zondag 30 januari 2011

Bloed op snein

It is hjoed 30 jannewaris. Dat falt dit jier op snein. Dat wie 39 jier ek sa. 30 jannewaris 1972. Bloody Sunday. De Britten dy't Ieren deasketten. Minsken deasjitte omdat se demonstreare. Minsken sûnder wapens. Dy Ingelsen moatte alle jierren goed herinnere wurde oan dizze dei. In swarte bledside opnimme yn it skeidnisboek. Fol skreaun mei eksuses oan de âlders en famylje fan dy 14 meast jonge minsken.
U2 (de Ieren) makke der in hit oer: Sunday Bloody Sunday, mar ek John Lennon (in Ingelsman) liet protest heare. En ta eintsjebeslút in filmke fan Paul mc Cartney wêr't hij besjongt hoe't it wêze soe at the Beatles Ieren west wiene.






1 opmerking:

Martsje de Jong zei

Hast ea de film Michael Collins sjoen? Ik ha him yn Grins sjoen, mei in stikmennich Ierske freonen. In oanrieder. Ierlân is in moai lân, ik ha der in skoft omhúsmanne, mar de bloody sunday libbet dêr noch as in hert...