vrijdag 28 december 2018

Popkwis



Der is ferskil
tusken in muzykbelibber en in muzykkenner.
Bij sommigen is der in kombinaasje
mar net bij mij.

ik bin in muzykbelibber
dus wêr't lju oersjonge
en hoe't it titel fan de nûmer is giet oan mij foarbij.

de ynlieding fan dit stikje
is nedich om út te lizzen
wêrom de POPkwis tongertejûn
yn it Dielshûs yn Wommels
net it sukses wurden is
wat sommigen miskien ferwachte hiene

Team Bluescruise:
Aant foar de jierren 50 (hie neat te dwaan)
Henk foar de jierren 60 (hie in maklike jûn)
Joop foar de jierren 70 (sa no en dan yn aksje)
Tom foar de jierren 80 (moast betiden flink harsensskrabje)
en Robert foar de jierren 90 ( al wat drokker)
dat wie it idee foarôf
mar .....

de jierren 2000 en letter dominearden
yn de fraachstelling
en dêr hiene wij meast gjin kennis fan

wij hiene in oh sa gesellige jûn,
wiene de optymistyske kant it neist,
learden in hiel soad nammen kennen fan muzikanten
wêr't wij (yn alle gefallen ik) noch nea fan heard hiene.

wat opfoel wie it boppemjittich oantal nûmers
dat útfierd waarden troch frouen
of mannen mei te hege stimmen,
ek dêr haw ik wat minder mei...

Op de Cranberries nei fansels,
en lit dat no de band wêze
wêr't ik (lês wij) net opkomme koene

Hiene wij dy goed hân.......
dan hiene wij miskien wol 12de west





1 opmerking:

Unknown zei

Ja Aant jonge ik tink dat we yn it nije jier op trainingskamp moate.