maandag 23 mei 2011

Boadskipje

De boadskipperstas kin hast mei at wij in dei te fytsen gean. En mei gelok (of pech) komme wij mei in folle tas wer thús. Sûnder in winkel binnen te stappen. En sûnder dat wij it fan plan binne.
It is de tiid fan spesjale oanbiedingen lâns de kant fan de dyk. Sels ôfrekkenje.
De skarrelaaien wurde it meast oanbean. Foar 1,30 of noch minder kin ik 10 moaie aaien útsykje. Dat doch ik meast net, want de kâns dat ik der tsien hiel thús krij, achtsje ik net grut.
Ik rjochtsje mij mar wat mear op oare dingen. Sa kom ik nei in dei fytsen thús mei twa kilo readsierende stoofparren , mei eigen makke prommesjem foar in tsjerke restauraasje, mei in nútekeek foar in goed doel, mei húning fan de echte bijen, mei rabarber farsk út eigen tún en mei in doaske ierdbeien fan de kâlde grûn.
En ûnderweis hawwe wij noch wat Rivella dronken út in kuolboks, mei as doel ús toarst te lessen en Tryntsje Beimers te stypjen foar har wurk yn Tanzania.
Wat moai, dat wij mei ús toarst noch wat ûntwikkelingshelp dogge. Wat moai dat minsken noch safolle fertrouwen yn oare minsken hawwe, want it is wol oan de kant fan de dyk, mei selsbetsjinning en op de romte.
It wie al in moai paad tusken it Heidenskip en it pontsje nei de Gaastmar, mar no hielendal.
At ik te fytsen gean, moatte de fytstassen dus leech wêze en de beurs fol mei euro's. Want wikselje is lestich.



Geen opmerkingen: