Bij de brêge wachtet de wipper geduldich op wat boaten. Mar goed dat sa'n man geduld hat want bij gemiddeld sa'n 25 boaten op in dei moatte je dat wol ha.
It is 20,1 graden neffens Meteo Hûns en ik gean op paad foar in rûntsje. De blaue lisfyts is myn maat en ik haw noch gjin idee wêr't de reis hinne sil. De fyts ek net. Fia de Bieren, Hichtum, Boalsert, Tsjerkwert, Parregea en Nijhuzum kom ik úteinlik út bij in pontsje.
It is de oerstek tusken Nijhuzum en de Lytse Gastmar. Neffens de tekst op it boatsje bin ik ûnderweis nei in gouden plakje.
De namme fan de boat jout mei yn alle gefallen in goed gefoel. De pontbaas wit mij sûnder problemen foar 1 euro nei de oare kant te bringen.
Fanút dit gouden plakje fyts ik fia de Lytse Gastmar, Aldegea, Abbegea, Nijlân en de Kliuw werom nei hûs.
Op sa'n moaie sneintemoarn yn de fakânsje sjogge je hoefolle lytse rekreaasje der is yn dy omjouwing. Boatsje, fytsers, boerekampings, terraskes wat al net mear.
Op sa'n moaie sneintemoarn yn de fakânsje sjogge je hoefolle lytse rekreaasje der is yn dy omjouwing. Boatsje, fytsers, boerekampings, terraskes wat al net mear.
At ik de fyts nei 48 kilometer it garaazje paad opstjoer is it 24,7 graden. It is waarm wurden en seker op in lisfyts hoecht it net waarmer.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten