Om 8 oere jûns gie it los. Joop Visser, hij is fan 1938, skarrelt it poadium op. Tagelyk mei syn folle jongere hege stim Jessica van Noord.
De earste 5 minuten geane ferlern oan it ynstallearen op de stoel en de gitaar omhingjen. De 120 besikers sjogge der nei en ûndergean it mei wille.
In bizar optreden wurdt it. De alles- of neatsizzende lieten wikselje elkoar ôf. De humor en earnst dogge it selde. De praatsjes tuskentroch binne fermaaklik, prikkeljend en fol spot nei tsjerke en politisi.
Joop praat en sjongt, hij tokkelt wat op syn gitaar en Jessica soarget foar it bettere sjong wurk. In prachtige kombinaasje wêryn wer bewezen wurdt wat je mei ienfâldige teksten al net fertelle kinne.
In taalkeunstner.
It publyk wie griis en keal en sa't Joop sels sei: se komme miskien wol foar myn oare lieten, myn earste libben.
Bewust of net hij neamde net ien kear syn eardere artistennamme: Jaap Fischer.
De tiid wêr't hij ôfstân fan dien hat.
Us Joop makke de seal noch wol bliid dat er "de Cipier" noch efkes út de goeie âlde tiid song. De seal song spontaan mei of woene se dêrmei sizze: dy kinne wij allegear noch hiel goed.
Mar in oantal fan syn nije lieten lykas "Heineken is in harddrug dealer"en "Onze Jan is manager geworden" foelen ek tige yn de smaak
De twa oeren fan Joop Visser en Jessica van Noord yn it Marneteater yn Boalsert wiene nijsgjirrich en fermaaklik. Ik haw komselden safolle gniiske, lake of buldere om de teksten, om de meneuvels op it poadium en om de praatsjes.
it publyk oan de kofje en Jaap en Joop bliuwe sitten |
Joop en Jessica, se wolle oeral noch wol optrede mar net mear yn it iepenbier. Op jierdeis en feessies dus noch wol yn te hieren. Mei in programma dat je yn oerlis gearstalle kinne. Dat lykje mij no moaie feessies. At men mar ademleas harkje wol, sa as yn Boalsert nei Joop en Jessica.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten