woensdag 9 april 2014

Fytse yn Berlyn

Dit wykein in famyljetripke nei in stêd. In grutte stêd. In hiele grutte bûtenlânske stêd sels. Berlyn. Freed der hinne, moandei werom. Dêr tusken yn in dei in stedsbustoer en in dei fytse.
Dat stedsbustripke makke ús dúdlik dat dy lju it foaral hawwe oer gebouwen. At it no âlde gebouwen binne dy't der wrâldkriich oerlibbe ha of at it nij delsette gebouwen binnen, foar Dútsers hat in gebou in hiele oare betsjutting as foar mij. Sa die bliken tidens dizze oerferfelende trip.
Foar Dútsers is it ek hiel wichtich wa't yn dat gebou sitte. Sa waarden wij op de hichte brocht yn hokker gebou de Japanske, de Russyske, de Eastenrykse en de Ingelske ambassadeur siet.
En dat it CDU ek yn in gebou siet wie suver ek nijs.
Nee dy bustoer wie net in sukses. Foar mij alteast.
De fytstoer op snein  wol. Twa moaie routes fytst. Ien nei de Joadske wyk en ien lâns de hast alhiel ferdwûne muorre. Want dat hawwe de Dútsers efkes te fluch dien: de muorre opromje. Noch in pear stikken binne oerein stean bleaun mar dat is hast te min om it in echte toeristyske attraksje te neamen.
Want dêr binne Dútsers ek goed yn. De oarloach ferkeapje. Mei musea, mei tinkstiennen en mei gebouen.
It wie in moai wykein, mei in soad bradwursten mei kurry, mei genôch Dútsk bier, mei gesellige famyljeleden en mei prachtich waar.


Wij op it terras, dan kinne de fytsen efkes bekomme


Bij de eardere muorre lei in fuotbalstadion mei in ekstra muorre omdat it fluchtgefaar mei safolle minsken bijelkoar hiel grut wie. No is it in alderaardicht park wurden mei in hippie eftige sfear.

 In yndrukwekkend byld bij in lêste stikje muorre. Foto's fan alle omkommen minsken.
Mannnen, frouen en bern

 Op in kilometer lang stikje muorre binnen allegear prachtige grafitti tekeningen makke. Bijsûnder en in grut ferskaat.

Geen opmerkingen: