It doarpsfeest is wer foarbij. Fan tongersdei oant sneon wie it feest yn Wommels. Ik haw al te folle doarpsfeesten yn Wommels meimakke. Ik bin foar al jieeren foarsjoen. Dat klinkt better as "it kin mij neat skele".
Ik haw sjoen dat de Terp aardich fol stie. Alles wie tichtboud mei attraksjes, tinten, skudden ensafuorthinne.
Ik haw net op de grutte Terp west. Wol op de lytse. Dêr stie in wein mei oaljekoeken. Dy selde stiet der sa'n 50 jier lyn ek al doe't ús mem in pûde fol helle. No koene wij mei twa appelbollen ta. Myn feest dus.
En ik haw noch efkes bij de fûgelsjo sjoen. Dy wie op it sportfjild. In aardichheid om te sjen. In oaljekoek en wat fûgels...it wie in tige slagge feest.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten