It moast der dan dochs in kear fan komme. It lân yn mei Eddy de Boer. Sjen hoe't hij syn grutte hobby belibbet en hoe't hij dat graach diele wol mei oaren.
Neisoarch hjit soks at it aaisykseizoen dien is.
Bij it kafé yn Itens fersammelje de mannen harren om 19.00 oere, De perselen wurde ferdield en wij meie nei it lân tsjin Skrins oan omdat it wis is dat dêr aaien lizze en dat is wol sa leuk foar in debutant.
Wij sjogge oer it skiere fjild is en nei twintich minuten nei it fleangedrach fan de ljippen te sjen , wit Eddy krekt wêr't de aaien lizze kinne.
Ik moat se allinne noch efkes opsykje. En warimpel dat slagget. Sûnder der boppe op stean te gean lizze der samar 4 aaikes yn it nêst oan myn fuotten. En in heale eker ek noch in trijke.
Bin suver grutsk op mij sels.
Bin suver grutsk op mij sels.
Goeie les hân oer hijkes en sijkes, en roeken en strategisch gedrach. Oer goed lân en min lân. Oer goeie boeren en minne boeren.
In hiele erfaring tanksij erfaringsdeskundige Eddy
Geen opmerkingen:
Een reactie posten