vrijdag 9 september 2011

Ophysje en delbêdzje

Graach net oan oaren fertelle en seker net oan de skriuwster. Ik haw "Ophysje en delbêdzje" lêzen. In boek fan Wieke de Haan.
"Ferhaleboek foar froulju" stiet op it kaft.
En dêr haw ik mij net oanholden. Wat bin ik bliid dat de byb selbetsjinning hat. Mei al dy froulju efter de baly hie it oars in dreech kerwei wurden. Ik hie wol in leagentsje dwaan kind (it is foar de frou) mar tefolle lige is net myn ding. Sels skenne dus en sa koe ik ûngemurken it boekje meinimme.
In moai boekje moat ik sizze. Moai skreaune ferhalen oer de gewoane dingen yn it libben. En mei ferbazing mocht ik konstateare dat der ek mânlju yn de ferhalen foarkomme.
En mannen, ik kin jim sizze, wij wurde net ferkeard delsetten. Wij hawwe gjin prominente rol yn it boek (dat kin ek net altiten) mar yn bepaalde ferhalen binne wij wol ûnmisber om der in goed ferhaal fan te meitsjen.
Ik haw de 28 ferhalen út en sil besykje it wer ûngemurken yn de byb te krijen.
Moai dat it yn de bûse kin.
En mochten jim tinke dat ik gjin krityske kanttekeningen ha, dan ha jim it mis. Mar it stiet in man net om dat te uterjen, want it is op lêst in boek foar froulju.

Geen opmerkingen: