vrijdag 25 april 2014

Aaipop 2014 mear as Jitizer en Hûnekop

Aaipop 2014 wie wer in bysûnder aardich feessie. Aaipop is foar de jongerein in fêst punt yn de agenda. In tradysje. It programma docht der net echt ta mar at Jitizer en Hûnekop komme dan wurdt it fêst wer in tige slagge middei/jûn. Se wiene der beide dit jier en de tinte gie út harren dak.  Der wie dit jier mar ien grutte tinte en dat is in prima kar. Want feest fiere dat dogge je gewoan op ien plak. Dêr wolle je gewoan oan ien fan de bars hingjen bliuwe. Wachtsjend op de folgende searje meisjongers. Want Aaipop is ek it feest fan herkenning, fan meisjonge mei de bekende  la,la la ferskes. Neat mis mei at der hast 2000 minsken op ôfkomme. No kom ik oars net op tinte feesten mar it sil dêr net oars ta gean. It ferskil mei Aaipop is dat Aaipop in festival is mei noch twa podia en dat it tema de Fryske taal is. Of in oare taal dy't yn Fryslân ek in  brûkt wurdt. Utsein it Nederlânsk. Dat moat gjin plak krije op Aaipop. Dy taal hat ús skoalpleinen al feroavere en dat is in kwealike saak.

Der binne noch twa podia op Aaipop. It bûtenpoadium dat der foar soarget dat it ek bûten aardich is om te stean. Sa lang it droech is en dat wie it nettsjinsteande tsjustere loften. Wylst men yn de grutte tinte tsjin it poadium oanstiet te triuwen, hâlde de tahearders bij Mink, Martijn Kentie en Piter Wilkens bûten ôfstân. Ek bij de optredens yn it Rockhok (gymnastykseal) wie der meast genôch romte om echt nei de muzyk te harkjen.

En sa seach ik yn de grutte tinte in moai optreden fan Nicsz mei Reade Hite Sjile Pipers muzyk (yn it Frysk fansels), in optreden fan Y Bandana út Wales dy't in oantal stevige nûmers spilen mar der net yn slaggen harren "beskiedenheid" fan harren ôf te spyljen, seach ik in pear nûmers fan Hûnekop en in pear mear nûmers fan Jitizer en koe ik it slot fan Sipke de Boer en Jelle B en wat oaren net misse.
Op it bûtenpoadium seach ik Martijn Kentie en Piter Wilkens sfearfolle optredens dwaan en yn it Rockhok harke ik nei Bruno,mei syn moaie stimme en gefoelige lieten,  seach ik nei myn favoryt de Ierske willerockband NNB en fûn ik de Sadelrûkers wer as fan âlds goed.
Ik haw mij op Aaipop 2014 prima fermakke. En at immen myn fytskaaike noch fynt, dan wol ik it graach werom ha.....


Martijn Kentie hat in moaie Brucestimme yn it Liwarders 
Bruno fertsjinne mear publyk yn it Rockhok

Geen opmerkingen: