Der is earne in ferske fan "Starum oh Starum". Fan wa dat ferske is en wa't it sjongt wit ik net en wat der fierder no krekt besongen wurdt wit ik ek net. Ik kin mij sa foarstelle dat it giet oer de see, it froutsje fan Starum, de haven, de boaten, de Schuttevaerrace, de seedyk, it strân, de fisk, Doede, de slús en miskien wol de trein dy't dêr net fierder kin. Freedtemiddei en -jûn op in prachtich plakje sitten fuort bij de haven.
|
Foar hûs op balkon mei sicht op de haven wêr't it in kommen en gean is fan boaten |
|
wêr't letter op de jûn de rêst weromkeart |
|
Mei efterhûs op eigen terras sicht op it Iselmar, wêr't it like dat der in sylwedstriid útein sette. |
|
en dat wie dus ek sa, sa die bliken út de krante fan sneon |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten