In prachtich nij tastel yn de boarterstún op Swingoerd............
.............krije se dêr mar wer ris ôf.
"Pake op bank sitte" sei se hieltyd wer at ik pogingen die om wer fierder te gean.
En och ik haw it ommers oan tiid op freed.
..
Middeis noch efkes in lyts rûtsje te lisfytsen west.
Nei Iens en Spannum foar de Treffers en doe noch efter Kûbaard lâns.
Oan dat prachtige fytspaad stie in moaie mobile molen op in karre , dy't mei wyn krêft der foar soarge dat it lân wiet waard sadat fûgels harren gerak better fine kinne.
Prachtich ...... en ûnbegryplik dat je sokke dingen net mear sjogge, want dit steurt net, dit jout yn ienfâldige foarm oan wat de wyn dwaan kin foar ús.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten