Ik kin mij de earste sponseraksje noch wol sa ûngefear herinnerje. Ien fan de bern (ik tink fan Tsjeard) kaam thús fan de basisskoalle mei in ynfulbriefke. Dat sil dus begjin tachtiger jierren west ha. Wij moasten oanjaan hoe faak hij in bepaald rûntsje drave soe en foar alle rûntsjes moasten wij dan twa kwartsjes jaan. It sil foar in goed doel earne yn de wrâld west hawwe mar it kin ek like goed foar in nij boarterstastel op it skoalplein yn Wommels west ha. At it ús Tsjeard west hat dan tink ik dat it ús net sa'n fermogen koste hat. Dat wie net in draver. It like ek wol dat hij net maklik draafde. Fan wa soe hij dat ha?
Hawar, it sil ús skat ik 3,50 koste ha en dat wie it dan. Ik tink net dat wij it ôfronden hawwe nei 4 gûne want dan hie hij mar 8 rûntsjes drave moatten.
Dy earste sponseraksje wie leuk. De twadde in heal jier letter wie al minder leuk en yn de jierren dêrnei is it hieltyd minder leuk wurden.
No't je alle moannen wol konfrontearre wurde mei ien of oare sponseraksje is it hielendal net mear leuk.
It hat der no mear fan dat elkenien dy't in berch beklimme wol of sa nedich in oare prestaasje levere wol, dat dêr in goed doel foar útsocht wurdt en dêrnei moat der socht wurde nei sponsers. Bedriuwen sjogge de sportivelingen sa stadichoan oan kommen en ek wij wurde hoates en toates benadere fia mail, twitter of feesboek.
Ik haw dêr hielendal neat mei.
At ik wat jaan wol oan in goed doel, dan meitsje ik gewoan jild oer omdat ik fyn dat it in goed doel is.
At in oar in berch beklimme wol, dan moat dy dat foaral dwaan. Ik soe sizze goed traine, de berch opfytse, wat ôfsjen en foaral, foto's meitsje litte. Dat it mei al dy sponsere aksjes net hielendal goed giet docht ek bliken. It stikje yn de krante fan sneon seit al wer genôch.
Mar no it goeie nijs. Us soan Tsjeard en syn freondinne Berber hawwe de Alp d'Huez beklommen sûnder sponser en goed doel. Sij hawwe ferline wike gewoan samar besluten nei de bergen ta te gean en binne op ien en de selde dei de Col d Órnon en de Alp dHueze opfytst. De oare dagen hawwe se noch in berchje opsocht, mar dat heare wij allegear noch. Sûnder de druk fan sponsers en de bijdragen fan heit en mem binne de prestaasjes poerbêst te neamen.
Oh ja, noch wat oars: goed drave dat kinne je dus leare. Want dy matige draver fan doe ( 7 rûntsjes mei muoite) is no in topatleet dy't sels in komplete triatlon net út de wei giet.
En it fytsen, tsj dat sil der wol fan syn heit en mem ha.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten