zondag 30 december 2018
Hinnehok
Nei alle soarten muzyk op tongersdei (Popkwis),
de knetterjende gitaren fan de Paceshifters en oaren op freed,
is it sneon tiid foar de akoestyske gitaar
fan Gerry Wolthof,
dy't sa goed Neil Young neidocht.
Lokaasje is de Tempelreed yn Hieslum
wêr't in tige sfearfolle seal is mei in fêst poadium
wêr't optrede in feest wêze moat
en harkje nei muzyk in genot.
Moai dat er safolle minsken binne,
dy't harkje wolle nei dit grut repertoir fan Neil Young,
betink ik mij foarôf
Healwei it earste ferske
is it mij al dúklik dat dit net sa moai wurdt
as ik hope hie..
it wie echt freeslik,
al dy minsken om mij hinne,
drok petearend oer waar en wurk
mei de rêch nei it poadium ta.
Om mei hinne
sjoch ik noch in oantal muzykleafhawwers
dy't harren argewaasje suver ek net ferberge kinne
Hoe is it mooglik dat minsken
mei sa'n bytsje respekt foar de muzikant
nei sa'n jûn gean.
Ik betink mij nei 3 ferskes
dat it miskien better is om fuort te gean
mar doch it net.
Ek organisaasje hat argewaasje
want it lûd wurdt in pear kear wat bijsteld yn folume
yn de hoop dat it dan better (lês stiller) wurdt.
Krekt foar de ein fan it twadde setsje
seit Gerry mei in sûre ûndertoan
"Dit is het laatste nummer in deze set
zodat jullie ook weer even kunnen communiceren"
Argewaasje dus bij muzikant,
bij organisaasje,
bij in diel fan de besikers
en foaral bij mij
Yn dat skoft freegje ik de organisaasje
at dat hjir altyd sa is.
Nee dus, oars binne der minder minsken
en dy harkje ademleas...
Ik haw in alderaardichst petear
oer muzyk, konserten en belibbing
en merk de djippe argewaasje oer in diel fan dit publyk
Foar it tredde optreden,
nimt hij it wurd,
en noeget hij it publyk út
om dizze lêste set yn "stilte"te belibjen
It slagget aardich,
op in stik as wat hintsjes nei
dy't mooglik stront yn de earen ha
of stront eigenwiis binne en tinke dat dit harren hinnehok is
It wurdt in sfearfolle tredde set sels mei in tajefte....
Se fertsjinje dêr yn muzykkafee de Ville
noch in kâns om in jûntsje muzyk te belibjen.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten