochten
en wannear it wurk jûns om 11 oere dien wie
dat je ien bierke ha mochten

hurd wurkje,
sa mâl hie ik it noch nea sjoen

nee, it wiene gjin Nederlanners
útsein de baas,
it wiene Poalen......






maandag 18 september 2017

Parc fermé

Foto Fred Cartens

"Parc fermé
dat is dat parkearterrein dêr
wêr't dy fytsen stean",
hearde ik sneon in wat âldere frou sizzen
tsjin har kunde.
"dat haw ik hjoed leard",
sei se der efteroan
"en ik mei der net komme"
hearde ik har ek noch sizzen.

Yndie, âldere frou,
dêr stean de fytsen en dêr meie jo net komme.
it wurd "fermé" seit it al,
dat is frânsk foar "ôfsluten".

sneon mocht ik
mei Carolien de Vries en Pieter Groenveld
bij de yngong stean
fan dat ôfsletten terrein yn Wommels

foar alven komme se al
mei harren autentike Gazelle reesfyts
de leadswiere trackingfyts
of it hypermoderne triatlonbeest,
mei koffers
of kratsjes
of tassen
fol klean, skuon, hândoek en foeding

bij it stek de kontrôle:
sticker op de fyts
nûmer bij de hân,
fyts beoardiele
remmen goed
helm net te los

It parc fermé
allinne foar de atleten
want it giet om harren spul,
om harren djoere fyts.

konsekwint wurde alle oaren minsken
ja sels bern, keard
om it parc te betreden
om bijgelyks efkes bij dy moaie fytsen te sjen
of noch wat bemoedigjende wurden te sizzen

dat kearen wurdt net altyd wurdearre
troch de nijsgjirrigen en de supporters
wol troch de atleten
want dat murken wij doe't it foarbij wie
en se harren fyts wer ophellen

tefreden en tankber,
dat it spul der noch leit en stiet
en dat litte se foaral ek merke
mei in "dankjewol, tige tank, dik yn 'e oarder"
en sa't Jacob van der Ploeg sneontemiddei meardere kearen sei:
sûnder jim (en dat jildt foar alle frijwilligers hjoed)
kinne wij dizze moaie sport net dwaan

it wie in learsume en noflike dei
op it park fermé
mei Carolien en Pieter

vrijdag 15 september 2017

Elts Sines



"Elk Sines"
dat sei Tjerkje fan de Klieuw faak yn har kafee
"Drekt betelje"
dat haw ik ek faak heard út har mûle.

It kaam juster allebeide foarbij
yn de "tragyske" teaterfoarstelling
fan it libben fan Tjerkje, Fonger, Anne en Lammert
yn kafee de Klieuw ûnder Hidaard

bewust is der yn dit stik foar keazen
om de klam te lizzen
op de fijandige ferhâldingen
tusken de 2 bruorren en 2 susters,
op it leafdeslok en it leafdesfertriet 
fan de 2 brourren en de 2 susters
en op de rol fan Maria foar Tjerkje

Dus jout dit stik in moai byld
fan dingen dy't wat djipper gean
as de lol oer de feesten op de sneintemiddei
mei in trompetspyljende Bernlef Cornelis
in gitaarspyljende Jan Oalje
in dichtsjende Tsjêbe Hettinga
en in kreakjende sjoeboks 
wêr't Heintje ek ynsiet 

In bysûnder byld fan de famylje, 
dêr't wij as jongfeinten yn dy tiid
oan foarbij gongen
en seker gjin rekken mei holden

Klaasje Postma wie Tjerkje,
en dat is genietsje:
it is libbensecht.....
dat allinne al is de muoite wurdich om te sjen

mar ek Anne, Fonger en foaral Lammert 
kamen ta libben sa't ik se noch sjoch.
yn myn herinneringen

Skitterjende lieten wurde der songen
mei moaie teksten en prachtige muzyk.

(Bin ik te min omdat dyn heit mear kowerútsjes hat......)

Us eigen herinneringen 
dy koene wij nei ôfrin noch efkes ophelje
yn de feesttinte
mei in Heineken fleske, 
mei in droech woarstje (net mear fan Bouma)
of mei in gehakbol

en sa hat elk syn eigen anekdoates!
Myn moaiste?
It wie 1979 en wij hiene krekt ús earste dochter krigen.
Wij wennen yn Hichtum
en Tjerkje kaam lâns
op brommer.
foar in kreambesite.
Tafallich wie myn mem der ek
en dy moast nea folle ha
fan myn regelmjittige besites oan de Klieuw
en foaral myn drinkgedrach

Fol grutskens seit se dan ek tsjin Tjerkje:
bij mij thús krigen se gjin bier 

"krekt", sei Tjerkje", " en dêrom sitte se altyd bij mij". 


Elk Sines is in jûn om nei út te sjen.....
Moai dien dêr op dy prachtige lokaasje
oan de Huniadyk ûnder de reek fan de Klieuw




donderdag 14 september 2017

De Klieuw

Hjoed komt se wer ta libben
Tsjerkje fan de Klieuw

It teaterstik Elk Sines
giet yn premiere
oan de Huniadyk flakbij de Klieuw
en ik bin der gelyk bij....

Moaie  herinneringen
komme fêst yn de stikjes werom

Ut de tiid dat foto's meitsje
noch net sa gewoan wie is as no
haw ik gelokkich noch in pear yn it archyf

mei Fonger ien drinke op it terras wie foar beiden gjin straf




Lammert, Riemer, ............, ...........

Riemer Tamminga


Dit hie ik op it behang skildere op myn keamer oan de Alde Komerke yn Snits




woensdag 13 september 2017

Jorwert




"It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn  yn de nacht"
sa hjit it stik yn de Jorwerter notaristún dit jier.

Op it puntsje fan de stoel,
adembenimmend,
en mei grutte ferwûndering
en wurdearring sjoen
hawwe wij sjoen
nei haadrolspiler Kristian Johan Frâns Boonstra
spile Bauke Klaas Haanstra

Wat set dy jongfint dêr in rol del
fan in autistyske jonge,
ús alhiel meinimmend
yn syn wrâld
mei al syn nukken
syn dinkjes
syn beweginkjes
en syn trochsetten

mar
it is net allinne de haadrolspiler
dy't doocht,
it is ek de opset fan dizze útfiering
en de prachtige wikseljende bijrollen
fan alle oare spilers

dit is echt genietsje

Foar in moaie fotoreportaazje
fan Piet Douma
sjoch foto's lykas dizze hjir ûnder
ûnder dizze link







Greidhoekfestival

Wat in dagen
rûn dat Greidhoekfestival
Fanôf woansdei wiene se dwaande
al dy frijwilligers
om der wer in moai útsjend festivalterrein fan te meitsjen.
handige jonges en famkes
dy't bouwe kinne as de besten.
Handich mei boar, hammer en rollend materieel

ik seach se twa dagen dwaande
jonges as Jaap Pater en Hans van der Schaar
dy't hast tegearre de muorre bouden
nei in idee fan Aart "Trump"

De grutte giele muorre
dy't it terrein sa moai makke

En al dy oare wrotters dy't
rydplaten leinen
hokjes delsetten
pellets leinen
tinten opsetten (en skjinmakken)
paden slucht makken
kofje setten
buordsjes en lampen ophongen
broadsjes smarden
sop makken
en wat er allegear noch mear
te dwaan wie



En dan sneins.....
nei in prachtich festival
opromje
meielkoar
yn de drek

it wiene moaie dagen

Oh ja
noch efkes dit:

Ik seach ek Poalske wurkers
fan Europa tenten....
dy't wurklik net in minút fergriemden
mei efkes om je hinne sjen
efkes bijprate
efkes mail tsjekke
of oars wat....

nee,
dêr soargjen de baaskes wol foar,
de Nederlânske,
wol te ferstean




vrijdag 8 september 2017

Iepensteande brêgen






70 kilometer fytst
yn de súdwesthoeke
en dan 5 kear wachtsje
en  2 kear
der noch krekt oer
foardat dy omheech giet

sjogge jim wêr dizze 5 binne?

donderdag 7 september 2017

150 jier lyn

Needwaar is fan alle tiden,
docht mar wer  bliken.

Dit stikje yn de Ljouwerter Krante
fan 150 jier lyn
jout in "moaie" beskriuwing"
fan in bui fan 3,5 oere
dy't ek in pleats
tusken Wommels en Easterein trof




(boarne LC, 150 jier lyn)

woensdag 6 september 2017

Nuttich wyldpisje

It field in bytsje as nuttich wyldpisje
dêr op it parkearterrein krekt foar Hoorn oan de A7.

Sûnt koart stiet dêr in piskrús
mei in nuttige funksje


Sa'n ding soe ek net misstean bij it stasjon yn Ljouwert.
Underweis nei trein en bus is der faak hege need


dinsdag 5 september 2017

Metallica


Op in moaie moandeitejûn
yn septimber
nei Metallica
yn de Ziggo Dome yn Amsterdam

Wat in sfear
wat in muzyk
wat in feest

metal/hardrock op syn alderbest




vrijdag 1 september 2017

Tabletkafé

Kafés,
wêr't it earder bedoeld wie om neat te dwaan
binne  no somtiden plakken
wêr't allegear spesifike aktiviteiten
dien wurde kinne

net dat it yn in kafé is,
mar it klinkt wol lekker en net saai

Kinne wij net it repairkafé,
wêr't handige Harries hast alles meitsje
wat stikken is?

Binne der ek net haak- en breidzjekafees
wêr't froulju
mear produsearje as breideb sokken en haakte kleedsjes?

En sa komt er yn Wommels
in tabletkafé,
op moandei
yn de byblioteek.

Wa't stipe ha wol
bij ynstellingen fan tillefoan of tablet,
wa't tips ha wol oer aardige apps
kin dêr sa no en dan op moandei telâne

elkoar helpe en ynformeare
it liket mij aardich om te dwaan
dus bin ik dêr bij moandei
om te ynformearjen en om te learen

Moandei 2 oktober begjint it
om 14.00 oere