donderdag 17 april 2014

Nijlân

Tafal of net mar kommende sneon moat SDS 1 fuotbalje tsjin Nijland 1. Dat is de ienige wedstriid fan SDS 1 dy't libbet as in streekderby. Net fyandich mar gewoan as sûne rivaliteit.
Nei jierren sitte de ploegen wer bijelkoar yn de klasse en it giet mei Nijland suver better as mei SDS. It is mar wat je better neame. As leafhawwer fan fuotbal mei risikofol oanfallende fuotbal haw ik leaver dat in ploech in kear "op de bek "giet as dat der wer in suterige oerwinning of gelykspultsje helle wurdt. Ik beskriuw mar efkes myn moglike gefoel at ik Nijlân supporter wêze soe.
No bin ik ek net trainer, mar in deagewoane fuotballeafhawwer dy't it meast bij SDS komt, want foar trainers  leit it oars. Sij wurde sels op tredde klas nivo ôfrekkene en garje oansjen at se it goed dogge mei harren klup.
At SDS 1 net thús fuotballet dan sjoch graach earne oars. Op de fyts  nei Nijlân is dan meast de earste opsje (WPB is ûnderwilens in hiele goeie twadde mei stip) en sa haw ik dit jier al in oantal gelikense spullen sjoen yn Aaipopsity.
Ik wie bliid dat ik yn neibeskôging op in sneontejûn yn maart mei Pyt Nota, ien fan de twa trêners op ien line siet, doe't wij it hiene oer de strieminne wedstriid tsjin Minnertsgea. Ik frege Pyt doe: "kinne jim ek oars as wat yn de kont hingje? Stel dat jim twa nul efter komme, wat dan....?
Pyt gnyske wat, seach nei de stjerren (it wie al wat letter op de jûn), tocht nei...en it antwurd wit ik net mear. Miskien hat er dat ek wol net jûn.
Dêrom haw ik alle goaden oanropt en harren hiel fatsoenlik frege, ek mei it each op peaske dat SDS 1 sneon op in 2-0 foarsprong komme mei.
Want ik bin sa benijd nei it antwurd op de fraach dy't ik 22 maart oan Pyt stelde : Kinne jim ek oars?
Miskien wurdt it dan in boeiende derby en at dan de beste of de gelokkichste mar winne mei. Om mei dat SDS best wol wêze.

Oer dat tafal noch efkes dit. Dat fuotbal ferbyn ik mei Aaipop. It is in hearlik foarútsjoch om peaskemoandei nei Nijlân te fytsen foar Aaipop mei it idee dat bij de troch de goaden taseine 2-0 foarsprong fan SDS de trije punten yn Easterein bliuwe. Dat kin hast net oars.

Tafal of net, mar Sipke mei ik graach heare op Aaipop. Dat hij sjongt oer Jouke, dat is seker gjin tafal.


1 opmerking:

Unknown zei

Aant, wat hest do hjir wer gelyk. Wer bin de tiiden bleauwn dat Nylan domineerde. Har wil op lei en de tsjinstander 90 minuten de strot tichtkneep. De tiiden dat '1 keer rake' it credo wie, met name achteryn. Ik sjoch net faak werom mei weemoed, mar no wol. En dat docht sa sear.. Dankewol Aant.