Freed 26-4.
Eastenwyn, dus nei it easten.
Fia Easterein, Itens, Rien en Boazum nei it
bysûnder moaie Swettepaad.
De Swette oer nei Reduzum.
Fia Eagum nei Wergea en Warten en dêr lei
it earste doel yn it wetter: It oerstek boatsje fan Warten nei fytspaad Earnewâld
tradysje op dit boatsje is dat je in euro betelje en in dropke krije.
wij lieten it grutte skip op it Pr Margiet kanaal mar efkes foar gean
Wij sizze ta dat wij dit jier it skûtsje museum yn Earnewâld ek noch in kear besykje
Bij de Headollen kinne je mar útsykje hokker boat je nimme wolle
Wij wiene net ûngelokkich, want at dy skelpen op it paad lein wurde is it lisfytsgenot fuort, dat fernamen wij bij Earnewâld yn de buert.
It pontsje bij Sitebuorren, mei in lestich paadsje wol te berikken
De grutste pont hjoed fart oer it Pr Margriet kanaal bij Grou
Ek dêr wiene wij de ienige gasten
It lytste pontsje brocht ús yn hertsje Grou |
dêr kinne in stik as 4 fytsen op |
In tige gastfrije en freonlike oersetter op in gastfrije boat
Fia Jirnsum, Raard, Pppenwier, Tersoal, Sibrandabuorren, Gau, Goiingea, Skearnegoutum, Reahús en Easterein werom.
Moaie tocht fan goed 75 kilometer mei bij thúskomst de sinne yn de kop.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten