Ik kaam noch wat foto's tsjin fan ús fytsfakânsje troch Nederlân yn 2012 en dêr hie ik noch in ferhaal bij ek.
Us tredde dei sil gean fan Noordwijk nei Hellevoetsluis. Wij hawwe al in adreske regele en witte dat wij yn in pipo-wein sliepe kinne.
It fêste ritueel moarns. It tredde tsjin wurdt wer laden mei twa wettertichte sekken en wij binne der wer klear foar.
Bij Katwyk pikke wij noch efkes in byld mei en kieze dan wer foar de binnenroute. De dunen kinne om ús stellen wurde. En binnentroch betsjut wer in "djoere húze" route troch û.o. Wassenaar.
Hoe is it mooglik, krekt foar Den Haag, sjoch ik in kollega mei de man rinnen. Wat is de wrâld lyts.
Wij binne no trije of fjouwer kear troch Den Haag fytst lâns de LF route en like folle kearen reitsje wij dêr it paad op it selde plak kwyt. Dêr mist in buordsje of wij sjogge op dat tige drokke krúspunt net nei it goeie plak. It byld fan Troelstra pikke wij noch wol mei.
Hoek van Holland jout no de mooglikheid om mei in snelboat nei de Maasflakte te gean en dêr de route wer op te pakken. Ymponearend dy yndustriele flakte dêr oan de súdlike kant fan de Maas. Nei 30 minuten steane wij earne op de romte op de Maasvlakte tusken rikjende en stjonkende fabriken yn. En krekt dêr moatte wij wer skûlje foar in pittige bui. Net ûnder in beam, want dy binne dêr net mar yn in bushokje.
Moaie brede fytspaden op de Maasflakte en hjir fytse wij bij de oanlis fan de Maasflakte 2 lâns.
In bysûnder ferhaal op dit pleatske. In eardere bewenner wie oargelbouwer en boude in nij oargel yn de skuorre. En no sit de hjoeddeiske bewenner mei in skuorre wêr't in prachtich oargel yn sit. Se hat der no in moai biljert ûndersetten en spilet tsien oer read mei soms oargelmuzyk op de (efter)grûn.
Wij koene útsykje: sliepe yn in karafan op yn ien fan de twa pipoweinen.
Wij wiene net allinne yn it hofke. Meardere hoannen, hinne, pauen, in wylde baarch en oar lyts bistespul rûn dêrom om.
Efkes in sliepadreske skoare foar de folgjende nacht.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten