Wij binne ek al moai wat knuffels kwyt. Ik soe hast sizze wolle de sterken bliuwe oer, mar dat is net sa. Bij ús is Piter oerbleaun. At dy sterk is wit ik net mar it is gewoan in prachtige knuffel dy't al dik oer de 30 is tink ik sa.
Hij hat gjin lebel fan "makke yn Taiwan of Sjina" oan de kont of de kraach hingjen. Gjin idee wêr't hy wei komt, hoe wij der oankaam binne.
Piter hat lang op souder lein. Wol yn sicht mar toch ......op souder.
Doe't ús pake- en beppesizzer Jelske bij ús útfanhûs kaam hawwe wij him op de trepleuning hongen.
"Hoi Piter", sizze wij at wij nei boppen gean mei Jelske. Earst fûn se mar neat mar it is no har grutte freon. Pake en beppe hawwe der in flinke konkurrint bij.
Piter libbet net allinne at Jelske der is. It is sels al sa fier dat ik ek sûnder Jelske "dag Piter" sis at ik bij him lâns rin.
Yn de tiid dat it opkaam dat je fan in foto in puzzel meitsje litte koene, hawwe wij dat ek dien. Piter foar ivich fêstlein. Dy 12 stikken sieten yn in segaredoaske wat ek op souder lei.
Us Piter mei syn Piter |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten