woensdag 21 augustus 2013

Polderjonges

Op 14 septimber is it Greidhoek'festival yn Wommels. Twa jier skreaun is dit oer dit unike barren.

De polderjonges hawwe goed wurk levere Wommels,
Ik ha mij wol ris ôffrege wat in oantal jonge mannen út Wommels en neiste omjouwing beweecht, om alle simmers sa healwei augustus nei de polder ôf te reizgjen. Yn mij sels neamde ik se al de polderjonges. Ja dy jonges fan Lowlands. Ik seach it al wat foar mij: wat bier drinke yn de Grolsch groppe, in fette mûle opdwaan yn HappyHappeHenne en hjir en dêr wat muzyk belibje.
Dat se der foar de muzyk hinne gean, kin ik noch wol begripe mar mei al dy toeters en dy bellen der om hinne, like it mij mear ynspanning as ûntspanning.
Sneontejûn tsjin achten, krekt neidat in groue reinbui mij dúdlik makke hie, dat ik better op klompen nei it Klompterrein koe as op myn sneinske skuon, seach ik ynienen dat it ôfreizgjen nei de polder Wommels wat oplevere hat. It waard mij ynienen allegear dúdlik.
It byld wat ik fan ik fan dizze jonges hie waard folslein oan de kant fage. Dizze kultuerdragers hawwe al jierren harren eagen goed de kost jûn, se hawwe jierren op de sneup west op it festivalterrein yn de polder en se hawwe jierren lang temûk neitocht oer plannen foar in festival yn Wommels. En se hawwe fantaseard en filisofeard mei noch in bierke yn de Grolschgroppe. It wachtsjen wie op in goed momint.
Op it stuit dat ik oer de brêge fan it festivalterrein stapte, kaam ik op in sêfte tekken fan strie en it fielde ik gelyk as in nije wrâld. Ik kaam eagen en earen te koart om alles te belibjen. Mei in sublime miks oan muzyk en kultuer wie it betiden in geflean fan de iene iepen nei de oare tichte tinte. Der wie hast gjin tiid in fette hap te nimmen en krekt noch wol wat tiid om wat te drinken.
De jankende gitaren, de strakke trommels, de âljende sjongers, de spyljende en sjongende troubadoers en de foarlêzende dichters it gie gewoan yn elkoar oer of wie in jûnfullende film mei allinne mar goeie sênes.
Wat langer de jûn duorre wat mear respekt ik krige foar dizze polderjonges dy’t in swimbadterrein omtoavere hiene ta in festivalterrein wêr’t muzyk en kultuer bijelkoar brocht waard foar sa fier muzyk gjin kultuer is.
Wat is it moai dat der jûns om 11 oere noch harke wurd nei Elmar Kuiper syn bijdragen as dichter, wylst krekt dêrfoar de ferrassing fan de jûn, de groep Nicsz, in produkt fan de greidhoeke, ús fersteld stean die fan harren keunsten op de gitaar, de drums en yn de mikrofoan.
En wylst wij hieltyd minder gers mar mear drek ûnder de fuotten hiene, wisten de Boys named Sue der foar te soargjen dat it oan de ein drokker wie bij harren optreden as bij de bar. En grutter kompliment kin ik de minsken fan de organisaasje dy’t it programma makke ha net jaan.
Goed ien oere of sa haw ik myn klompen wer thús brocht. De oare moarns seach ik yn de garaazje in moaie herinnering (at je nachts thúskomme lette je dêr wat minder op): in pear klompen dy’t ea giel wiene mar no fan binnen en bûten swart en in spikerbroek mei twa boksen mei blaue drek oan de knibbels ta. Ek op dit stik fan saken is dizze organisaasje der yn slagge om ús in stikje Lowlands belibje te litten.
It Greidhoekfestival kin om in soad minsken wol in ferfolch krije dêr bin ik wol wis fan. En dan kinne de thúsbliuwers ek noch in nije kâns krije om dit unike barren mei te meitsjen. Mar sis it net tsjin elkenien want sa fol as Lowlands hoecht it no ek wer net.





Dit jier is der wer in prachtich programma. Mei û.o.  dit groepke

Geen opmerkingen: