Ik mei oeral wat fan fine.
Wat in hearlik gefoel is dat.
donderdag 28 maart 2013
Dik Trom en oare bylden
"Maak kans op vrijkaarten voor de musical Dik Trom". Dat berjocht fûn ik hjoed yn myn mailboks. Goed bedoeld want oan frijkaartsjes haw ik gewoanwei gjin hekel. Mar frijkaartsjes foar in musikal fan ien fan myn jeugdhelden Dik Trom dat raast oan de protters. Ik wol gjin frijkaarsten. Ik hie wollen dat dêr gjin musikel fan makke wie. Dik Trom, dat wiene myn prachtige jongesboeken (ik nim mar oan dat famkes oare helden of heldinnen hiene) , dy't ik mei nocht lêzen ha en dy't ik no noch op souder lizzen ha. Mei de boeken fan Pietje Bell, de oare boekenheld, is it al net oars. Ik wol gjin film sjen fan Pietje Bell, gjin musikal heare en sjen fan Dik Trom, nee ik wol myn eardere bylden fêsthâlde. Bylden dy't fuortgean sille at it fisueel makke wurdt. It djiptepunt fan ferfilming is lykwols: Puk en de Petteflet. In skande... en ik hoop dat myn pakesizzers earst it hiele boek foarlêzen krigen hawwe (ik wol it mei nocht dwaan) foardat se konfrontearre wurde mei de bylden dy't Annie M.G. Schmidt sa nea bedoeld hie.
Fuort mei de filmen en musikals fan berneboeken.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten