Jesterdee dat wie in
grutte hit. De Bietels dy sjonge it : Jesterdee, al mij trobbels siem so faar uhwé.
Ja, ik kin it út de holle at ik de tekst der bij ha.
Jesterdee. Foaral dat
jester dat docht it him.
Jesterbarren, Jestermar, Jesterwierrum, jesterlittens en
jesterein. Sa mar wat foarbylden. Mar oer Jesterlittens en Jesterein dêr woe ik
it no oer ha. Twa doarpen oan it wetter, twa doarpen mei in ytkafée, twa
doarpen wêr’t se ek keatse, twa doarpen mei in Skrok of in Skrins en twa doarpen mei in fuotbalklup.
Twa moaie klups. Giel
read en swart wyt. Dat leit wol wat fier útelkoar. Fierders binne der foaral
saken dy’t wol wat fan elkoar hawwe. De klup út Jesterlittens ûnderoan op de
ranglist, de klup út Easterein ek ûnderoan op de ranglist. Jesterlittens in moai lyts doarp mei
wierskynlik de measte leden út it gruttere Winsum. Twa fytspaden ferbine de twa
doarpen. Mei Easterein is it net oars. Wommels is hofleveransier en at je wol
wat fan omfytsen hâlde lizze der ek twa fytspaden tusken beide doarpen. Moai is
dat foar de jeugd at se fuotbalje moatte of traine.
Tsja fuotbalje yn
Jesterein en Jesterlittens dat kinne se dizze winter wol ferjitte. En de
foarige winter ek. En de kommende winter ek. It reint en sneit op de sosjale
media betiden twiits fan dizze beide klups.
Allegear mei de selde strekking. It giet net troch, it is ôflast, it kin net trochgean, it is te wiet, it is te wyt, it is te hurd, it is te drekkich, it is neat bij neat.
Allegear mei de selde strekking. It giet net troch, it is ôflast, it kin net trochgean, it is te wiet, it is te wyt, it is te hurd, it is te drekkich, it is neat bij neat.
Twa fuotbalferienings yn Littenseradiel. Ien op sneon en ien
op snein. No noch in tredde- en no noch in twadde klasser. Mar aanst net mear.
Dat hat meardere oorsaken en om no te sizzen dat it de skuld is fan de gemeente
kin fansels net. Dat it de skuld fan it waar is kinne je wol sizze. It waar kinne wij net feroarje,
mar ús gemeente kinne wij wol oantrúne. Sij soene der mei foar soargje moatte
dat bij it ôfleverjen fan dizze twa doarpen oan oare gemeenten (troch de
weryndieling) der goeie fuotbalfjilden lizze.
Sij moatte de resjy pakke yn dit spul. Beide klups moatte in
keunstgersfjild ha om aansens yn yn it geweld fan dy grutte gemeenten oerlibje
te kinnen en net figuerlik ûnder te sneien en te reinen.
Jesterlittens nei Ljouwert mei in moaie fuotbalakkomodaasje
en Jesterein nei Sudwest Fryslân mei in moaie fuotbalakkomodaasje. Dat soe in
dream wêze kinne dy’t úkomme moat. At dy beide grutte gemeenten no fuort de
helte meibetelje dan hoege se aansens net yn ien kear safolle te beteljen.
Fuotbalfjilden dy’t it hiele jier brûkt wurde kinne binne fan libbensbelang. Dat
kinne de klups net allinne berêde. Dêr hawwe se in stevige triuw yn de rêch
foar nedich. Fan de gemeente dy’t der no noch is.
Lit ús hope dat yn 2018 of earder bij de iepening fan de
keunstfjilden út de lûdsprekkers fan beide klups de lûden fan de Beetels
klinke: Jesterdee, al de trobbels seem sa far ewee..... Fansels net te lûd want
dan hawwe de fûgels op Skrok en Skrins der lêst fan.
(stikje skreaun foar de Treffer, klupblêd fan SDS)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten