deYn myn kantoar brûk ik al moai wat jierren in molkbus as papierbak. Net samar in molkbus mar ien dy't noch herinnert oan de tiid dat de Terpen hjir yn de greidhoeke 4 suvelfabriken hie. De datum jout oan dat dat goed 6 jier duorre hat. Doe gyngen der ferskillende fabriken ticht. Easterein, Wiuwert, Skearnegoutum en ta eintsjebeslút Wommels.
In prachtich beskildere molkbus, mei in oantinken oan de 4 doarpen. Net mei in byld fan it fabryk mar fansels fan de tsjerketoer.
Yn de bus steane de initsjalen J.H.W.
Dat soe Jan Hosftsra Wommels wêze kinne en dat soe betsjutte dat elkenien bij it ôfskie sa'n moaie bus krigen hat? Want dat hij dit sels skildere hat, is útsletten.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten