"It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht"
sa hjit it stik yn de Jorwerter notaristún dit jier.
Op it puntsje fan de stoel,
adembenimmend,
en mei grutte ferwûndering
en wurdearring sjoen
hawwe wij sjoen
nei haadrolspiler Kristian Johan Frâns Boonstra
spile Bauke Klaas Haanstra
Wat set dy jongfint dêr in rol del
fan in autistyske jonge,
ús alhiel meinimmend
yn syn wrâld
mei al syn nukken
syn dinkjes
syn beweginkjes
en syn trochsetten
mar
it is net allinne de haadrolspiler
dy't doocht,
it is ek de opset fan dizze útfiering
en de prachtige wikseljende bijrollen
fan alle oare spilers
dit is echt genietsje
Foar in moaie fotoreportaazje
fan Piet Douma
sjoch foto's lykas dizze hjir ûnder
ûnder dizze link
Geen opmerkingen:
Een reactie posten