zaterdag 7 maart 2015

Optocht mei tema



Prachtich moai
dizze foto's
op snútboek setten troch Durk Hogendorp
âld Wommelser no fan Frjentsjer

de optocht yn Wommels
mei hokker tema soe dat west ha
en wannear wie dat krekt
ein jierren 60,  begjin jierren 70?

En wat is der fan kommen?
fan dy stelling en fan dy fraach.


Op de iene wein stiet:
De lytse man  giet op de flesse......
dat stiet er net as fraach mar as feit.

Is dat ek útkommen?
wie dit it persoanlike tema fan de famylje Hogendorp?
want heit wie ommers piteroaljeboer en koekeferkeaper?
lytse selsstannige dus.

Tal fan lytse mannen hawwe it net rêden
lytse boerkes, lytse winkeltsjes, lytse ambachten se binne ferdwûn
mar der binne wol hiel wat lytse mannen foar werom kommen
lytse mannen mei buskes
ZZP-ers.......


Op de oare wein stiet:
Sil der ea wol lykwicht komme?

Dêr is maklik in antwurd op te jaan
Nee, der is gjin lykwicht kommen 
en dat sil ek nea komme



donderdag 5 maart 2015

Indie



Indië verloren Rampspoed geboren, Studium Generale 2015, III


Voor de meeste soldaten die in Indië vochten was de afloop van de strijd een treurige teleurstelling. Uitgewuifd als strijders voor een goede zaak, en bij de terugkeer nauwelijks opgemerkt, laat staan erkend voor hun inzet. Hylke Speertra legde de verhalen van enkelen vast in het boek Op Klompen troch de Dessa. Met Douwe Draaisma zal hij vertellen over hun belevenissen en over de lange nasleep die deze periode voor hen en hun gezinnen had.


Nijsgjirrich tema.
Heit Jan wie der ek
sûnder der letter wat oer te sizzen

ik bin wol wat op syk
nei it hoe
nei it werom
nei it ferhaal

Hylke Speerstra (skriuwer en ferhalenferteller) en Douwe Draaisma (deskundige op it gebiet fan geheugen) sille op 18 maart in lêzing hâlde oer dit ûnderwerp.
Yn Tresoar yn Ljouwert
Ik haw mij opjûn....



woensdag 4 maart 2015

Scumbash 2015



28 febrewaris 2015
Scumbash
Rotterdam
"One day of pure Goddamn rock & Roll"
en dat wie it ek!

Fan middeis goed ien oere oant nachts ien oere
18 bands
fan punk oant rock& roll
fan garaazjerock oant rockabilly
4000 besikers
mei allegear harren eigen identiteit
te sjen
oan it hier
oan it burd
oan de klean
oan de tattoos
oan de skuon

wat in sfear
wat in muzyk
wat in feest
wat in dei

sjoch hjir foar wat foto's

sjoch hjir foar in resinsje en hjir




maandag 2 maart 2015

Kening fan de greide



Wij kinne de skriezen wer folge.
Underweis nei ús omkriten
skriezen mei gps sinderkes.

grappich
ien fan de skriezen hjit Wommels

Wylst skries Amalia al yn Frankryk is
bliuwt Wommels wat efter

dy sit noch yn Guinea-Bissau.
jim kinne se folge
sjoch op de kaart
zoom yn en sykje ús favorite skries Wommels


Sjoch op dizze kaart

donderdag 26 februari 2015

Werom sjen en foarút tinke


Okkerlêsten in stik skreaun oer it fytsen dat yn de LC stie.

Ek de wepside fan de Fryske Fytserbûn pleatste it berjocht en pleatste boppesteande foto der bij.

Moaie herinnering oan ús fytstocht nei Ingelân wêr't dochter Anne-Marije doe wurke.

Yn in wike hinne en werom nei in plakje yn de buert fan Londen.

Moai foarútsjoch ek wer, no't de maaitiid en de simmer der wer oankomme.



woensdag 25 februari 2015

24 febrewaris

24 febrewaris 1978
der lei wat iis
yn de fearten
ûnbetrouber
jûns wie it mistich,
wat sis ik
it siet potticht
de brulloftsgasten hiene muoite,
grutte muoite
om Piaam te finen
Nynkepleats
ús troufeestlokaasje

24 febrewaris 2015
nij libben
dochter Hildau befalt
in soan
wat in feest
in pake- en beppesizzer der by

24 febrewaris
de troudei ferjitte?
nee, no net mear
maklik te ûnthâlden
de dei dat Roan berne is

PS: de sokken binne fan de Fryske flagge
en hawwe gjin inkele ferwizing
nei in fuotbalklup

maandag 23 februari 2015

Tsjûkemar om

Moandei 23 febrewaris
in stevige wyn mar droech,
it sintsje der bij,
fytswaar dus
Healwei Top en Twel  en de Jouwer de auto delsetten

It fytspaad lâns de Skarsterrien

Grappich: in pipi wein mei de namme
krûpelhintsje  (lieveheersbeestje)


it thús front mocht fia de Whatsapp
wer riede wêr't wij wiene



Yn Skarsterbrêge rekke Jellie noch efkes oan de praat
mei de bwenner fan it hús wêr't se jieeren wenne ha.
"Rounom wyn "stiet der doe ek al op en dat wie no ek noch sa

De dyk tusken TopenTwel en de Jouwer wie offisjeel ticht
 fanwege in omhakken fan wol in hiel soad grutte beammen

In moaie 45 kilometer....

Wat foto's

Soms sjogge je leuke dingen yn boekjes, op ynternet  of meitsje ik sels in foto. 

In keunstwurk fan fûgels....




breawinning foar in boer en duorsume enersjy

sykje it mantsje.....

sa simpel en dan sa'n grappich in keunstwurkje....

zondag 22 februari 2015

Romein


Dêr wiene se wer
Physical Grafitti 
dy geweldige tributeband fan Led Zeppelin
yn de moaiste seal fan Fryslân sa't se sels seine
en wêr't ik it folsein mei ien bin

Ik seach se no foar de tredde kear
en it  wie wer better

Wat in  moaie jûn 
yn Romein
mei allegear genietsjende minsken
âld foaral mar ek jong
mei helaas wol wer in hânfal irritante praters
dy't noch altyd net witte dat
"Gij zult luisteren"
it earste gebod is

Njoggen oere gie it los
en om tsien oer alven begongen se oan de tajefte
sûnder skoft twa oeren spile
dy tajefte haw ik mist
Arriva fynt dat 23.21 in moaie tiid is
om de bus rjochting Wommels te stjoeren

Mar ek sûnder tajefte
in tige slagge jûn.


vrijdag 20 februari 2015

In logo en in pompeblêd



It liket sa aardich
in Fryske flagge
mei it Feyenoord logo

it pompeblêd
en it logo
sitte beide yn myn hert

treurich wurd ik
at dizze flagge foarop in krante sjoch
yn Italie
mei as kop
"Nederlandse beesten"

ik skamje my
foar dizze lju dy't
Feyenoord en Fryslân
yn in kwea deiljocht set hawwe

oppakke sokke lju
en dêr mar in moai skoft hâlde....



dinsdag 17 februari 2015

In streekderby

Kommende sneon

SDS 1 moat tsjin Nijland 1
in streekderby
krekt as SDS-sc Bolsward
krekt as SDS- Mulier
krekt as SDS- Scharnegoutum
(wannear soe dat wer ris plak fine, Marco?)
mar
SDS - Nijland
dat is krekt efkes mear as in streekderby,
hoe dat kin?
it is mij net dúdlik

meastentiids is der wol wat gedoch
wat stikjes, wat grapkes
fan te foaren
de wedstriid falt meast tsjin
net ferlieze is faak it doel
der wiene jierren
dat SDS wat mear wûn of wat heger fuotballe
de lêste jierren is Nijland wat better
wûn ek fertsjinne yn Easterein

Dy derby
wêr't wij wer nei út sjogge
dy is sneon
yn Nijlân
wij hoopje op in iepen wedstriid
mei in soad doelpunten
mei in soad publyk
en at de beste mar winne mei
en fansels hoop ik dat dat SDS is

Wol spitich dat de skriuwer fan Nijland it op foar hân al oars sjocht
hij skriuwt it ûndersteande yn it ferslach fan Bant 1- Nijland 1






zondag 15 februari 2015

Cambuur-Heerenveen

Wol wat sneu hjoed
foar al dy Heerenveen fans
gong it sa lekker de lêste wiken
mei leuk fuotbal goeie resultaten helje

en dan moatte je tsjin Cambuur
ja Cambuur
yn Ljouwert
wêr't it de lêste wiken net sa goed mei giet

Yn 8 minuten hat Cambuur se ferslein
8 minuten
in rekôr tiid.
de oare 83 minuten hawwe se it lekker spannend holden

Jûn de plakboeken  mar efkes troch
sykje om myn earste Cambuur- Heerenveen


1970
27 septimber
sc Cambuur - Heerenveen
skiedsrjochter Beck
einstân 0-1
Cambuur mei Nasman, Derksen, Lippold, Spindelaar, Weering Vlietstra, Zuidema, de Jonge, Alma, Eijer en de Groot



op dy selde bledside yn it boek
stiet in foto
fan Jan Boezeroen
sil dy selde jûns wol yn Jirnsum west ha
in goed plak om dy nederlaach
te "fieren"






vrijdag 13 februari 2015

Bij dat brêchje

Wol tûzen kear bin ik der lâns fytst
hûnderten kearen oer hinne fyts
lêsten bleau ik der efkes op stean
om wat foto's  te meitsjen 
fan in heal beferzen feart

en doe tocht ik: 
hjir wie it
op dit plak 
yn 1961


.



woensdag 11 februari 2015

Makkum

It is snein
in frisse noas helje
moarns op de lisfyts
rûntsje Tsjom Slachtedyk Lollum
mei in hurde noardenwyn

Middeis nei Makkum
rinne nei de Holle Poarte

de rêst yn it Iselmar
de rêst op it wetter
de rêst op en bij it strân

de lekker honger
de kibbeling

bij Hoek's 

it wie bêst genôch

de ferbazing
at je oer it yndustry terrein rinne
alles hat te krijen mei boaten

Oeral boaten ...wat in kapitaal leit dêr
weelde nim ik dat

PS : ik ha neat mei boaten




It is net altyd wat it liket


moaie print!

wij kinne it allegear wol
dat it betiden neat liket
en tige tafalt
of dat it hiel wat liket
en neat is

dy bûtenkant
dy't oars is as de ynhâld


zondag 8 februari 2015

Vodden en Drek

It is wat mei V&D, se rêde it miskien wol net op
V&D, dy "deftige" winkel
dy't yn it rychje C&A en de Hema past
Tiden binne feroare,  minsken binne feroare
mar V& D feroare net of te let

Myn herinneringen oan V&D?


Fansels: de roltreppen,
yn myn herinnering de earste winkel
dêr't je gebrûk makken fan in roltreppen
om boppe te kommen,
en wer ûnder
ferplicht ek noch wol

V& D
dat wie Vodden en Drek

V&D wêr't alles te keap wie
yn de goeie tiid, sels platen en cd's

V&D yn Ljouwert
at it hurd reinde wie dat it ideale paad
fan it Saailân nei de Nijstêd
Efkes droech en  efkes yn de waarmte














V&D de winkel mei dy freeslike luchtsje lucht
at je der ynkomme
dy lucht dy't der bij mij foar soarget dat ik der hiel hurd wer út wol

Winkelje is net myn ding
Mar V&D is seker net myn type winkel

De lêste kear dat ik der wat kocht ha,
is sa'n dik jier lyn
It wie yn feite bij Dixons dy't ûnderdak fûn hat
yn dat grutte gebou yn Ljouwert

In hurde skiif
ôfrekkene, sa't it heart
troch pypsinjaal bij útgong oanholden



Sorry, sei de bewaker
ferkeaper hat befeiligingsdinkje der net úthelle.
Sorry, foar jim allegear
tocht ik,
Ik keapje hjir nea wer wat





V&D ticht
sneu foar al dy minsken dy't dêr harren brea fertsjinje
mar mear ek net.
V&D ticht
der binne gelokkich oare winkels
wêr't it net sa stjonkt








vrijdag 6 februari 2015

Iisbaan

At it der immen fan it keninklike hús syn of har jierdei hat
(en dat bart hiel faak)
dan stiet yn Wommels de flagge op de toer.
at de iisbaan yn Wommels iepen is
dan hinget de flagge dêr út
dan is it dúdlik foar elkenien
en it is fansels feest
suver mear feest as at der immen fan Oranje de jierdei hat
winterwille!
hoe faak yn it jier?

Fannemoarn stie ik bij de iisbaan
efter it stek en efter de hikke
en rekken hâldend bij de tekst op it boerd
"Verboden Toegang, artikel ensf.

In iisbaan
it is in lestich ferhaal
it is sa moai dat er der is
at it winter is en at der riden wurde kin
it wurd "winterwille" sil hjirtroch ûntstien wêze
tinkt mij

Mei it sicht op de iisbaan
mei syn moaie opkreaze ljochtpeallen
begjin ik te deidreamen oer ús sêfte winters:
ik fiel gjin winter
ik sjoch gjin wetter
ik sjoch gjin  iis
mar yn it skynsel fan it ljocht
sjoch ik se draven

al dy hurdravers fan Wommels
yn groepkes of allinne
mei kleurige en fleuirge jaskes
feilich op in moai parkoer
tagonglik foar elkenien
bij tsjuster waar

dravers
sûnder ljochtjes
en sûnder hesjes








woensdag 4 februari 2015

Winter fytstochtje


4  febrewaris
in winterdei sûnder froast
mei in hearlike sinne.


lizze op de fyts:

snein gjin winter 11 stêden tocht foar mij
200 is te fier
hjoed de 13 lytsedoarpen-buorskippentocht
32 km moai genôh
Iens

Weakens
Littens
Wieuwens
Skrins
Hinnaard
Itens
Rien
Greate Wierum
Reahûs
de Kliuw
Hartwert
Burchwert


Tongbrekker


In lekkere tongbrekker:

Op it Snitser skip,
dêr stie in skries,
dy't mei de bek it spek fan it spit ôfsnie
en der wie gjinien,
snip noch skries,
dy't him dat neidie;
 dy't mei de bek
 it spek fan't spit ôfsnie

zondag 1 februari 2015

Reade wikel


Wist it noch Pyt Postma?
1985
do hiest in fûgel opdien
in deade fûgel
dy moast opstoppe wurde
 yn Ljouwert
bij J de Jong

ik wurke yn Ljouwert
en woe him dêr wol bringe
dat sparre dij in reis út

Wist it noch
foar it ferfier moast plysje Jaarsma yn aksje komme
de opperwachtmeester der Rijkspolitie
foar in ferfiersfergunning C2
dy moast ik bij mij ha
yn de bus
op de Nijstêd
foar it gefal at se mij oanholden
foardat ik bij de St Jacobsstraat wie

Wist it noch?
Ik soe freegjewolle:
 libbet er ek noch?
mar dat klinkt wat raar

dan freegje ik mar
is hij de der noch
dy reade wikel
fan 1985


Bûten de piste

Sneintemoarn 1 febrewaris
It NU nijs besjen
Griekenlân bliuwt dwers,
yn Amsterdam wer ien deasketten
Justin Timberlake en Jessica Biel ferwachtsje in berntsje
(gjin idee wa't dit binne)
FC Twente ferslacht Cambuur troch doelpunt Ebecilio yn  blessuretiid

en

Zeven skiërs omgekomen door lawine in Alpen

Door lawines in de Oostenrijkse en Zwitserse Alpen zijn zaterdag zeven skiërs om het leven gekomen.
Een groep van negen mensen was buiten de piste aan het skiën in de buurt van het Zwitserse plaatsje Vilan, toen een lawine ontstond en die zeven van hen greep.

Drie van hen werden dood onder de sneeuw vandaan gehaald, één persoon overleed in het ziekenhuis. De andere drie raakten zwaargewond. D

Bij lawines in de buurt van de Zwitserse dorpen Mürren en Adelboden kwamen twee skiërs om het leven. Ook zij waren buiten de piste gegaan.
Dat gold eveneens voor een wintersporter in Oostenrijk, die gedood werd door een lawine bij het plaatsje Damüls.



Sokke berjochten steane dizze winter wol hiel faak yn de krante,
te faak
Altyd in gewoan lyts stikje.
Sûnder in skreauwende kop as in soarte fan warskôging
nee, gewoan as in feit...

Utsein at it om in prins of in autoreser is.

Bûten de piste skye dat
moat echt ferbean wurde.
krekt as fytse op de A7
en sile yn it Panamakanaal




maandag 26 januari 2015

Geert en Demis

Geert
Al wiken in tophit op twitter
Geert
ik toch fan Wilders
gjin oandacht oanjûn
want sa'n man moatte je gjin oandacht jaan

Geert
fannemoarn waard mij iets dúdlik
op it wurk
bij de kofje
it wie Geert foar
en it wie Geert nei.
foaral dat lêste
swiere emoasjes bij myn kollega's
hurde wurden foar Geert
fan de froulike kollega's
Geert derút
Geert hitsich
Geert geile bok

Geert bliuwt noch wol efkes in hit op twitter
en op moandei it ûnderwerp fan petear
dêr kin sels gjin Ajax- Feyenoord tsjin op

Moandeis mar wat koarter skoft hâlde.

Demis
De moandei rint tsjin de ein
as bekend wurdt dat Demis Roussos RIP is
ik sjoch dat dy 68 jier wurden is.
Frjemd
sa't ik him kin
as sjonger fan eardere swietsêfte hits
wie hij altyd al 68 jier.
Altyd âld foar syn leeftyd
en net âld wurden dus.







woensdag 21 januari 2015

40 jier lyn - 1






































Sa no en dan sil ik efkes weromsjen yn de tiid.
Oan de hân fan plak- en fotoboeken
40 jier lyn is it útgongspunt

Jannewaris 1975
de plicht ropt
lichting 1975-1
it leger yn

Op 4 jannewaris 1975 moat ik mij melde
yn de Isabella kazerne yn Den Bosch
foar in earste oplieding:

hoe poets je skuon..
wannear moat de baret op....
hoe tear je klean op mesbreedte.....
hoe helje in Uzi útelkoar.......
hoe set je dat ding yn fredesnamme wer ynelkoar.....
hoe lis ik in knoop yn de strik
hoe kin ik mij wat drukke sûnder problemen te krijen
hoe krij ik myn begjinnend burdsje yn  in luchtmasker,
sûnder dat it lekt

en foaral
hoe kom ik freedtemiddei nei it lêste appel sa gau mooglik wer op de Kliuw
en hoe kin ik sneintejûn sa let mooglik fan de Kliuw wer nei Den Bosch ta.


Sa'n 8 wiken lang haw ik dêr sitten
in oplieding foar in funksje op in administraasje
ik wit der net folle mear fan
it oerkomt je allegear
mei lotgenoaten

.

zondag 18 januari 2015

Al hast trije pleagen

Neffens it boek Eksodus hawwe der 10 pleagen west yn Egypte,
oplein troch God omdat de Farao it folk Israel net gean litte woe.
10 pleagen en dan moatte jim tinke oan: kikkers, lúzen, miggen, feepest, sprinkhoannen, sweren, heilstiennen, tsjusterens, wetter wurdt bloed en dea.
Net tagelyk mar om bar.

Ik tocht hjir oan doe't ik de reaksjes op twitter seach
oer it ferbot op ljipaaisykje.
it is in folsleine ramp neffens guon
it is hast de ein fan it libben fan de ljip
hast noch slimmer as de oarloch en geweld

It is mar hoe lyts of hoe grut je de dingen sjogge
at ik it werom bring nei Fryslân
dan hawwe wij dit jier al twa rampen hân en de tredde sit er oan te kommen

Ramp 1
Mûzen, mûzen en noch mear mûzen yn Fryslân
Hiele stikken lân wurde keal, omdat mûzen de woartels fan it gers op frette.
Foar boeren in ramp
foar leanbedriuwen net.....

Ramp 2
Ljipaaien meie net mear meinommen wurde.
Dat is wat oars as net mear aaisykjen,
mar dat ferskil is min te meitsjen
foar de aaisikers in ramp
foar Faunabehear net.......

Ramp 3 (kommende wei)
Dat er dizze winter wer gjin alvetstêdentocht komt is in ramp
foar al dy tûzenen leden dy't al earder meidiene en graach wer sa'n belibbenis meimeitsje wolle
en ek foar al dy tûzenen dy't troch it nije systeem tochten dat se meidwaan koene
ek in ramp foar de horeka dy't al jierren hoopje




vrijdag 16 januari 2015

Fakansjebeurs


Dêr sit se dan op de fakânsjebeurs yn Utert
in beursbabe bij de helpdesk foaroan op de stend
op de rêch sjoen troch in beursman
yn it hoekje hast ûnder de beam
Beide binne  woansdei fêst ynflein fanút Kingdom of Lesotho
nei Utert foar 5 beursdagen
dêr  hiene sij fêst noch nea fan heard

Ik hie te dwaan mei harren
Kingdom of Lesotho
Ik koe it net foar de geast krije
wêr't it leit
dat it yn it wrâlddiel Afrika leit wit ik
allinne omdat ik yn de Afrikahal bin

Kingdom of Lesotho
de rêstichste stend op de beurs
tusken
dy oerdreaune en ropperige lannen
dy gledde ferkeappraatsje mannen
dy freonlik laitsjende froulju
dy tatoe mannen mei harren stoere motors dy't ús Amearika ynprate wolle
dy aardige Belg dy't op it ferkearde momint Belgie oanpriizget
dy Italiaan, dy't earlik tajout dat hij fytse yn Italie wol wat gefaarlik fynt

Kingdom of Lesotho
wij gean der net hinne
mar as earbetoan oan dizze twa minsken
haw ik it mar efkes opsocht
wêr't it krekt is

Ik hoop dat sy it noch lekker drok hân hat
en dat sels hij yn aksje kommen is..

It folksliet?   dat klinkt sa ûngefear..



donderdag 15 januari 2015

10 geboden

De 10 geboden steane yn de Bibel.
Exodus 20 at ik it goed ha
Elkenien kin se.
Se wurde regelmjittich oertreden.
Mar moai dat se der binne.

Yn de LC ferline de 10 geboden foar konserten.
Dy wurde ek oertreden.
mar miskien omdat se net sa bekend binne
Dêrom de trije wichtichste :
it earste, it sânde en it achtste gebod



dinsdag 13 januari 2015

Bijsûnder treffen

Yn 1960 kaam ik op de Herfoarme legere skoalle
yn in klas mei 4 famkes en noch ien jonge
dy iene jonge wie Sjoerd Tilkema
syn heit wie gemeentesiktaris
sij wennen op de van Sminealeane

yn 1962 wurdt Tilkema boargemaster yn Oldemarkt
Sjoerd ferhúzet nei Oerissel
ik bliuw as ienige jonge oer yn de klas.

Sjoerd komt in simmer letter noch in kear útfanhûs
en ik útferhûzje ek in kear bij him yn Oldemarkt

dan is it oer.
elk giet syn wei en nea wer wat heard fan Sjoerd

Oant novimber 2014
stiet er foar de doar
want hij wie yn  de buert
bin net thús mar fia snútboek sykje ik kontakt
hij wennet yn Grins en wij wolle elkoar in kear treffe

sneontemoarn belle hij
bist thús fannnemiddei
ja dus

Aldeloere hawwe wij wat sitten te praten
oer syn en myn libbensrin
oer syn herinneringen oan Wommels

Wij treffe elkoar letter wer ris
dan dogge wij in slach troch Wommels
miskien dat hij dan noch mear herinnerje kin

Doe't hij fuort wie, skeat mij dy prachtige anekdoate te binnen oer Terp


De Terp wie net altyd sa'n frije romte as no.
der wie in tiid dan meande Harke Kamstra de Terp
dan wie it net handich dat wij it gers fertrapen troch der op de fuotbaljen.
it wie yn de simmerfakansje
dat Sjoerd Tilkema bij ús útfanhús wie
wij fuotballen op de Terp
Sjoerd stie op it doel, dat it tichtst bij de brêge is
hij stiet mei de rêch nei de brêge ta

dan komt it hynder en de wein oansetten mei Kamstra
wij sjogge dat en witte dat we fuortwêze moatte
Sjoerd stiet er mei de rêch nei ta
en hat neat yn de gaten

dêr komt Kamstra oan,
tjirje en it mâl opsizze.
en hij jout Sjoerd in skop ûnder de kont
opsoademiterje, sille de begeliedende wurden west ha.

Sjoerd bliuwt stean en jocht Kamstra oan
"mar ik bin de soan fan de boargemaster"

"of wiest de soan fan de keninjinne
opsoademiterje "

Ek dizze foto stiet op facebook/wommels.
Efterop it hynder sit Sjoerd Tilkema.....




maandag 12 januari 2015

Pizza

Crosse troch de pizza  (út Vogelvrijefietser)

zaterdag 10 januari 2015

Punk

De bus bringt ús in Ljouwert
ús dat binne Pieter Jan en ik,
foar dizze jûn muzykmaten

De Blokhúspoarte
mei yt en drinkkafe "De Bak"
ús earste bierke
Grolsch

noch efkes om ús hinne sjen
bûten
foardat it begjint

en dan
sjoch......
dêr stiet er
goedkeape basketbal pet op
sigretsje yn de hân en tusken de lippen
teasjurt mei de tekst " how to survive a bearattack"
in burdsje fan trije dagen
in wide spikerbroek
koartsein
in strjitjonge
in punker
Tim Knol

The Homesick setten de toan dizze jûn
stevich en hurd
The Black Cult
noch wat punkiger en hurder
hielendal top

en doe Miseres mei
dy punker Knol
neat mis mei
15 nûmers  yn 35 minuten
dat is punk
dat wie Asteriks
op dizze moaie freedtejûn




ús toppers wiene the Black Cult

vrijdag 9 januari 2015

Spotte

Ik bin Herfoarme opfieden
dat skriuwe je mei in haadletter
alteast dat wie altiten sa.

In Herfoarme opfieding
wat is dat no krekt?
Wie ik herfoarme omdat ik
mei wille nei de Herfoarme legere skoalle gie?
mei tsjinsin nei de Herfoarme kategisaasje gie?
ûnder druk nei de Herfoarme tsjerke moast ?

Thús waard der wol praten oer de tsjerke
oer de dûmny
oer de minsken dy't er wiene
en foaral dy't er net wiene
Fierder kaam it net
it giet net oer de preek
it gie net oer it leauwen
it gie net oer de ynhâld

de tsjerke wie hillich
nee, gjin kwea wurd oer de tsjerke
yn dy geast waarden wij grut
en Herfoarmd

yn dy ein jierren 60, begjin jierren 70
groeide ik op as puber
ik hold fan de flower-power en fan it protest
Boudewijn de Groot, Bob Dylan, Donovan
de opkomst fan Bram en Freek mei Neerlands Hoop
ik kocht der sels elpees fan
it gie my net gau mâl genôch
dy krityske lûden, dy satire, dy spot...
hast alles kin der bij mij op troch
hast
twa dingen net
spot mei de tsjerke
spot mei it leauwen
dêr hie ik argewaasje oan
dêr haw ik noch argewaasje oan
doe en no noch
der hat him op ien of oare wize iets yn mij nestele.

ik bin noch altiten Herfoarmd
op papier
en mei in symboalyske jildlike bijdrage
want dat ferline sit yn mij
en foar de dúdlikens: it sit mij net dwers
dy Herfoarme opfieding

 ik bin no foaral fan de ynhâld
mar ek fan de spot
de selspot
dat fielt better
en dan is der yn alle gefallen ien dy't it leuk fynt

..





Wat ik ek leuk fyn is it nûmer David Ford fan State of the Union.
It's a shame...we are lost....it's a shame....we are lost
wat in emoasje....






woensdag 7 januari 2015

ID

Mij heare jim net kleien
oer ús gemeente;
Littenseradiel
In goeie organisaasje
dy't er foar de boargers is
en net oarsom

2018 dan gean wij oer,
wurde wij ûnderdiel
fan dy fierstentegrutte gemeente
yn de Súdwesthoeke

moat ik dan in nije ID kaart ha
sil ik nei Snits of Boalsert reizgje
earst bij de fotograaf lâns
wachtsje op myn beurt
en foto's meitsje litte dy't foldogge oan...
en dan nei it gemeentehûs
in nûmmerke lûke
wachtsje
op njoggen nûmmerkes foar mij

Ik sil mei "Goedemorgen meneer"
oansprutsen wurde
en nei wat gedoch en wer wachtsje
sil ik úteinlik in kaart krije.
de helft fan de moarn kwyt

Nije wike is myn ID kaart ôfrûn
hjoed dus nei it gemeentehûs
9.14 oere

"Goeiemoarn"
foardat ik mij efkes deljaan kin
bij it kofjehoekje/lêstaffeltsje
 bin ik al oan bar
"Gjin foto? Twadde doar lofts"
"Yn de kamera sjen,
mûle ticht en laitsje mei"

Yn noch gjin njoggen minuten
stean ik wer bûten
mei 5 ekstra pasfoto's
en de meidieling
"nije wike woansdei is der klear"
myn nije ID kaart
10 jier jildich

2025
ik moat der noch mar net oantinke
oan dy reis nei Snits of Boalsert.





zondag 4 januari 2015

Time to drink water


Wetter drinke dat is goed foar de lea
dat hear ik faak en dat lês ik ek in soad

wetter drinke is yn
en ek ik doch dêr oan mei.
altyd kâld wetter yn de kuolkast
altyd in folle wetterbidon op de fyts
meast wetterfleske op it buro
thús of op it wurk

ik doch myn bêst mar drink te min
tink ik.....

okkerdei seach ik in nijsgjirrige app
de "app fan de dei"
om del te heljen

dat haw ik dien
myn persoanlike help app om genôch te drinken.

Mei 92 kilo moat ik hiel wat drinke
seit dy app
3,4 liter per dei mar leafst

Moarns 7 oere begjint myn dei.
ping...ping
"time to drink water" seit de tillefoan
ik doch it
twa glêzen fan 200 ml.
noch 3 liter te gean
seit dat ding

9 oere
ping ...ping
"time to drink water"

jim begripe it
ik haw in app nedich
om 3,4 liter per dei nei binnen te krijen

handich sa'n ding....
ik haw him al op 2,4 liter setten
nei trije dagen al
ik waard der gek fan

gek fan al dat pisjen