Der binne minsken dy op opmerklike plakjes wenje. Ek yn Fryslân kinne wij dat. Ik tink dêrbij bijgelyks oan de fjoertoer tusken Warkum en Hylpen.
Wij seagen yn Tsjechie ek sa'n "prachtich" plakje. De Elbe giet lofts en rjochts oan it hús foarbij. It plakje is allinne mei in boat te berikken.
|
It like allegear sa moai út de fierte. Rêst op it eigen eilântsje |
|
Mar wat tichter wij bijkamen wat dúdliker waard hoe heech it wetter stien hat. De skeve beammen jouwe ek oan dat it der aardich om wei gien is mei it wetter |
|
Neffens in hicktewetterpeal hat it oan tenminste de earste ferdjipping ta west |
|
. De timmerlju wiene dan ek drok dwaande om de skea te herstellen.
|
Geen opmerkingen:
Een reactie posten