Wêr't ik wol muoite mei ha dat is it feit dat it stadion de Langeleegte der aansens net mear is. De Langeleegte, in namme dy't altyd neamd waard at it gie oer " in hiel ein fuort, in tryste oanblik, in earmoedige omjouwing, ljochtpeallen ynstee fan ljochtmêsten, de bank ynstee fan in dugout ".....de Langeleegte....mei alle respekt fansels waard der dan bijsein.
Mei al dy betinksels waard suggerearre dat de Langeleegte in ferskrikking wie. Dat wie it foaral foar ploegen út it sûden. In hiele lange reis nei it hege noorden fia in twabaansdyk en miskien wol in polderdyk. Dat Veendam ek wit hoe faak nei it fiere Maastricht, Sittard of Venlo moast ferjit men dan foar 't gemak.
Yn de tiid dat ik fuotballe en wij wiene yndield bij Ouwe Syl dan hiene wij dat selde wol wat. "Wij moatte wer nei Ouwesyl. Do wist wol ..bij de wynmolens, wêr't it sa hurd waait, dêr tichtbij de Waddensee, in ein fuort, tsjin dy bonkige Bildstarmannen" sa seine wij dan tsjin elkoar.
Moaie herinnerings hawwe wij oan de wedstriden yn en tsjin Ouwesyl. Beste minsken, in noflike kantine en it is hielendal net sa fier.
Werom nei dy Langeleegte. Dy moat bliuwe. As symboal tsjin it foaroardiel. Of de Langeleegte as sintrum foar teambuilding en besinning. Ploegen dy't oer de skreef geane mei geweld, kinne , nee moatte harren werom fine yn de Langeleegte. In wedstrydtsje spylje nei in lange fiere reis, sykje om it stadion, omklaaie ûnder in ferfallen tribune en spylje op in fjild wêr't it gers nea wer meand wurdt.
Nei ôfrin leit der in boek klear: de Lange Leegte. Pas at dat út is, kin der oan de weromreis begong wurde.
Dat sil pas ôfskrikke. Dat helpt mear as al dy 10 minuten tiidstrafkes.
It geweld op de fjilden kin yndykt wurde mei de ynskeakeling fan de Langeleegte yn Veendam.
N.B. Hiel tafallich stie dit ûndersteande stikje hjoed yn Trouw. Miskien lizze dêr ek noch wol mooglikheden. In oerdekte stâl, mar dan wol in hiele lytsen ien. Lês it stikje mar ris goed..
N.B. Hiel tafallich stie dit ûndersteande stikje hjoed yn Trouw. Miskien lizze dêr ek noch wol mooglikheden. In oerdekte stâl, mar dan wol in hiele lytsen ien. Lês it stikje mar ris goed..
Geen opmerkingen:
Een reactie posten