Ik mei oeral wat fan fine.
Wat in hearlik gefoel is dat.
zaterdag 17 augustus 2013
Sân en blau
Al mear as 25000 besikers en ik haw der noch net west. Dat moat wat oan dien wurde tocht ik freed. Ik hie wol in lyts oerke oer en dus freedtemiddei de sânfoarstelling efkes besjoen yn Snits. In binne allegear prachtige keunststikken. Sa moai om te sjen hoe't je wetterlibben yn Fryslân útbyldzje kinne mei sân.
de VW dy't mei in Pow Wow bân yn it sân stiet
De wettersky boat opsierd mei in Fryske flagge
it jonkje yn de tobbe
Nei dat lytse oerke, wêryn elkenien fansels drok dwaande is om moaie foto's te meitsjen, bin ik nei Lokaal 55 west om mij te bewegen yn in jierren 60 feessie mei kollega's wylst wij meielkoar de hapkes klearmakken dy't wij letter nei binnen wurken.
blindersmoaie útnoeging
It is yn sokke gefallen ôfwachtsje at elkenien meidwaan wol om de jierren 60 sfear te kreearen. Der binne altiten guon dy't net komme, dy't it ferklaaien net oan doare of der gjin ferwachtings fan hawwe en dêrom mar "gewoan" gean.
De thúsbliuwers wiene der helaas, mar foar it oare wie it in grut sukses. In moaie lokaasje ( âld slachthûs) , sfearfolle sealen en in trochtochte formule om lekker meielkoar dwaande te wêzen.
Ik moat sizze dat it ek moaie plaatsjes oplevere hat al dy flower -power klean.
jierren 60 iten klearmeitsje is in serieuze saak
of wurde je sa stoned as in garnaal fan dat gesnúf
ik hear bij de kategory dy't neat hat mei "kleankoades" dus sandalen en gekleurde hierbân en
foaral in blau burd joech noch wat kleur oan myn úterlik
1 opmerking:
Daniela
zei
wat leuk Aant! Wat een leuke tekening, je staat er mooi bij! ;)
1 opmerking:
wat leuk Aant! Wat een leuke tekening, je staat er mooi bij! ;)
Een reactie posten