vrijdag 20 mei 2011

Freed- fytsdei



Ungemurken is freed sûnt dit jier de fytsdei wurden. Earder wie dat de snein sa't de sneon de fuotbaldei wie. Dat is dus feroare. Freed fytsdei, sneon-wat-der-mar-te-rêden-is-dei en snein de omhingdei. It moat dêrom foaral op freed moai waar wêze.
En dat wie it hjoed wer. Kostlik fytswaar sels. In goeie wyn om wat doarpen yn Gaasterlân te besykjen. En dat is gjin straf. Om dêr te kommen suver hast wol. Nettsjinsteande it feit dat Jutryp en de Hommerts opknapt binne, bliuwt de tocht nei Spannenburg saai.
Fanôf Tsjerkgaast wurdt it moai. Yn tsjinstelling ta it mearendiel fan de 11 stêdenfytsers kinne wij wol gewoan troch Sleat fytse. Neat gjin brêge iepen en tûzende wachtende fytsers dy't harren troch it naue strjitsje wrakselje moatte foar in stimpeltsje.
It moaie fan hast alle doarpen is dat se wol wat hawwe of earne bekend fan binne. Sa hat Sleat syn duvel (besongen troch Jarje), Wikel syn Menno van Coehoorn , Sondel syn eardere bunkers, Nijemardum syn Lyklema's, Aldemardum syn brink en syn útsjochtoer (wêr't wij dizze kear net oanstekke) en hat it Murnser klif syn broadsje Gyros mei salade, wêr't wij wol oanstekke.
Wat in genot om dêr efkes oer de Iselmar sitte te sjen nei in inkele boat. En it tearras wat oereagje wêr't meast noch âldere rinners of fytsers as ús op it terras oan de appelgebak en kofje sitte.
Fia Bakhuzen (bekend fan túnfeest) Himmelum (bekind fan de strjitterûzje en it kleaster), Koudum (bekend fan syn beantsjes), it Heidenskip (fierljeppen), de Gastmar (it pontsje), Idzegea (klokkestoel), Westhim (kafée de Kat), Blauhús (krekt as Bakhuzen ek katolyk dus túnfeest). Wolsum (autokros) Nijlân (Aaipop) en Easterein (BluesCruise).
In goeie 90 kilometer en dat allegear yn it ramt fan AlleFryskeDoarpenFytsTocht 2011.
De route yn maps.

En de moaiste muzyk hjoed? Ik haw gjin Mp-trije op hân hjoed dus kin ik frij kieze. The Kinks dus mei Celluloid Heroes. Sa'n moai yntro...........

Geen opmerkingen: