dinsdag 20 september 2011

Seis en ien is sân

Helaas binne der bij alle sporten strafkommisjes nedich. Dat kinne maklike kluskes wêze mar it kinne ek drege oerwagingen wurde.
Foar in strafkommisje fan de KNVB, dy't him dwaande hâld mei it betelle fuotballe is it yn prinsipe maklik. Fan alle saken dy't foarkomme binne bylden foar hannen. Der kin fanút alle hoeken en hennen sjoen wurde mei beweegjende en stilsteande bylden wat der no krekt oan de hân wie. Boppedat binne der tal fan sjoernalisten en analisten op tv west dy't harren ljocht der ek oer skine litten hawwe.
Dêrneist is it mooglik om de totale sfear fan de wedstriid te fielen en de bewuste oertreding ôf te setten tsjin oare oertredings en waarnimmingen fan it fjouwertal skiedsrjochters.
Bij it amateurfuotbal leit soks oars.

Ik stel mij efkes foar dat ik kommisjelid bin fan sa'n strafkommisje bij de KNVB ôfdieling Noard. It is moandeitemiddei en oer in oerke moat ik op it buro fan de bûn wêze. Kin noch moai de LC efkes trochlêze, want dêr kom ik meast al wat nammen tsjin fan dieders en misdiedigers dy't jûn in dossier ha.
Ah, dat is moai, de Lc helpt ús al aardich. Moai stik fan dy ferslachjouwer oer Heerenveense Boys 1 - SDS 1. Giet net oer de wedstriid oer it spul mar oer ûntefreden supporters en te hege ferwachtingen bij de Boys. En it giet in bytsje oer SDS. Reade kaart foar spiler Sjaarda.
Set dy ferslachjouwer der efkes kreas op papier in "dom, dom, dom" feroardieling bij. Dat wurdt seker in koade boppe de 21. Koades boppe de 21 dat binne de echte saken :"gewelddadige handelingen en ernstig gemeen spel".

Noch gau efkes sjen at der noch oare saken west ha yn dy wedstriid en at de ferslachjouwer ek in oardiel hat oer de skiedsrjochter yn it algemien. Want sa'n man kin fansels ek in strieminne dei hân hawwe en at soks der bij stiet dan wolle wij it noch wolris relativeare.

At wij de jûns as strafkommisje bijelkoar sitte, dan fleane wij troch de dossiers hinne. Hiel efkes hawwe wij it oer dossier 1429532: de hear D.Y. Sjaarda - oertreding: koade VE-25 A.
Gjin fersêftende omstannichheden.
Nee, wij witte neat fan it feit dat dizze selde skiedsrjochter in slaande of neiskoppende Boys spiler sparre foar in reade kaart (fan hearren en sizzen wiene syn wurden : net wer dwaan jonge). Wij witte net dat it mar in licht tikje wie en dat sels immen fan de Boys nei de kantine yn Easterein de tuskenstân trochjoech en gelyk sei dat it wol wat swier straft wie mei read. Nee, wij hawwe net heard dat sels de âdste supporter bij SDS him net in wedstriid yn it sin krije koe dat se ea sa'n minne, partijdige skeids hân hawwe.
Dus wat sille wij dwaan mei sa'n domme, domme domme oertreding neffens de LC?
De dobbelstien efkes smite: sjit, in ien!
Dan noch mar in kear: seis, dat is better!
Seis en ien is noch altiten sân. Want wij moatte wol earlik bliuwe.
7 wedstriden dus.

Tefreden gean ik nei hûs.

1 opmerking:

Tsjalling Sikma zei

Mooi stukje Aant!
Belachelijk zo'n straf!Hij kon wel iemand kapot hebben geschopt!