Om wat in sitflak te krijen op in bukfyts, om de fytsbroek út te prebearjen en om hurde wyn te trotsearjen haw ik sneontemoarn bij in fûle noardwestenwyn Warns- Wommels fytst. Yn Warns miende ik noch lâns de kust te gean, mar op it lêste momint betocht ik mij. Troch Gaasterlân wie miskien wol sa aardich. In goeie kar, want nei in kilometer as 5 kaam ik bij Murns lâns. Yn Murns stiet in klokkestoel mei tsjerkhôf en dêr kin ik net samar oan foarbij gean. Efkes de rêst priuwe op it tsjerkhôf, in slach om de grêven hinne en wat foto's meitsje fan ek no wer in bysûndere klokkestoel.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten