It is net slagge. Nea, haw ik in aai fûn.
En al dy tsjientallen jierren haw ik noch krekt myn jaloerskens ûnderdrukke kinnen. Jaloersk op dy betûfte aaiskiers dy'mei petten fol thúskamen en ek noch achteleas seinen dat se ek noch wat lizzen litten hienen.
Strontsiik bin ik der fan west. Mar sloech mij der trochhinne.
Ik ferskûle myn ik yn in seefûgel. In eigen webstek, in eigen kollum: Sibe, hij hearste op Skrok en der ûntgie him net folle.
Mar dat is no oer. Ik lis al dagen op de loer.
It bistje fljocht wat yn de omjouwing fan Littens om en ik hoech no allinne mar op it goeie moment efkes de goeie eker op te sykjen. Fansels wachtsje ik op moai waar.
Digitaal aaisykje. Op Google maps. Dêr leit myn takomst. Mei tank oan dy fûgelûndersikers.
Dus ynkoarten fyts ik dêr nei de Froanackerdyk, ik klim oer de hikke, wêr't de skries fansels net mear op sit, ik slaan de aaisykrigels yn de wyn en mei myn hypermoderne smartfoon rin ik nei de eker en nei it plak wêr't it nest leit.
Mei dy selde smartfoon meitsje ik in foto, lit it skriesaai lizze en twitterje: earste skriesaai fûn fan Amalia, heitsûndersender ûnbekend #grutsk
Geen opmerkingen:
Een reactie posten