zondag 20 april 2014

Bintangs live

Sneontejûn riden wij nei Bakhuzen. Krekt foarbij Galamadammen stie in boerd.
"Bintangs live".
19 april
Bakhuzen
Krekt, dêr binne wij nei ûnderweis.
The Bintangs live, ik kin it mij net oars foarstelle.
Ik haw net in singel, net in elpee, net in seedee of deeveedee fan harren.
ik ha se wol hiel faak optreden sjoen.
The Bintangs dy moatte je gewoan live sjen.
Dat raue lûd fan sjonger Frank Kraayenveld dat moat je troch alles hinne gean,
dy slepende gitaar en dat batsende slachreau dy moatte je wer energjy jaan.
De Gearte yn Bakhuzen is hjoed de arena wêryn de mannen fan de Bintangs optrede
De leafhawwers binne der wer.
Sij dreune mei op de muzyk of dûnsje de skuon hast stikken (Rock the Socks out of you shoes)
The Bintangs dat is in wiere belibbing.
Dat is Mona Lisa, dat is Ridin on the Len N, dat is Snake in the grass en dat is noch folle mear
The Bintangs dy binne neffens Spoify te fergelykjen mei Boudewijn de Groot, mei de Cats, mei Herman Brood en mei de Living Blues.
Hoe komme se der bij?
The Bintangs binne net te fergelykjen mei wat ek mar.
The Bintangs al 53 jier in oanrieder.
Machtige jûn dêr yn Bakhuzen.






Geen opmerkingen: