It binne drege tiden foar Feyenoord supporters. En Feyenoord supporter binne je net as je jong binne. Ik hoech op de training fan E3 net te sizzen dat de Feyenoord fans bij mij stean moatte, want dan bliuw ik hiel lang allinne stean. En dochs binne der noch altyd in protte Feyenoord supporters. Dy binne dus wat âlder. Dy hawwe bijgelyks 1970 meimakke. Doe't Feyenoord de Europacup 1 wûn. Dat sil ek it momint west ha dat ik meisleept yn de Feyenoord famylje. Hjoed mar efkes in plakboek trochsjoen fan 1970. En neist wat foto's fan bands en programma boekje fan fuotbalwedstriden dy't ik besocht ha doe, kom ik dit artikel tsjin. Moai net! Dat is it ferhaal fan myn Feyenoord bloed.
Snein 10-10-10 stie de derbij CAB - RES op it programma. Beide ploegen út Boalsert hawwe al hiel wat mei elkoar útfochten. Letterlik en figuerlik. Yn it ferline meast yn de tredde klasse. Mar no binne se beide ôfsakke nei de 5de klasse. En dat wie te sjen sneintemiddei. It slagge seker CAB net om de bal 15 sekonden yn de ploech te hâlden en it slagge al hielendal net om ien fatsoenlike oanfal op te setten. It moaie waar makke in soad goed. Mar net alles. Nei 45 minuten gekloai hie ik myn nocht. Ek al die RES noch in poging om mij dêr te hâlden, troch krekt foar de tee de 0-1 te meitsjen. Mar it wie te let. Ik sil sjen hoe let ik de útslach op twitter fine kin. Ik gok op RES as winner.
Tim Knol hat net echt in artieste namme. Knol docht je tinken oan in âld hynder en dat stiet heaks op dat jongeseftige gesicht fan dizze Tim. Justerjûn stie hij (gelokkich mei band) yn it Bolwurk yn Snits. In band dy't foar wat stevichheid soarge. Want sûnder in band is it mij wat de seurderige kant it neist. It wat aparte lûd fan Tim is seker de muoite wurdich oan in kear yn it echt te sjen en te hearen yn in seal wêr't de akoestyk goed genôch is. Ik twifele fan te foaren at ik dit wol echt leuk fine soe. Myn gefoel hie gelyk. It wie leuk it wie ek wol goed, mar net mear as dat. Ik hie ek de yndruk dat de echte fonk mei it publyk der net wie. De moai folle seal mei in grut ferskaat oan besikers hiene neffens mij ek allegear harren eigen ferwachting. In sing a song writer dy't ek it stevige wurk net út de wei gie. It wie fan alles wat, alles wie wol goed mar om no te sizzen dat dit mij lang bij bliuwt nee, dat net. En dat leit echt net oan myn geheugen.
Littenseradiel hat sels in kar makke om net mei te gean yn de weryndielingsdream fan deputearre Sjoerd Galema. (At je dat no mei in A of een E skriuwe wit ik net, mar dat kin mij bij dizze man ek neat skele, want in boer dy't syn eigen provinsje en dêrtroch ús taal ferkwânselt, is mij it opskriuwen fan de goeie namme net wurdich) Mar goed Littenseradiel stridet tsjin it grutte en siket no allinne wat ferkearing mei Frjentsjer en Harns. In oare gemeente yn Fryslân wol sa graach opgean yn wat gruts, mar wurdt mei de nekke oansjoen. Hoe kin dat no? Fiele sommigen fan harren sich dêr wat mear, omdat Hearrenfean it yndustrydoarp en it sportdoarp fan Fryslân wurden is. Miskien komt it wol om dat sij harren foardogge as stêd, sjoen de titel sportstêd. Freed makke ik in fytstocht troch in grut diel fan dy gemeente. In moaie fytstocht. In moaie gemeente ek. Goeie fytspaden, net allinne bûtenút, mar ek om en bij "de hoofdplaats". Sa foar it each is der neat mis mei dizze gemeente. Mar doe't ik oer it Imke Klaverpaad fytste en twa kear it doarp Ketlik (Katlijk) binnen fytste wist ik. It is krekt dy Hollânske namme dy't is illustratyf foar it feit dat de oare gemeenten Hearrenfean net sitten sjogge. In kat yn de sek of in lyk yn de kast?
De gemeente Snits hat wol wat mei taal. Se hawwe it Frysk hast as nû 1 op de aginda stean, mar begjinne meast in punt letter. De stêd ferhollânsket. En no't de fúzje mei de oare gemeenten der oankomt, begjinne se harren te realisearjen dat it mei dy djipfriezen dy't harren mei de rjochter in freonlike hân jouwe mar yn de lofter it manifest foar minderheidstalen fêsthâlde, noch in hiele striid wurdt wat de taal oangiet. Dêrom hawwe se mar gau wat kursussen Snitsers útskreaun, sadat se ek hjir in minderheidsdialekt ha. Ik ha besletten om dy kursus te folgen. It Snitser digitale wurdboek der efkes bij hân en ik ferwachtsje wol dat ik nei in pear moanne hurd studeare der yn slagje it hiele Snitser dialekt te behearskjen.
Moandei 4 oktober stiene der yn de krante rou-advertinsjes fan Harm Wind. De man wie skriuwer en dichter. Ik haw gjin boek fan him lêzen mar harkje wol hiel faak nei syn teksten. Hij is de man dy't de lieten fan Bob Dylan oersette yn it Frysk foar Ernst Langhout en Johan Keus. En dêrtroch binne der twa prachtige Cd's, wêr't ik noch altyd mei nocht nei harkje. It soe te maklik wêze om it klipke "Rûzjende wyn" hjir ûnder te setten ta earbetoan oan Harm Wyn. Dus dêrom Harlekyn yn in moaie útfiering fan Johan en Ernst.
Frysk kampioen pealsitten. Der binne minsken dy't dêr oan meidogge. Der is mooglik ek ien dy't no grutsk omrint en hopet dat hij in bekende Fries wurden is omdat hij de winner wurden is. Ik soe hast sizze at je dêr oan meidogge dan hawwe je in slach mei de moalpûde hân. En no't ik it dochs oer in slach ha en oer Warns wêr't sokke idioterij holden wurdt, op ien fan dy selde dagen wurdt ek de slach bij Warns betocht. Yn 1345 wie dêr in flinke striid tusken Hollanders en Friezen. Troch in lyts protsje minsken wurdt jierliks op 26 septimber de befochten frijheid fan Fryslân betocht. "Leaver dea as slaaf" stie dêr op in grutte stien. Miskien kin der noch in stien bij lizze. "Leaver dea as foar peal sitte"
It is net goed om in stikje te skriuwen at je de smoar yn ha. Ik soe it dan ek net dwaan moatte, mar ik doch it al. Ik ha skjin myn nocht fan it fuotbaljen bij SDS. Miskien moat ik wol sizze it net fuotbaljen bij SDS. Tongersdeitejûns traine doch ik hast al net mear. Wij meie as SDS 4, 5 en 6 op in skiterich lyts, wiet en drekkich fjildsje traine. En dat is net sa no en dan, mar dat is hast altiten sa. Ik ha gjin sin mear mei safolle minsken yn de drek om te baggerjen. Op in fjild wêr't de bal net rolje wol en wêr't de kâns op blessures te grut is. En neist dat beroerde trainingsfjild lizze twa biljertlekkens. Dy binne bestimd foar de sneon. Mar at it freeds wat reint dan kinne wij it sneons wol ferjitte. En wat it minste is dat der gjin gefoel útsprekt dan men it graach trochgean litte wol. Want om 10.30 oere kin men al oardiele dat it om 14.30 oere en om 16.15 oere net troch gean kin. En dat wylst de waarberjochten foar de hiele dei goed wiene. It sil allegear wol, it fjild sparje, mar wêr foar? At it no al ôflast wurdt, hoe moat it dan in novimber en desimber. Alle sneonen hâlde je rekken mei it fuotbaljen, mar dat is no oer. At de fjilden allinne mar brûkt wurde meie at se droech binne, dan leau ik it wol. Ik wit hast wol seker at SDS 1 thús moatten hie, dan wie it wol trochgien. En at dat net sa is, dan kinne wij meielkoar konstateare dat SDS sawat it alderminste fjild hat fan Fryslân, want safolle wedstriden binn der net ôfkard. In fjild is om te brûken en oars kinne wij der better hielendal mei ophâlde.
Oant 19 oktober haw ik de tiid om in romantyske skimerlampe mei motyfkes út Wommels te bestellen. Want sa seit de folder : “thuis, gezellig, samen zijn, niet meer weg die avond, lekker relaxen, een hapje, een drankje en gedempt rustgevend zacht licht” Dizze eksklusive skimerlampe is troch in fakman makke en op 570 graden yn baarnd. En de poat stiet stevich en je hoege gjin ynstruksje te lêzen om him oan te jaan. Ik bin dom at ik sa’n lampe net bestel. Want foar de priis kinne je it net oergean litte. 129 euro. Ja dat is ynklusyf BTW. As hikke en tein Wommelser wolle je sa’n ding ha. En dochs is der iets wat mij tsjinhâldt. Dat binne de printsjes. Mei soarch útkeazen sa seit de folder ek noch. Ik haw allinne it idee dat der gjin kritearia fêststeld binne. Gie it om karakteristike gebouwen, giet it om de histoarje yn byld te bringen of is it samar wat. Dat lêste dat tink ik. Nim no “Het Groene Kruis Gebouw”. In hiel gewoan gebou út de jierren 50 en al hiel lang net mear yn gebrûk bij “het groene kruis”. Nee de toskedokter hat der ek noch lang ynsitten en dêr haw ik seker net bysûndere herinneringen oan. It gebou dêrtsjinoer oer is sealensintrum “it Dielshûs”. Yn it ferline it doarpshûs. Mar no allang net mear “het dorpshuis” De Nederlânsk herfoarme tsjerke stiet der ek op. Mei in hús der tsjinoan. Wie dat hiel froeger sa of is dit in takomst foto. Wurdt dit it nije tsjerklik gebou? En at je de herfoarme tsjerke yn byld brâne dan moatte je foar de leave frede ek it grifformeard sintrum it Foarhûs der bij dwaan. In neatsizzend gebou oan de Hottingawei. Dizze skimerlampe wol ik net yn de hús ha. En at ik him wol earne stean sjoch dan freegje ik at hij út mei.
At je Felix hjitte dan binne je goed fan de tongriem snijd. Dat tink ik alteast. Want de twa Felixen dy't ik kin, binne dat. Felix Meurders, sit nea om in antwurd ferlegen bij in opponent yn Kassa en Felix Rottenberg wit oer fan alles en noch wat oer te kommen of wit hij it allegear better as elkenien. Dy lêste Felix wie hjoed in gastsprekker/diskusjelieder op in dei fan Loyalis. It tema wie pensjoen, mar dat liket mij hast ien fan de wurden dy't út de tiid rekket. At de ferhalen fan hjoed wat útkomme dan kin it pensjoen wol ôfskaft wurde want trochwurkje oan 70 jier ta is net útsletten yn de takomst. Dêrom wie ik bliid dat Felix it foaral hie oer de útdagingen dy't je sykje moatte yn je wurksume libben. Net it feit dat je 20, 30 of 40 jier bij de selde baas wurkje, moat beleanne wurde mar it feit dat je op tiid in oare baan doarre yn te gean. Mei wat ûnsekerheid oer hoe it befalle sil, mar mei de moed om in nije útdaging oan te gean. Ynspirearjende diskusje mei PenO-ers út de oerheid en it ûnderwiis. Kosten noch muoite wiene sparre om der in moaie middei fan te meitsjen. Prof. dr. ing. Muller út Dútslân die it slotwurd en ik hold it net droech. Wat in geweldige fratsemakker wie dat en de triennen rollen mij lange tiid oer de wangen. In Nederlânske kaberetier mei in dútsk aksint dy't grappen makke oer Nederlanners en foaral dࡳtsers. En dan falt der hiel wat te gnizen. En de lokaasje: salon boat Jules Vernes. Yn te hieren foar 3260 euro op in middei. Wij binne de haven fan Lemmer mar krekt út west mar wat docht it der ta. De middei wie wer goed bestege. En de boadskip? Gean net foar de dream mar gean foar it libben.
It sil yn jannewaris fan dit jier west ha, dat ik in cd resinsje lêsde fan de CD Cave fan Mumford & sons. In goeie resinsje en ik sykje dan gelyk nei mear ynformaasje fan sa'n groep. Bij it sjen fan it earste klipke wie ik ferkocht. Wat in moai en apart lûd. In banjo, in kontrabas, in gitaar, soms in piano, wat slachwurk mar net te folle, wat toeters en in geweldige sjonger. Ik wist gelyk dat wannear dy "yn de buert" op trede, dan bin ik der bij. Tivoli yn Utert yn maart wie al útferkocht mar yn juny waard bekend dat se nei de Heineken Music Hall yn Amsterdam kamen. As earste der bij om kaarten te bestellen en dat wie mar goed ek, want it konsert wie yn hiele koarte tiid útferkocht. En doe moasten se noch op Lowlands optrede! Dêr ferbaasden 20.000 man harren oer dit releatyf nije groepke. En snein wiene se yn Amsterdam. Foar it earst. En wat in optreden. Hast twa oeren pikefel. Want Mumford & sons is fan alles. Wat folk, wat bluegrass, wat rock en dat allegear yn in meisjong sfearke. Sneintejûn sletten se it optreden ôf midden yn dy grutte seal. Gewoan as strjitmuzikanten. Sublym! En fansels wiene der guon dy't dêr ticht bij stiene en filmden.
En der wiene wer hiel wat minsken dy't de hiele jûn mei mobyltsjes opnames meitsje en wierskynlik hjoed pas echt genietsje.
At je yn Winsum opgroeie dat kin it net oars as je hawwe wat mei it fierljeppen. At je Wommels hikke en tein binne, dan moatte je wol wat mei it keatsen ha. Soene je sizze. No’t it keatsen wer dien (hjoed de lêste partij) sjoch werom nei myn keatsseizoen. Ik haw gjin bal oanrekke en gjin want oanlutsen. Ik haw gjin keatse oanwêzen en gjin telegraaf betsjinne. Ik haw mooglik twa kear op it keatsfjild west yn Wommels mar sels dat is út myn selektive herinnering wei. Ik bin yn de Freule wike te fytsen west en ik ha it net mist. Ik bin myn plicht as lid om wat te dwaan foar de keatsferiening net neikommen. Wêrom bin ik feitlik lid? It liket wol of haw ik der hielendal neat mei, lyksas ik ek neat ha mei de tennisklup, Euphonia en it swimbad. En dochs bin ik noch lid. Net om de yntree fan de Freule út te sparjen sa die dit jier bliken, want doe wie ik der net. Bûten Wommels haw ik wol in oantal kearen bij it keatsen west. Meast neidat ik in fytstochtje makke hie, stuts ik efkes oan bij it keatsen. In oantal kearen yn Boalsert en Frjentsjer, in inkele kear yn Tsjummearum, Itens, Snits en Easterein. Wat mij fan 2010 bybliuwt en foaral tsjinstiet is dy antikeatsside fan de firma Braaksma, van Tuinen, Bosma en Lettinga. Alle lytse foarfallen wurde troch harren grut makke en yn it negative lutsen. It is boppedat foar de frustrearre keatser in middel om te rachen. En de nije bûnscoach hat myn fertrouwen ek noch net. Dy betinkt wylde ideeën en fynt him foaral sels geweldich. De kommende moannen noch yn elke stêd en elk doarp in huldiging want oeral hat wol ien in earste, in twadde en in tredde priis wûn en dat moat foaral noch in kear fierd wurde. Keatsen , ik haw it wolris leuk fûn, mar dy tiid liket (foar goed?) foarby.
It sil earne yn de jierren 50 west ha, dat Jerry Lee Lewis foar in optreden yn kontrijen fan Louisiana in restaurant binnen stapte en frege om in streksum miel. It restaurant mei in Nederlânske eigner wist doe wat dizze man nedich hie. De rock en roll sjonger hie noch nea earder sokke frjemde griente sjoen. Hij iet him grou en joech dêrnei in geweldich konsert wêr't de fonken ôfspatten. Dagen dêrnei wiene de termen alhiel oerstjoer sa dreech leine dy dingen úteinlik op de mage. Hij hat se nea wer iten. Krekt as de measte minsken dy't it ôfheakje at it om spruten giet. It ynspirearre Jerry wol ta it skriuwen fan in liet: "Green balls of fire". En no yn 2010 set de túndersorganisaasje dat liet yn om sprútsjes wer yn de merk te setten. Want neffens it berjocht ite wij per persoan noch gjin trijekwart kilo fan dy kûgelhurde dingen. Ik kom der net oan ta, moat ik earlik bekenne. En al wolle se no beweare dat se minder bitter binne as ea, ik sjoch dy drege dingen noch altiten yn de pannen lizzen en dat byld reitsje ik net wer kwyt.
Haw in bysûnder moai boek lêzen. Hilary Norman skreau yn 2002 it boek "Steekspel". In moaie titel mei in dûbelsinnige betsjutting. "Adembenemend" en "Huiveringwekkend" skriuwe resensisten oer dit boek. "Een meeslepende, huiveringwekkende page-turner" hat de útjouwer der sels op setten. No't ik de 444 siden troch bin, is myn konkluuzje dat mei de boppesteande omskriuwingen neat te folle sein is. De striid dy't in stiefheit fiere moat tsjin syn stiefdochters giet fierder as wat pesterijtsjes. It is yn dat hús in komplete oarloach dy't op libben en dea útfochten wurdt. Doe't ik it boek út hie en it werom bringe soe nei de byb, foel myn each op noch in omskriuwing op de foarside: "Romantische Thriller". Ik besykje mei sels en oaren altyd foar te hâlden dat ik net romantysk bin. Bij romantyk tink ik oan in sfearlampe en oan kearseljocht, oan in iepen hutte mei kreakjend hout, klassike muzyk en oan in bedstee. Troch de ûndertitel "romantyske thriller" op dit boek bin ik it it efkes kwyt. En at ik Wikepedia der op nei sjoch, dan sjoch ik dat romantyk mear is dan ik ea tocht. Miskien folgend jier dochs mar de Romantische Strasse fytse. Miskien wurd ik dan in romaantikus.
Sa'n 45 spilers fan SDS rinne sneon mei de siel ûnder de earm of mei de frou oan de earm yn de stêd. Sij binne de dupe fan de trend fan hjoed de dei: Maklik ôfsizze foar teamsport. Yn dit gefal foar it fuotbaljen. SDS 4, SDS 5 en SDS 6 hoege sneon alle trije net te baljen omdat de tsjinstanners te min spilers ha, omdat se dy spilers oare saken op dat momint wichtiger fine. Dat se harren eigen maten dêrmei dupeare dat skynt harren neat út te meitsjen en dat se skijt hawwe oan tsjinstanners is wol dúdlik. Wij binne no trije sneonen fier yn de kompetysje en dizze trije rekreaasje teams fan SDS hiene meielkoar 9 wedstriden spylje moatten. De teller bliuwt lykwols stean op 4!!!! Oeverzwaluwen 4, Olde Veste 6, TOP 3, EBC 2 en Oudega 2 steane bij ús no al op de swarte list. En kom net bij ús oan om troch de wike yn te heljen bij it ljocht fan harren ynstallaasje. Wij sitte sneons op fuotbal. Ferline jier mienden wij (SDS 5) it djiptepunt te hawwen yn in oare kompetysje, mar sa as it no giet foel it ferline jier noch mei. KNVB it wurdt tiid om op te treden tsjin dit gedrach. Oh ja, de trije SDS teams hawwe noch net ferlern. En dat soe best noch hiel lang sa bliuwe kinne.
"Down South" it klink lekker spannend. De ûndertitel "muzykteaterrintocht" net minder útdaagjend. En de oankundiging dat it in drekboel is en dat learzens hast ferplicht binne, jaait de ferwachting op nei grutte hichte. Ik haw it hjir oer Tryater dat harren Techum projekt oankundiget. Hoewol it lêste wat ik fan Tryater sjoen haw aaklik tsjin foel, jou ik harren wer in kâns. Myn teloarstelling begjint al bij de oankomst. Wy moatte yn de bus. Wat rintocht! 5.6 kilometer ride mei de bus, wylst it mar 1200 meter rinnen is nei it begjin fan de foarstelling. Yn de oankundiging stie al dat minsken dy't net goed rinne kinne, net echt wolkom binne. Dus hiene wy echt dy 1200 meter wol rinne kind. En oars hiene wat lien fytsen in leukere oplossing west. It wie mij gelyk wol dúdlik dat sok teater gedoch net oan mij bestege is. Elke spanning dy't der mooglik ûntstean sil, wurdt fuort nommen, omdat je hieltyd nei in oare lokaasje rinne moatte. It idee is miskien prima, de teksten sille goed wêze, it boadskip ek, mar it pakt mij net. Ik fielde gjin emoasje en it gnizen kaam net fierder as in glimke. Fan it iene plak nei it oare plak dangelje, driuwt myn tinzen ôf fan dit ferhaal. Hoe soe Feyenoord stean, soe Webber of Vettel wûn ha, wêr sil ik werom lâns fytse en noch folle mear. Ik sil te nei better útsjen moatte at ik wer nei Tryater gean. Twa "missers" yn koarte tiid is tefolle. Of slacht Tryater in oar paad yn as wêr't myn belangstelling leit. Oh ja, Gerrit do hast moai songen.
"It Feest" hjit it stik yn Jorwert dit jier. En it wurdt "feest" hat yn dit ferbân meardere betsjuttingen. It is echt gjin feest wat der allegear bart op de poadium. In is sa'n bysûnder djiptryst ferhaal dat je der wol raar fan wurde kinne. En dochs is der safolle te gnizen. Ik haw tink ik noch nea in stik meimakke wêr't de trystens fan it ferhaal sa'n yndruk makke hat. It wie mar goed dat der tuskentroch gniist wurde koe, want oars hiene wy allegear yn triennen útbarsten. Selden haw ik sa'n begrutsjen hân mei de personaazjes. Begrutsjen mei de heit, mei de mem, mei de bern, ja mei elkenien. En nei sa'n stik freegje ik mij ôf hoe immen sa'n ferhaal betinke kin. En wat geweldich om dit sa op de planken te setten. Woansdeitejûn fielden je de spanning yn it publyk en je fielden dat dit mear wie as in gewoan stik. Dit rekke elkenien yn it hert, dit pakte je bij de kiel, dit skuorde je der bij. De yndringende muzyk komt fan de cd the Resistance fan Muse. En dit nûmer komt dêr ek ôf.
It AD is oars wol in aardige krante. In goed formaat, lêsbere artikels en in goeie sportbijlage. Neat mis mei. Wat in mislike is oan it AD binne de ûndersiken dy't se dogge nei produkten en tsjinsten. Ferneamd binne de oaljekoeken en hjerring ûndersiken dy't se dogge. Ik mei graach in hjerring en in oaljekoek giet der bij mij ek wol yn. Mar at ik dy ûndersiken fan it AD der bijhelje, dan moat ik konstateare dat ik mei risikofolle ûndernimmingen dwaande bin at ik dat doch. Want in oaljekoek bij Fogerty (dy't altyd yn Wommels stiet) keapje en in hjerrinkje op é Lemmer of yn Starum nei binnen gliidzje lit, is dat it selde as sollisitearje nei in sikehûs opname. En dat lêst skynt ek neffens it AD fan sneon 4 septimber ek wer net sûnder risiko te wêzen. Plak 66 en mar leafst 33 plakken sakke. Ik kin dus mar better net mear oaljekoeken en hjerringen ite, útsein at se bij in top10 leveransier meikomme. En ik moat hoopje dat der gjin ûndersiken komme nei supermerkten, waarme bakkers en flymskerpe slachters yn dizze omjouwing. Want at dat ek noch min is, is it libben in libbensgefaarlike ûndernimming.
Sneintejûn op alle folle oeren stjoert Omrop Fryslân in hiele aardige reportaazje út oer Helgolân. Ien kear yn de trije jier komme de Friezen dêr bijelkoar. De Noard- en East Friezen en de echte Friezen. Wij dus. Ien fan myn moaiste deitripkes wie de reis nei Helgolân. Net mei de oare Friezen mar tegearre. Op ien dei hinne en wer werom fanút de Eemshaven. Moarn 7 oere fuort of sa. Mear as trije oeren farren op in snelle boat en dan midden yn de see leit it rotseilân.
Mear foto's fan ús reiske nei Helgolân binne hjir te sjen.
Wittenskip dat is sa moai. It levert aardige boeken op. Oer nijsgjirrige tema's. Der skynt ferskil te wêzen tusken wittenskip en wittenskip. Ik nim oan dat it sjenre "populêre wittenskip" de leechste foarm is. It is bedoeld foar de gewoane man. Foar mij dus. Ien fan dy wittenskipssjoernalisten Philip Droge (mei twa stipkes op de o, mar dy kin ik efkes net fine) hat in boek skreaun mei de alles oansprekkende en "populaire" titel: "Meer geld, vaker seks en nooit meer in de file." Ik haw it boek noch net lêzen en ik moat earlik bekenne dat it seker net de trije kreten yn de titel binne dy't myn belangstelling ha. Nee, bij te lêzen fan in resinsje kaam ik hiel wat oars tsjin, wêr't ik wol wat oan ha kin. "En zo hebben collega's die links van de baas zitten tijdens een vergadering de meeste invloed. Via dat oor zijn we geneigd eerder een gunst te verlenen, omdat die in verbinding staat met de linkerhersenhelft, het gedeelte waar we empathie opbrengen en waar we beslissingen nemen". Sjoch, dat binne dingen wêr't je wat oan ha. Ik wit nije wike myn plak.
Soe it sa wêze dat der de lêste jierren wat te folle minsken op skiednis ôf studeare? Soe it sa wêze dat de ûnderwerpen fan in skripsje hast op binne? Ik tink it hast wol. Ik wurd net goed fan al dy ûnsinnige ûndersiken dy't dien wurde. No wurdt der wer oankundige dat ien of oare Tsaar opgroeven wurdt om te sjen at se noch ûntdekke kinne wêr't er oan dea gien is. Wie it no de pest of wie it al kanker? No sa wit ik ek noch wol wat te betinken. Miskien dat de ûndersteande minsken opgroeven wurde kinne, sadat ik in ferantwurde antwurd krij op myn fragen. Fan Jan Jarings Nooitgedacht, de man fan de redensfabryk yn Drylts en dy't ferstoar yn 1920, hie dy echt slappe inkels? Grutte Pier, wie dy no wol of net homo? Eise Jeltes Eisinga, hie dy lêst fan staar? Casper Di Robles, wie dat in siameeske twilling? It froutsje fan Stavoren wie dat wol in froutsje?
Fryslân is net bekend genôch yn Nederlân. Alteast, dat hat ien of oar djoer ûndersyk útwezen. En dus moat der aksje komme. "Fan Fryslân" is it biedwurd. Dy twa wurden moatte der foar soargje dat oer in oantal jierren in nij ûndersyk útwize sil dat it bekendheidspersintaazje mei 10 prosint stegen is en dat de profinsje tefreden werom sjen kin nei de start yn 2010. Namme bekendheid dat waait je oan neffens mij. At je ien kear de namme hawwe om wat fan reden dan ek, dan kinne je moai lang foarút. Sjoch nei Volendam. Dizze simmer "fytste" ik der trochhinne, mar moast de hiele Dyk rinne omdat hûnderten, miskien wol tûzend toeristen harren fernuveren oer soevenierwinkels en fisksaken. Se wiene kommen foar de boaten en de kleandracht mar dat wie 60 jier ferlyn. Hielendal neat is dêr te sjen, mar Volendam hat wol de namme. De brân fan 2001 hat efkes foar in impuls soarge mar dat hie om harren net hoechd. Frylân hat him ek aardich op de kaart sette dit jier. Ik tink dat dit net meinommen is yn it earder neamde djoere ûndersyk. "Man leit 4 jier dea yn keamer". Yn Minnertsgea! In doarp yn Fryslân. "Frou makket 4 poppen dea en bewarret se yn in koffer". Yn Nijbeets! In doarp yn Fryslân. Nee, dan de gemeente Achtkarspelen. Dy meitsje belied en wolle in begjin meitsje om Fryslân te ûnderskieden fan de rest fan Nederlân. "Paardenstront mag niet meer op weg". It klinkt mij as muzyk yn de earen. Dat fertsjinnet in ferfolch. It is dochs te gek foar wurden dat in hûnekeuteltsje fan in poedel net op de dyk mei en in 3 kilo stront fan in merje wol? Hynstetemmers dêryn yn de easthoeke fan Fryslân en dat fertsjinnet in ferfolch.
Miskien haw ik wolris earder oanjûn yn in stikje, mar ik moat wer wat kwyt oer it skriuwen. En dan foaral oer it skriuwen fan in boek. Myn dream of begjint it myn obsesje te wurden. Wat soe ik it graach wolle. It idee is der en ik haw der ek wol betrouen dat it mij slagje sil om in aardich lêsber boek te skriuwen, mar it ûntbrekt mij oan moed en geduld. Geduld om earst goed foarwurk te dwaan, om ûndersyk te dwaan en om gestach earne oan te wurkjen. Ik kin der net sa goed oer dat de dingen net ôf binne. Begjinne en ôfmeitsje dêr moat bij mij net te folle tiid tusken sitte. Mei stikje skriuwen slagget dat bij in boek skriuwe net. De ôfrûne wike haw de Sluipschutter van Lee Child lêzen. Wat ik it aardige oan de haadpersoan fyn (Jack Reacher) is dat hij oplossingen siket troch logysk te redeneren en te analysearen. Him ferpleatse yn syn tsjinstanner en fandêr in strategy betinke. En dat docht hij yn in foarm dy't in lêzer hieltyd wer ferrast. Ek al giet it oer yngewikkelde politike tema's, wat mij net it measte boeit, Lee Child bliuwt mij boeien. In machtich boek. At ik in boek út ha, sjoch ik meast efkes op Crimezone, om te sjen wat in oar der fan fynt. Net omdat it mij wat útmakket, mar gewoan. En wêrom ik Salty Dog fan Procol Harum hjir ûnder set is mij ek in riedsel.
Dit wykein is Lowlands. Teater en in foaral muzyk. "Krekt wat foare dij" sizze se dan. Oh ja? At ik it programma sjoch en dan bedoel ik de muzyk, dan soe ik der sa wol hinne wolle. At it moat op de fyts. Der is allinne ien beswier. Ik wit net krekt hoefolle minsken dêr binne, mar at it 30.000 binne, dan binne dat der 28.000 te folle. Foar mij alteast. It liket mij hielendal neat om diel út te meitsjen fan sa'n massa. Oeral foar yn de rige stean. Om muzyk te sjen en te hearen, om munten te heljen, om in broadsje sûn en in broadsje frikandel te keapjen en om te pisjen en te poepen. Ik soe ek gek wurde fan it plannen. Ik soe net folle misse wolle en soe foaral dwaande wêze om in strakke planning te meitsjen om foaral neat te missen. En ik bin der wis fan dat ik de planning net helje soe. Sosjale kontakten ûnderhâlde binne dêr faak debet oan. Nee, Lowlands ik sjoch it op tv, ik folch it fia Twitter en ik sykje wat filmkes op You Tube. Sa as de tip dy't ik krige oer Against me. Trede sneintemiddei om 17.30 op. Ek Mumford & Sons binne dit wykein op Lowlands mar dêr gean ik op 26 septimber al hinne. Yn in útferkochte HMH yn A'dam. Dat kin noch krekt wat it oantal minsken oangiet.
It is hast dien mei Llink. In feriening dy't mar koarte tiid yn it omropbestel wie. Ik sjoch net folle tv en kin mij ek net echt herinnerje dat ik ea nei Llink sjoen ha. It kin best mar dan net bewust. Mei harren doelstellingen is lykwols neat mis.
De vereniging stelt zich ten doel een omroep te zijn die zich inzet voor: a. rechtvaardige mondiale welvaartsverhoudingen, b. een betere verhouding tussen economie en ecologie, c. een duurzaam gebruik van de natuurlijke leefomgeving, d. respect voor de rechten van mens en dier. Tevens wil zij het praktisch idealisme uitdragen en stimuleren.
Hoewol ik punt d feroarje wol yn "respekt foar de rjochten fan minsk en bist mei útsûndering fan de hûn en de wesp, doch ik myn bêst om fan dy 4 punten wat te meitsjen.
Woansdeitejûn 18 augustus wie de lêste útstjoering en omdat Llink it net iens is mei it feit dat se ferdwine moatte fan de t.v., hiene se in soarte mei protest top 100 makke. Dat klinkt net raar en mei de top 100 is ek net folle mis, mar ik hie gau myn nocht fan dy surrogaat artisten dy't protestlieten fan the Stones, Dylan of Johnny Cash songen. Ik wie dan ek bliid dat de 100 protestlieten mei filmkes te finen binne op harren side. En no ek op dy fan mij. Sjoch hjir. It is gjin dwaan om in goed, bêst of noch better nûmer oan te wizen. Ik gean se allegear harkjen en sil sjen at ik se op in DVD krije kin. Dan haw ik gjin tv mear nedich. En om dit stikje dochs ôf te sluten mei in protest liet kom ik út bij Armand. Hij is allinne mar protestsjonger en oars neat. Hij spilet mûlharp en dat is de klank fan protest.
It wie mids maaie, doe't ik myn argewaasje útspruts oer it oerstallige boerd wat midden yn it lân stie efter Kûbaard. Sjoch hjir. It boerd brocht mij orientaasje en dat wol ik dêr net. Hoe't it kin, wa't it dien hat, wit ik net, mar it boerd is al in moai skoft fuorthelle. Ik kin jim sizze dat ik it net dien ha. Mar moai is it wol. Ik tankje de gemeente Littenseradiel foar dit flugge hanneljen. Of is dit in earste oanset om de grinzen dochs mar te ferfagen en in begjin om mei Frjenteradiel en Harns ferkearing te sykjen? Bah, wat bin ik wer erchtinkend. Se hawwe it gewoan foar mij dien.
Wat in gelok dat ik yn Fryslân wenje. Je sille mar in Drint wêze en seis wiken fakânsje ha en dy trochbringe wolle yn eigen profinsje. Neffens mij wolle je wer graach oan it wurk nei in wike as wat. Want fansels hawwe dy Drinten al in pear kear yn de bistetún west yn Emmen, se hawwe Orvelte al sa faak troch kuiere en de hunnebedden kinne se allegear bij namme. Deade dingen allegear (op de bistetún nei) en dy ferfele gau. Nee, ik haw begrutsjen mei de Drint. Dan hawwe wij it hjir yn Fryslân al better oanpakt. Nee, net wij fan no, mar wij fan earder. Us foarâlden. Dy eardere Friezen dat moat in sportyf folkje west ha. Fan alles wat hjir wie, wisten se in sport te meitsjen. Se seagen it wetter, de marren en de boaten. Se betochten it skûtsjesilen. Se seagen de sleatten en in stok. Se betochten it fierljeppen. Se seagen de kij en de sturt en se seagen in stik lân. Se betochten it keatsen. En at ik oerdriuw kin ik ek noch sizze dat se fûgels seagen, oan aaien tochten en se betochten it aaisykjen. En ik bin der hast wol wis fan dat Stoffel Bouma ek betinke kin hoe't it Frysk damjen hjir ûntstien is en net yn Drinte. En sa sleep ik mij, sûnder folle muoite, de simmer troch. Fan it fierljeppen nei it skûtsjesilen en ek noch altiten nei it keatsen. En at ik dêr bij it silen sit en oer de mar stoarje, dan tink ik oan de Drinten dy't harren kâns slûpe litten ha. Sij seagen troch it bosk de beammen net mear, want oars hiene se wol beamkeslingerje of beamkeferwikselje as sport betocht. Sij seagen harren hunnebedden wol, mar it kaam net yn harren op om dêr in sport bij te betinken. Se hiene de brûne beannen fan Bartje mar kamen net fierder as in stânbyld. Nee, dy Drinten hawwe it hielendal sitte litten en sij binne simmers foaral dwaande om de grize golf it goeie paad te wizen op de fytspaden. Dy grize golf dy't bij alle paddestuollen stean bliuwt om te sjen at se echt net ferdwale. Is der dan neat goed oan Drinte. Ja wis wol. De blues. Want "bluese" dat kinne se dêr goed.
It is alle kearen wer in belibbenis. Fytse troch Nederlân en sliepe bij freonen op de fyts. Foaral dat lêste. Sliepe bij freonen op de fyts. Net dat it echte freonen binne en freonen wurde sille. De stifting hjit no ien kear "Vrienden op de fiets". Foar in gaadlik priiske kinne fytsers en rinners in sliepplak en moarnsbrôchje krije op sa'n 3500 adressen yn Nederlân. It binne oer it generaal alderaardichste minsken. En dy minsken hawwe allegear harren eigen reden om as gastgesin foar ien nacht (soms mear) op te treden. Sa binne dêr de minsken dy't sels ek graach fytse, in grut hûs en in grut hert hawwe. Sij fine it moai om erfarings út te wikseljen. Sa binne dêr de allinne steande froulju; widdo wurden of skieden. It hús te grut, ferlet fan oanspraak en oandacht en in hûn is ek net alles. Der binne ek guon dy't keamers oer ha, it hast net oan tiid ha mar it wol leuk fine om minsken te moetsjen en je dêrom alle fertrouen yn dy freonen ha troch sels de kaai fan it hûs te jaan at se sels al wer oan it wurk binne en de sliepers noch útsliepe. Se hiene noch krekt tiid fûn om in geweldich stikje iten klear te setten. En der is in kategory dy't it om it jild docht. De man op de pleats of de tûnkerij, de frou docht de ôfdieling freonen op de fyts. Mei kuolle saaklikheid, "strakke rigels" en ôfmjitten moarnsiten: foar beide ien beskút, foar beide ien stikje tsiis, foar beide ien krinteboltsje en foar beide ien stikje ham. Mar al dy ferskillende kategoryen meitsje it in feest om bij freonen op de fyts te sliepen. Wij geane hast op nei ús 50ste adres tink ik.
Wêr bliuwt de tiid? Dat freegje ik mij ôf at ik oan de Freulepartij tink dy’t dizze wike holden wurdt. Want die ik yn 1970 net mei oan dy Freule . Foar Wommels fansels. Mei Jelle de Boer en Pieter Sieswerda. Gjin priis. Derôf tsjin Grou dy’t letter twadde waarden. Spannende dagen wierskynlik, hoewol ik mij dat net echt herinnerje kin. Ik stie foaryn en sûnder nap koe ik amper boppe. In middelmatige keatser mar goed genôch om mei te dwaan. Sels yn 1971 mocht ik noch in kear meidwaan. Mei Hessel Hovinga en Tsjipke Joustra. In iets better partoer mar yn de tredde omloap derôf tsjin Ljouwert. Amsterdam ferslein dat kin net elkenien sizze want dy keatse hast nea mei op de Freule. Dit jier slaan ik in Freulepartij oer. Wol dit jier de Suderseeroute noch in kear fytse. En dat kin it beste dizze wike. It is net oars. Letter witte je pas at je it mist ha. Ik tink it net. Der giet hast neat boppe in moaie fytstocht troch it lân en sliepe bij “vrienden op de fiets”.
Yn 8 oeren riden wij mei de auto fan Wommels nei Basel yn Switserlân. De soan riidt (ik bin net sa rider) en ik sjoch om mij hinne. Wij fleane (neffens de soan riden wij reedlik oan) oer ferskillende A diken. It langste oer de A67 dy’t ús djip yn Dútslân bringt. De soan let op de dyk en ik let op oare dingen. Sûnder dat ik it fan doel wie foel myn each foaral op auto’s mei auto’s. Bij de measte frachtauto’s sjogge net wat der yn sit, omdat se in tichte laadbak ha, mar bij auto’s is dat oars. Ik ha mij ferbaasd oer it oantal auto’s dat oer de dyk fan it iene nei ito are plak ferfierd wurde. Yn dy 8 oeren binne wij fêst fol 70 frachtauto’s foarbij gien, folladen mei auto’s. En wij binne fêst wol 100 auto’s tsjinkaam, folladen mei auto’s. Auto’s fol Mini’s wurde Dútslân ynsleept en auto’s fol Opels geane it selde paad mar dan de oare kant út. Wat in gesleep, wat in gesleep. Fanút Basel binne wij werom fytst. 13 dagen hawwe wij gemiddeld sa’n 6 oeren op de fyts sitten (lein bedoel ik) en dy 78 oeren sochten wij de rêst fan de Rijn op. In hast hielendal autofrije route. Hoewol wat is autofrij. Wij wiene noch mar krekt bûten Basel of wij kamen de earste boat al tsjin mei hûnderten auto’s as lading. En it duorre net lang of wij hellen de earste boat mei hûnderten auto’s al yn. Kinne je neigean hoe langsum dat ek mei de stream ôf giet. Ek op it wetter wurdt der hiel wat auto’s fersleept. Ticht bij it wetter rint ornaris ek it spoar. Dat wie no ek sa. En yn Dútslân wurdt in soad guod ferpleatst mei guodtreinen. En it sil jim gjin nij dwaan dat op de treinen fan noard nei súd mar ek fan súd nei noard foaral ek auto’s ferfierd waarden. It is mij wol dúdlik. Nije auto’s hawwe al in moaie reis hân mei de auto, de boat of de trein.
Grutte skrik yn Nederlân. Saken dy't allinne yn it bûtenlân barre, komme no ek hjir foar. En Fryslân krijt dêrbij flink op syn bealch. Broer X dy't 4 jier lang dea op syn keamer leit, Sint Anne wêr't in oanslach plakfynt en no Nijbeets wêr't 4 deade poppen fûn binne. Yn 4 ferskillende koffers! Hoe betinke je it sa. Wat fan betsjutting hat dy koffer? Wêrom net begroeven sa dat it út it sicht is? Hoe kin it dat de omjouwing krekt as yn Minnertsgea dochs net skerp genôch is om sokke rare saken op te merken. Werom docht in skynberb normaal famke fan 25 dat? Wat is de rol fan de âlders? Hoe sit it mei de spermajouwer? Psychologen en psychiaters hawwe ek smoardrok om op te draven yn alle praatprogramma's dy't der mar binne op radio en tv. Sij dogge allegear ferûnderstellingen mar witte it ek net. Sij sitte ek mei fragen en sij sadelje ús op mei noch mear fragen. Omrop Fryslân wit ek net goed om te gean mei sokke saken. Tusken 2 en 4, yn ôfwachting fan de parsekonferinsje litte se buorlju en doarpsgenoaten oan it wurd, mar dy witte it ek net en krije de gelegenheid om allegear ferûnderstellingen de wrâld yn te slingeren. Ik haw leaver allinne feiten yn byld en ik hie it net slim fûn dat de omrop oant 4 oere wachte hie mei it wurklike nijs.
De byblioteek makke op dit stuit reklame om een super abonnemint te nimmen. "20 boeken mei op fakansje" is dêrbij de oandachtslûker. 20 boeken mei op fakansje? Dat wurdt in hiel gesleep. 20 boeken mei gemiddeld sa'n 350 bledsiden makke 7000 bledsiden. Dan moat je wol in hiele lange fakansje ha. Of binne der minsken dy't trije wiken lang oars net dogge as lêze? It liket mij dat je dan krekt sa goed thús bliuwe kin. In lekkere stoel yn de tûn en lêze mar.
Al jierren nim ik mar ien boek mei op fytsfakansje. "Voordeliger per dozijn" in hylarsk boek oer in grut gesin wêrbij alles draait om alles sa effisjent en ekonomysk mooglik te dwaan yn de húshâlding. Alle hannelingen wurde analyseard en besprutsen en alles giet dêrnei flugger. Hoewol de test mei it skearen mei twa meskes tagelyk gjin resultaat oplevere: "Ik kan er 24 seconden met uitsparen, maar ik heb vanmorgen twee minuten verkwist met de pleisters, die ik op mijn keel moest plakken." Dit boekje fan Frank en Ernestine Gilbreth is net allinne grappich mar it hat ek ta gefolch dat ik begjin te tinken lyk as harren at ik wat dwaan moat. It hat in bytsje fan "nea mei lege hannen rinne" mar dan 20 kear slimmer.
De PC fan 2010 sil ik mij heuge kinne oan it wurd "griemerij". In grutte griemerij sels. It keatsen en dan mei namme it opslaan wie ien grutte griemerij. Ut, út, foar, foar, kwea, út, út en nochris út. Fansels kaam dat foar in part fan it fjild, want dat lei der nei wat buien bij as in modderpôle. Mar it is net allinne it fjild. Der binne ek te folle keatsers dy't sa ûnwis binne as de DSB bank. It fjild wat opkreasje nei in bui dat wie ek in grutte griemerij. Der stiene wierskynlik in pear Ammerkes mei sân klear. De organisaasje koe dochs ek net witte dat it sa reine soe, ûndanks dat Piet P it wol foarspeld hie. Mar wa nimt dy man noch serieus. De PC sa't it liket net. Want trije ammerkes san levert net echt gjin resultaat op. Wêr't foarhinne seachsel in oplossing wie foar wiete plakken, skynt dat net mear te kinnen of te meien. "wij gean op syk nei prikkers" sei de organisaasjes nei mear as in oere omgrieme en oerlizze. Foar it publyk bij ferskriklik wiete plakken gjin pellets om oer te rinnen. Sij mochten harren troch de drek grieme. Moai dat it terras fan de Bogt ferhurde is en dat it wat heger leit. Neist in sitplak yn de tribune ek in bêst plak. En it hintsje fan Krijn? Ja, dat is ek altiten in grutte griemerij, mar wol lekker.
Ik wit net wat mij besield. Woansdei nei de PC. Werom giet dit mins miskien wol 40 jier de 5de woansdei fan july nei Frjentsjer. Dochs net om it komfortabele sitplak. Want binne je in bytsje op lingte, dan sitte je je in breuk sa'n dei. Te krappe kontromte en te min romte foar de knibbels. Je geane dochs net om it keatsen nei de PC. Want dat is der alle wykeinen op meardere plakken. Ik gean der net hinne omdat ik hopp ha dat myn favoriten winne. Nee, ik sjoch de 7 favoriten allegear net yn de prizen fallen. Ik gean der seker net hinne omdat ik it keatsen geweldich fyn. Nee, ik haw dit jier sa'n kear as 8 bij it earste of haadklasse keatsen west en haw it nea langer útholden dan twa en heale oere. Mar wêrom sil ik mij, sjoen de waarsberjochten, dochs ferreine litte op dizze lange dei. Werom wol ik dit dochs net misse. Ik wit it net.
Snein yn Riis west. Wat in moaie middei en in moaie jûn. In festifal wat ús werom bringe moast nei it festifal fan 40 jier lyn. Dat is net slagge. It wie net ien ferskil mar allegear ferskillen. It publyk fan doe bestie neffens de tsjinstanners fan doe alinne út langhierrige, hasjrokende jongeren. Sij sochten harren heil yn de tintsjes, ûnder plastik en rookten wiedewiedewiet, wylst de rein mei bakken út de loft foel. Muzyk fan Focus, CCC en Brainbox. Der wiene sa'n 700 man en in peleton Me-ers stie klear. Dan wie it no wol oars. No wie it hiel jong en hiel âld dat plak socht op de prachtige lokaasje. Mar leafst 1200 man. It waar wie prachtich en it rûkte wat nei wiet mar dat kaam mooglik út in kanon efter op it podium. Der stapten minsken rûn dy't dúdlik hingjen bleaun wiene yn dy flower-power perioade. Mei tafelkleden as jassen, mei fleurige kleruige broeken en mei blokmkes yn it hier. En burden : ik ha noch nea safolle moaie lange burden bijelkoar sjoen. Der stie gjin peleton Me-ers klear. It wiene no ferkearsbegelieders dy't paad wiisden en ús frenlik wolkom hjitten. De sfear wie geweldich en mei it muzyk wie ek neat mis. Grytsjes Melchers mei band sette mei harren optreden as Janis Joplin om healwei trijen de toan. Wat in power, wat in flouwer! De seabere Stones en de sebeare Who knalden der hiel wat bekinde nûmers tsjinoan en de Veendamse Neil Young die hast neat ûnder foar de echte. It optrden fan CCCInc. foldie wat mij oangiet net oan de ferwachtings: it wie te flak, te min hichtepunten en te min kontakt mei it publyk. Machtich om de lêste klanken te hearen yn de tinte op de kamping neist it terrein. It wie doe hast 12 oere. It hichtepunt? Grytsje Joplin mei Me and BobbyMcGee
14 dagen fuort west. Op fakansje. Dat betsjut foar ús as lisfytsende tintsjekampearders net folle nijs opdwaan. Yn feite neat. Pas de lêste twa dagen yn Nederlân dringt him wer nijs op. Hoewol nijs. Thús pak ik al dy Ljouwerter Kranten. Sykje se op folchoarder en begjin te lêzen. Sa't ik in krante oars ek lês. Minder as in kertier per krante. Dus nei in goeie twa oeren bin ik op de hichte fan alles. Mar wie der ek nijs? Dochs net dat Contador de tour wint? Of dat Cambuur en it Fean harren oefenpotsjes tsjin amateurs winne? Of dat er noch gjin kabinet is? Of dat er wer flink wat natoer lijen west hat? Dat der hast gjin transfers yn it fuotbal binne? Dat wij der yn Fryslân alle wiken wer yn slagje ús op de kaart te setten mei in oanwizing dat "het hier zo fantastisch moai is"? Dat der noch altiten striden wurdt oer de namme fan grut Snits? Dat it bij de 4 daagse fan Nijmegen wer te waarm wie? Dat Keek van Tuinen him sels noch altiten leuk fynt op kaatsen.nl? Nee, der wie mar ien berjocht wêr't ik fan yn de war rekke. Wêr't ik poer om waard. "Het oppompen van de banden van de rollator wordt door sommige zorginstellingen in rekening gebracht". Twa kear de bril skjinmakke, mar it stie der echt. Ik wol letter in rollator of karke mei kussiebannen.
Yn 1969 wie Woodstock. Yn juny 1970 wie Holland pop yn it Kralingse bos bij Rotterdam en yn july 1970 wie Peace yn Riis. In opmerklik initiatyf en der waard seker erchtinkend tsjinoansjoen troch de pommeranten yn Gaasterlân, want wat soe dat no wol net wurde mei al dy hasj rokende jongelju mei harren lange hierren. It prachtige filmke fan 1970 sprekt foar him.
It festifal wie muzikaal sjoen in sukses, it waar hie wol wat better kind. Sjoch dit artikel fan de Ljouwerter krante fan doe.
40 jier lyn spile CCC Incorperated yn Riis. Sij fertsjintwurdigen yn dy tiid de muzyk fan de hippies. En it aardige is dy groep bestiet noch altiten. Trede wat minder op. Twa jier haw ik se noch sjoen yn Ljouwert en de blues folk eftige muzyk swingt noch altiten.
En CCC Inc. komt op 25 july nei it Retro festifal yn Riis. De organisaasje soe graach sjen dat hippies fan doe no wer kamen om te hearen nei muzyk fan doe en te sjen nei dingen fan doe.
Spitich dat ik earne tusken Basel en Wommels fyts en dus net kom. Mar wa't thús is mei dit net misse. Of je moatte in oergriislike hekel hawwe oan de hippies fan doe.
Op dizze side stiet de prachtige fideo fan doe, mei op de ein de jankende gitaar fan Jan Akkerman fan Brainbox. De "moaiste" opmerking stiet op goed 5 minuten. "Wat fine jo fan de muzyk? freget de ferslachjouwer oan ien fan de pommeranten. "Te aanhoudend eentonig"
Ek opmerkelik is ek it antwurd op de fraach at it festifal miskien mear dagen duorje kin. Unmooglik sa wurdt sein, want yn dizze swiere kristlike hoeke sil dat nea wat wurde. No 40 jier letter is it gewoan op sneintemiddei.
Haw fannemoarn in ôfspraak makke en bij de dokter west. Ik hoopte dat hij mij trochstjoere soe. Nei in psycholoog, miskien wol nei in psychiater. Myn klachten: is bin net teloarsteld, ik bin net lilk (op de tsjinstanner, op de skeids, op de Dútsers, op de buorlju, op de spilers of op de koach), ik bin net agressyf wurden, ik haw goed sliept en myn sin is prima. Myn probleem is dat ik gjin leegte fiel en gjin gemis. It ferlies fan Oranje is foar mij in feit, wat ik ûndergean. Net oars as in berjocht dat bijgelyks de hokkyfroulju krekt wer net de Sjampions Trofee wûn hawwe, of dat Robert Gesink nei ien goeie dei en trije minne dagen teloarstellend op it 46ste plak einigt of dat de tennissers degradeare út de B-poule fan de Davis kup of dat Erik en Jacob Klaas dit jier wer net trochbrekke as haadklasser. Ik sil tsjin de dokter sizze dat ik mij bij dizze WK iets mear dan 5 minuten echt fermakke ha en dat ik fan Dútslân begong te hâlden en ik net yn it Oranje sliept en rûn ha.
En dokter fielt myn pols, nimt myn hertslach op, mjit myn cholestorol gehalte en test myn eagen en earen. En hij stjoert mij net troch nei in psychodit of in psychodat, nee hij stjoert mij op fakansje. Gean do mar te fytsen. Nei Dútslân, dan sakket dyn leafde foar de Dútsers yn alle gefallen ôf. Want dat is dyn echte probleem. En sa lit ik mij moarn nei Basel bringe en fyts ik lâns de Rijn werom nei hûs. Sa'n 1200 kilometer om nei te tinken oer dit "drama" wat bij mij mar gjin drama wurde wol. En miskien komt dan nei de fakânsje emoasje los. Ik tink it net.
Dat Nederlân yn 1974 ferlear fan Dútslân yn de finale fan it WK, komt hjoed de dei wer faak yn it nijs. Der wurdt ús oanpraat dat wij mei in trauma omrinne. Dat de tiid doe efkes stil stie, dat wij moannenlang of jierrenlang yn in depresje sitten ha, dat wij oanstriid hiene om Dútslân binnen te fallen, dat wij jierren gjin bratwurst ieten, dat wij fia Frankryk, Italie, Eastenryk en Tsjechie nei Poalen riden en dat wij de Dútsers mear haten troch it fuotbal dan troch de oarloch. Hoe't it komt mei Sinterklaas nei in mooglik ferlies tsjin Spanje is dan ek gjin fraach mear. Sinterklaas is nei ferlies tsjin Spanje net mear wolkom yn Nederlân. Levert it dochs noch wat posityfs op. En fakansje yn Spanje dat kin fansels net mear. Nei dit aardige liet harkje wol.
Oh ja, ik wie yn 1974 yn it Posthûs op Flylân doe't de finale spile waard. Bin dêrnei net yn triennen útbarsten, haw mij ek net besatte en haw ek neat fernield. Nee, de oare deis gewoan wer Dútsers yn de winkel holpen. Gutemorgen...... danke....bitte......schones wetter, ja.ja.ja
De bibel hat mij net folle helden oplevere. Mar Simson is mij wol altyd bij bleaun. Syn ferhaal stiet yn Richteren, foar wa't it opsykje wol. Simson wie de man dy't elkenien foarhold dat syn krêft yn syn hier sit. Dat wie foaral syn fysike krêft. Hij wie troch syn wylde hier in opfallende ferskining en reage filistinen om as bowlingballen. Ik kin mij der wol wat bij foarstelle. Krêft putte út burdhier. Mar dan gjin fysike krêft. Simson fan de bibel wie ik hast al wer fergetten hoewol't ik nea sûnder in doaske mei syn namme der op paad gean. Want wat er ek oan nije artilkels bijkommen is, ien ding is bleaun. Simson. It bakje mei trije bannelichters, wat lym, en wat plakspul. Dy bannelichters geane mei gemak 100 jier mei. Dat tupke lym net. Ien kear brûke en at je der wer oan ta binne is it meast ferdamd. Bânplakke, elkenien sil it in kear dien hawwe en fêst mei dat reade doaske yn de buert.
Alle besikers en alle artysten fan Aaipop 2010 wiene útnoege om in CD presintaasje bij te wenjen. De besikers troch struibriefkes en de artisten mei echte briefkes. Op in sneintemiddei op it plak wêr't it allegear begong is. De Herberch yn Nijlân. Mar goed dat elkenien der net wie. It doarp is foar de helt opbrutsen en in feessie mei safolle minsken op dit terras hie net leuk west. No wie it wol leuk. Mei wat optredende artysten, mei wat bestjoersleden en harren froulju, wat útnoege artysten dy't graach ree wiene om harren CD's op te heljen, wat foarbijgongers, wat echt publyk en mem de Groot fan Ljouwert. En net te ferjitten Reitsma, de boargemaster fan de gemeente Wymbritseradiel. Hij mocht út hannen fan foarsitter Teade de Groot it earste eksimplaar fan de libbende CD fan alle artysten fan 2010, ûntfange. En de boargemaster dy glom yn de sinne en fan grutskens.
Hij wie dan dochs mar boargemaster fan de gemeente wêr't dit mooglik wie. En hij soe der foar soargje dat it Aaipop-dossier yn goeie hannen komt yn de nije gemeente. De twadde CD gie de loft yn mei in 40 tal ballonnen. Dy wie dus bedoeld foar de net-kommers. De finer fan dy CD, d't rjochting de Kliuw gie, is takem jier de gast fan Aaipop. Optredens wiene der fan OmkeDurkendy, fan Piter Wilkens en fan in twatal mei in heechstwierskynlike Russyske namme. Ljoubjr, ik kin it net ûnthâlde, ik kin it net skriuwe en ik wit net wat it is. Mar mei de myzuk wie neat mis. Foar tolve en in heale euro in CD en in Aaipopsjurt, it is gjin jild. En de tagong wie ek noch fergees. Aaipopbesikers jim hawwe it raar fersitten.
Ik haw mear mei wurden dan mei foto's. Mar soms binne foto's sa yndrukwekkend dat je gjin wurden nedich ha. Dat wurden oerstallich binne. Dat der gjin wurden foar binne. Sjoch nei dizze fotosearje mei de titel Postcards from hell
zondag 27 juni 2010
Sa no en dan moat ik de linen kalkje bij SDS. Dat dogge je mei in karke en at it fjild wat hobbelich is of je ha de kop der efkes net goed bij dan hawwe je samar in bochtje yn de line. Dat levert soms kommentaar op fan foaral net kalkers. Sij witte net heal hoe dreech dit putsje is. Mar altiten at ik mei Willem oan it kalkjen bin dat sizze wij tsjinelkoar: der binne mar twa stikjes linen dy't der echt ta dogge; twa kear 7 meter 32. Dy stikjes dy moatte goed dúdlik en rjocht wêze. Al dy oare linen hawwe seker in funksje mar kinne net tippe oan dy twa lytse stikjes.
De wichtichste bijsaak yn it libben is it fuotbal. Fuotbal is oarloach. Voetbal is God. It fuotbal is yn de macht fan de kommersje. Fifa en Uefa binne machtiger as de president fan Europa. Hûnderten kamera's yn it stadion, dy't alle bewegingen fan alle fuotballers mear as 90 minuten yn de gaten hâlde. It wurdt gewoan en fertraachd ôfspile. Hûnderten filmkamera's en fotografen dy't alles en elkenien fêstlizze. Kamera's dy't op de sentimeter registreare kinne wêr't in bal is. Hoe't de bal falt en ...at in bal oer de line west hat. Oer dy 7 meter 32 oan beide kanten dêr mei nea de diskusje oer gean. Je moatte alle helpmiddelen brûke om de goeie beslissing te nimmen. Want de trije man yn it swart, giel, read of blau kinne it net altiten sjen.
Pake Blatter, yn Nij Stapert is noch plak. En oars meitsje wij plak. Fan herte wolkom en at Hendrik E it goed fynt dan soe ik jo gelyk oanstelle as statutair eare foarsitter fan it WK 2011. Ride wij jo jûns yn je karke nei bûten en dan sil je it beleve mei doeltsjes sûnder linen en emoasjes om fan te wettertoskjen.
Razend wie myn heit eartiids at ik nei in lekke bân trochfytst wie. Net in meter mochten je trochgean, want binnen- en bûtenbân gyngen der gelyk hielendal oan. Wêr't ik ek wie, ik moast rinne. It wie hjoed moai waar en in fytsritsje fia Arum, Kimswert nei Harns en fia Frjentsjer werom like mij net ferkeard. Wat spul mei, want soms betink ik mij en gean der folle fierder op út. Bij Kimswert twifele ik noch efkes om nei Koarnwertersân te gean. It waard dus Harns. Ik groete de Stiennen man, ik seach efkes bij de boaten en ik gie op nei Mullem. Krekt oer de brêge bij de slús knalde it efkes flink skeef ûnder mij en ik wist it gelyk: in klapbân. Ik toffelje de stêd troch op syk nei in fytsemakker mar konstatear dat ik myn beurs net bij mij ha. "Sjit, en de tillefoan is ek leech sjoch ik". Wat no. Net folle kunde yn de stêd útsein de Stienen man en Pyt Paulusma. Mar dy kinne mij wer net. Ik jouw mij earst del en lês in flink ein út in boek wat ik ek mei ha. Lang om let beslút ik dan dochs mar nei hús te fytsen. Ik bin no sels baas. Ik haw gjin erfaring om mei in lekke bân te fytsen. Ik realisear mij ek dat der nei in oantal kilometers neat oer is fan de bân (sa hat myn heit altiten sein) mar it is myn ienige kar. Der sille wol hiel wat lju tocht ha, dêr ha je wol in hiele typyske man: grut burd, lisfyts, mp 3, sinnebril en pet op en gjin lucht yn de efterbân. Mei in gonkje fan 16 kilometer per oere tuf ik fia Achlum, de slachtedyk en Kûbaard nei hûs. Ik gean yn ien kear troch. Doar net nei de bân te sjen en ferwachtsje elk momint dat it rubber mij om de earen flocht. Sûnder ûnderbrekking kom ik thús. Ik sjoch nei de bân. Neat te sjen. Sa plat as in dûbeltsje mar gjin skramke te sjen. Nei it ferwikseljen fan de binnenbân, meitsje ik in ritsje. Neat oan de hân. Moraal: Plak nea wer in bân ûnderweis, mar fyts gewoan troch. De goeie bân kin it hawwe. Schwalbe Maraton.
zondag 20 juni 2010
"Mannen met een groot hart" , in literaire triller fan Inger Frimansson hold mij de lêste dagen dwaande. Sa'n boeiend ferhaal oer it fak brânwachtman. In ferhaal oer de dea,oer de eangst en ek oer sukseskes. En foaral it ferhaal fan in ôfwezen brânwachtman. In jongesdream dy't net útkomt. Sneintemoarn út.
En sa lês ik mei muzyk op de eftergrûn. Muzyk fan de kompjoeter. Mei Spotify. In prachtige applikaasje. Safolle ferskaat oan muzyk fia ynternet. En op sneintemoarn is der neat mei Iris Dement. En seker net mei John Prine.
Feest yn Wommels. Fanôf tongersdeitemiddei kin ik werom yn de tiid mei Folklore Fryslân, kin ik mei myn fersierde lisfyts efter in korps oan, kin ik de sinnewaarmte opsykje bij Dy Twa, mei ik mij de bealch stiif keatse, mei ik lunche, sigaarsmoke, ierpelskile, bingo spylje, mei dwaan oan WK fuotbal, in slettereace ôflizze en myn sjongtalint sjen litte. En at dat net genôch is kin ik mei ek noch yn it Oranje tjirje op it matinee. En oan de ein fan dit alles mei ik ek noch toulûke at de bealch al net stikken is fan it keatsen en it sletteracen, de earm net út it potsje is fan it ierpelskilen en de longen net ticht slipt binne fan it sigaarsmoken.
Ik kin it allegear ek net dwaan. It hoecht net. Ik kin ek gewoan allegear waardeloaze fuotbalwedstriden sjen, in boek lêze, boadskipje en Kûbaard 6 kear omfytse op ien dei.
In tsjettel kin hiel lang mei. Krijt nei ferrin fan tiid allinne wat lêst fan tsjettelstien mar fierders net. De bûtenkant kin hiel lang moai bliuwe at je it ding mar wat ûnderhâlde. Sa no en dan in skjinne doek der oerhinne en it spegelt wer. Allinne de fluit dy moatte je bij in tsjettel noch wolris ferfange. Helaas is der noch gjin wittenskiplik ûndersyk dien, hoe lang in tsjettel no gemiddeld meigiet. Ik tink dat 17 jier aardich yn de buert komt. It bewiis? Tsjettel hâldt der nei 17 jier mei op. In band dy’t him sels goed ûnderhold en sa goed troch de tiid hinne kommen is. Ien kear moast der in “nije fluit” komme (André Posthuma ferliet de band en Arnold Strikwerda kaam der bij). 17 jier jier lang spatten se der foar at it koe. Op Aaipop, op Uteinrock, op Swimbadpop, op Litpop en op allegear oare Poppen. Se beukten, se klommen, se bonkten, se sprongen, se gitaarden, se drumden, se basten, se songen, se raasden, se balten, se smieten en se batsten. En dat allegear yn in melody. En yn ús eigen Fryske taal. Tsjettel dat wie altyd in boeiend spektakel en dat sille wij no misse moatte. Want letterlik en figuerlik lutsen se sneontejûn yn Kûbaard de stekker der út. Nei in optreden op Pimpop wêr’t Tiede van der Velde akrobatyske toeren úthelle en syn mikrofoan flink op de bealch joech en wêr’t it maksimale lûd helle waard, wie it om 23.40 oere dien. En mei “Hij wol net mear, hij wol net mear”, it liet spesjaal spile foar Pieter van der Velde dy’t syn gitaar foarloapich net mear janke lit, stoar de muzyk fuort en lieten de bandleden in leech podium efter. It “wij wolle mear” bleau foar ien kear ûnbeantwurde. Doe’t ik 38 wie fûn ik harren muzyk al orisjineel en stevich en 17 jier letter is dat net oars. Moai dat de Cd's der noch binne. Tsjettel (de namme is in frije Fryske oersetting fan Seattle)is net mear. Mar gelokkich binne de bandleden der noch wol. Wij wachtsje rêstich ôf at dizze Tsjettel ek in oare bestimming krijt.
Op myn frije freed is myn earste loopke moarns meast nei de bakker. In dei begjint goed mei farske bôle bij de waarme bakker wei. Der is rom ferskaat en as leafhawwer fan bôleguod is it alle kearen wer dreech om wat oars, wat bijsûnders mei te nimmen. Sa ek hjoed. Myn each foel op in moaie rûne bôle. In kaartsje derbij dat it wat bijsûnders is en dat wurket blykber bij mij. Mei wat oar lyts spul kom ik thús. Lis it spul op tafel en krij de skrik te pakken. Bin ik der dochs wer ynrûn. Hie ik mij sa foarnommen om net mei te gean yn de oranjegekte, om op gjin inkele wize te toanen dat ik mar iets ha mei oranje, kom ik thús mei in gewoane Vikorn bôle mei oranje pitsjes der opspuite. Hoe koe ik sa sliepperich wêze fannemoarn. Ik sil de kommende dagen der kop der better bij ha moatte. Gjin woartels en gjin sinasappels, mar foaral gjin beessies, slingers, sjalen, petten, toeters en sjurtsjes meinimme. De bôle wie lekker en ik sjoch dat mei in unike koade der ek noch wat te winnen is. "In klinik foar it hiele team mei âld ynternasjonals". Dat liket mij wol ta foar ús as feteranen fan SDS. Dogge wij gewoan ús swart-wite tenue oan. Oh, ja. At jim dizze dagen immen rinne sjogge yn in Skots sjurt dan bin ik it. "Dy dogge net mei", sille jim sizze. Dat klopt. Mar ik doch ek net mei oan dy oranje gekte.
Hjoed is it 9 juny. Wij meie stimme. De ôfrûne moannen en seker de ôfrûne wiken waarden wij op de tv deasmiten mei potsjes bekfjochtsjen. Beskamsume fertoaningen fan minsken dy't ús foarhâlde wolle dat wij mear noarmen en wearden neistribje moatte. Ien fan myn noarm is it útsprekke litte fan oare minsken. En dat is dy hapsnurkers net slagge. En dochs haw ik mar stimd. Want it reinde net, it wie net te waarm, ik moast dochs efkes it doarp yn en de âld papierbak wie krekt lege en dy woe ik leech hâlde. In hiel grut stik papier. Mei wit ik wol net hoefolle nammen. Kinne wij tenei net op in partij stimme. Dan sykje dy it letter mar út wa't yn de keamer komt of minister wurdt. Om in tsjinlûd te jaan haw ik op partij 14 stimd "Mens en Spirit". Wa't de listlûker is. Gjin idee. Ik tink dat ik jûn lekker lêzen gean. En moarn sjoch ik wol at "myn" partij ek in sit helle hat. At dat sa is, dan bin ik tefreden. Hat it dochs noch sin hân.
Op it binnepaad yn de buert fan Tritsum moast ik fannemoarn in oanfal fan tal fan fûgels trochstean. Op harren eigen wize wiene se dwaande harren nêst te beskwermjen. Se hiene de muoite besparje kinnen want ik hie gjin kea yn it sin. Nee, myn tinzen wiene mear dwaande mei sneon. Nei it keatsen en it fuotbaljen west. Mocht der noch twifel wêze wat ik leuk fyn dan is de twifel no fuort. Haadklassekeatse froulju en manlju; heger nivo kinne je net krije op ien middei. En dat waard foar myn gefoel in lange middei. In sfearloas barren. Wat famylje, in ferdwaalde taskôger en de ferplichte sit fan de karmasters. It oansjen fan it fjild die it ek net goed. At se yn Bahrein keatsfjilden oanlizzen dan sil dat der sa útsjen. En ien ferkearde beweging fan in keatser levert gelyk in blaue kaart op. Wat wie ik bliid dat it healwei fiven wie. Op nei it fuotbal. De heale bekerfinale fan Sneek WZ en HSC 21. Grien gers al is dat keunst. Mar wat in striid en wat in emoasje. En wat in finale. Lêste minút it winnende doelpunt. Ik wist it wol mar it is no nochris befestige. Ik bin hielendal útkeatst. Ik gean der allinne noch út ferfeling hinne. En om myn sosjale kontakten wat te ûnderhâlden. En sa fyts ik rjochting Tsjom en harkje nei Runrig: Hearts of Olden Glory.