Mei grutte bliidskip haw ik de ynhâld fan it nije busboekje ta mij nommen. Bij wize fan sprekken dan, want ik leau dat der gjin busboekjes mear binne. Foar de tiden kinne je no telâne op 9292.
Neffens de oankundigingen wie der hjir en dêr wat feroare. Dan hâld ik meast myn hert fêst. Feroaringen binnen yn dizze tiid hast altiten gjin ferbetteringen..
Line 92 fan Boalsert nei Ljouwert en foaral werom (nei Wommels) is feroare. Ik seach it freedtejûn krekt foardat ik ôfreizge nei in Popjûn yn Romein.
Ik koe myn eagen hast net leauwe. De lêste bus fan Ljouwert rjochting Wommels giet mar leafst 15 minuten letter út Ljouwert.
Net mear om 23.05 mar om 23.20.
Utdrukt yn muzyk, kinne je sizze dat wij 3 nûmers langer bliuwe kinne yn Poppoadium Romein of Asteriks.
Dy lêste trije nûmers binne dus de tajefte dy't ik hjirbij opdraach oan Arriva...
Ps: Noch in oerke letter is ek net slim....dan binne wij noch moai op tiid thús.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten