dinsdag 7 september 2010

Gefaar

It AD is oars wol in aardige krante. In goed formaat, lêsbere artikels en in goeie sportbijlage. Neat mis mei.
Wat in mislike is oan it AD binne de ûndersiken dy't se dogge nei produkten en tsjinsten.
Ferneamd binne de oaljekoeken en hjerring ûndersiken dy't se dogge.
Ik mei graach in hjerring en in oaljekoek giet der bij mij ek wol yn.
Mar at ik dy ûndersiken fan it AD der bijhelje, dan moat ik konstateare dat ik mei risikofolle ûndernimmingen dwaande bin at ik dat doch. Want in oaljekoek bij Fogerty (dy't altyd yn Wommels stiet) keapje en in hjerrinkje op é Lemmer of yn Starum nei binnen gliidzje lit, is dat it selde as sollisitearje nei in sikehûs opname. En dat lêst skynt ek neffens it AD fan sneon 4 septimber ek wer net sûnder risiko te wêzen. Plak 66 en mar leafst 33 plakken sakke.
Ik kin dus mar better net mear oaljekoeken en hjerringen ite, útsein at se bij in top10 leveransier meikomme. En ik moat hoopje dat der gjin ûndersiken komme nei supermerkten, waarme bakkers en flymskerpe slachters yn dizze omjouwing. Want at dat ek noch min is, is it libben in libbensgefaarlike ûndernimming.

Geen opmerkingen: