dy't hawwe wol allegear âlde gebouen besjoen
yn Rome
en noch nea in konsert bijwenne yn Romein
yn Ljouwert
Bij mij leit it oars
ik reizgje leaver regelmjittich 24 kilometer
om in konsert yn Romein bij te wenjen
En dat kin no noch
noch 22 dagen dan is it dien
Romein ticht,
Neushoorn iepen
Ik hie al moaie herinneringen oan Romein
sûnt juster in nije moaie herinnering
oan wierskynlik it lêste konsert
fan mij dêr
Circle J
út Utert
the Real McKenzies
út Skotlân
Wat in hearlike jûn
mei de prachtige folkrock fan Circle J
mei in soad fariaasje yn besetting
en lekker melodieuze folkrock
mei de strielstrakke punkrock
fan de Skotten
dy't er ynkletsten mei
in lillepypkebonge
trije gitaren
slachreau
en in sjonger
dy't alles en elkenien yn syn besnijing krige
wat in keardel
hij die of stiene der 5000 man
te dûnsje, te springen, te punken
it wiene der noch gjin 100
mar dat seach hij net...
Circle J |
Mannen yn rokken it bliuwt in aardichheid om nei te sjen |
as onatinken oan de lêste jûn Romein |
in sjurt fan the Real McKenzies |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten