Tradisjonieler as Pinkstermoandei is der hast net.
Jellie fytst de 11 en ik fyts de 2.
Dy iene is Frjentsjer,
dêr gean ik hinne út tradysje,
en om wat sosjale kontakten te ûnderhâlden
bij it keatsen.
sa as mei túnman Evert
boargemaster Fred
broer Lolke
Geert Feyenoord
en
wat Ajakkus supporters dy't minne herinneringen ophelje wolle
en fersocht wurde gau troch te rinnen.
Fierders besykje ik de spanning fan it keatsen te finen
dy't oaren wol fûn hawwe.
Ik keutelje fan fjild A nei D
en fan B nei C
en nim it waar
mear net
ik hâld it dizze kear wer fol
oant in oere as twa
tradisjoniel is it dan oer mei myn belangstelling
werom bij Kramershoeke
kom ik tradisjoniel yn de lange rige fytsers telâne
it jout 300 meter,
in bocht,
en noch 300 meter
it gefoel dat ik ek in bytsje meidien ha
mar wylst de fytsers rjocht troch gean nei Kûbaard
fyts ik op hûs oan
pak ik thús in boek
en ferdjipje mij yn it boek wêrom
Anders Behring Breivik ta syn die kommen is
om 77 minsken te fermordzjen op it eilân Utoya
lêze
en wachtsje op it tillefoantsje
fan Jellie
"ik bin yn Hylpen"
want dat is it momint om nûmer 2 te befytsen
Boalsert
de yntocht fan Jellie
hiel tradisjoniel allegear
Geen opmerkingen:
Een reactie posten