In pear wiken lyn twittere der immen mei Harry Slinger oer syn onkundigde nije optredens.
Op de fraach at hij ek nei Fryslân kaam mei de band wie it antwurd: "dat zou leuk zijn, optreden in het Dielshús in Wommels lijkt me wel wat. Goede herinneringen."
27 april komt Drukwerk foar in optreden yn it Dielshús nei Wommels. Moai is dat. Net dat it myn favorite sjenre is, mar dochs haw ik der wol in goed weromtinken oan.
Yn dy suksesfolle tiid fan Drukwerk siet ik yn it bestjoer fan it Dielshús en wij wiene foaral dwaande mei omsetferheegjende aktiviteiten.
Dat wiene dus popkonserten. Mei in soad nocht hawwe wij doe in soad tiid stutsen yn it organisearen fan 4 wyklikse konserten.
Tusken 1982 en 1990 binne der 83 ferskillende bands yn it Dielshús west.
Fan út de kommersje wiene de optredens fan the Bintangs (goeie drinkers yn de seal) Jen Rog (altyd gesellich) en Drukwerk (folle bak) altyd suksesfol.
Drukwerk dus, mei Harry en syn reade petsjes.
Sij hawwe 4 kear optreden yn it Dielshús.
1983: 26 maart
1984: 31 maart
1985: 26 jannewaris
1986: 1 febrewaris
It is hjoed dus 30 jier lyn dat Drukwerk yn it Dielshús in optreden die. En oer in moanne stiet Harry dêr wer op de planken. Dat moat in dream foar him wêze, dy't útkomt.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten