donderdag 5 juli 2018

Reizgje mei de trein

Tiisdei 26 juny moarns 6 oere
fytse wij fan ús sliepadres yn Koog aan de Zaan
lâns in prachtige route
nei it Sintraal stasjon yn Amsterdam:
in moai begjin fan in soargeleaze dei,
ommers alles is regele foar ús treinreis nei Basel

Wij binne moai op tiid om de 7.25 trein te heljen.
Obstakel 1 binne de poartsjes,
sij geane net iepen,
hokker Q koade wij ek foar de skanner hâlde;
de Ynfopraatpeal is in doeltreffende oplossing,
de poarte nei de trein wurdt op ôfstân iepen dien
en wij binne noch altiten moai op tiid

It is in geheister
om fytsen mei bagaazje yn de trein te krijen
en in plakje te finen;
it slagget
en krekt op it momint dat wij tinke
ús deljaan te kinnen,
komt er in kondukteur en konduktrise
twa man/frou sterk om ús te fertellen dat wij met meikinne,
"Voor 9 uur geen fietsen in de trein,
wij verzoeken u de trein te verlaten"

en sij wize nei it buordsje
dat boppe ús parkearde fytsen hinget.

Wij litte ús reisbrief sjen,
opmakke troch de Treinreiswinkel.
"Wij moatte de trein yn Duisburg en Stutgart helje
want dêr is plak reservearre"
sa litte wij harren witte en litte wij harren sjen.
Frou kondukteur hâldt har stil,
man kondukteur wol net om lyk.
"dat is dan fout geregeld, u kunt niet mee"
"Ja maar, ja maar.... "
wij jouwe net op...
In oare reizger bemuoit him der mei:
"Ik maak ruimte ,
want ik vind niet dat die mensen de dupe mogen worden
van een fout bij de treinreiswinkel"
De kondukteur wit him gjin rie en seit dan: "die meneer is mij voor, de fietsen kunnen blijven staan, tenzij het druk wordt, dan moet u alsnog de trein verlaten"
Wat wiene wij bliid mei it úteinlik goeie hert fan dizze kondukteur.....


En sa kinne wij yn Arnhem oerstappe
op de trein fan de Dútske Arriva
helje wij yn Duisburg de goeie trein
mei reservearre plakken (wat ek nedich is dêr)
stappe wij yn Stuttgart oer nei Konstanz,
ek wer mei reservearre plakken
en pakke wij yn Singen ús lêste trein nei Basel.
Jûn om 19.25 binne wij dêr...
12 oeren wurk hân

Treinreizgje, it klikt sa maklik
mar de praktyk is oars at je fytsen bij je ha.


Wat earder thús as tocht,
en dan falt de Vogelvrije Fietser yn de bus
mei in artikel oer reizgje yn de trein
en dat jout wer in oar ljocht op de saak



Sa sit it dus....
It docht bliken dat dy freonlike kondukteur
dy't oer syn hert struts
de rigels net wit
en dat de Treinreiswinkel
dy't wij beskuldigden
it prima regele hat.......


In pear foto's út de trein

en nog mar hoopje dat er yn Utert gjin drokte is op de lijn nei Arnhem ta

yn de trein nei Duisburg

stasjon Keulen mei sicht op de dom

Fan Stuttgart nei Singen op reservearre plakken

It perron yn Singen....lift stikken mar wol op tiid foar de trein nei Basel



donderdag 21 juni 2018

Freeslik

Hjoed fytste ik wer troch Hichtum,
dat doch ik altyd mei nocht.
Fan 1978 oant 1981 wennen wij dêr
en moaie herinneringen bliuwe mij bij.

Om âlde nammen libje te litten
doch ik in slach oer it tsjerkhôf

Ik sjoch nammen fan minsken dy't ik kin
en dy't meastal yn âlderdom stoarn binne

Mar ik sjoch ek bernegrêven,
tefolle, fierstentefolle


Ik wurd troffen troch twa stiennen
neistelkoar
twa famkes,
Trijntje en Tryntsje
13 en 11 jier

Ferdronken,
dêr ha ik wolris wat fan heard.....

Thús pak ik der mei om
en begjin te sykjen yn de kranten fan doe
en lês it ferhaal

Wat in freeslik drama
wat in freeslik ferhaal
hertferskuorrend, sa't it beskreaun wurdt yn de krante





woensdag 20 juni 2018

84 oeren



Google hat syn eigen wize fan berrekkenje
simpel, neffens in fêste formule
Fan Bazel nei Middelburg fia de Loire?
Oke dat is 1565 kilometer, tinkt Google
jim fytse gemiddeld 19 kilometer, tinkt Google
dus komt Google út op 83 oeren....

Wij tinke mear oan 3 wiken:

Sneon gean wij fuort
fia twa nachten bij Reaklif (Frysman)
in nacht bij Amsterdam,
tiisdei mei de trein nei Switserlân.

en dan sjogge wij wol Google
wij ha ommers fakânsje!

zondag 10 juni 2018

Rocke en role

It wie de njoggende kear:
it Rock & Roll festival yn Frjentsjer

It is altiten in fleurich en kleurryk  barren
mei middeis mei âlde auto's en muzyk yn de stêd
en jûns in moai festival op it Sjûkelân.


In houten dûnsflier wêr't de perken oars lizze
en de rest fan it hillige fjild
is oerdekt mei platen

in soad rockabilly muzyk
en dêr moat je fan hâlde....

it wie wol gesellich en boppedat
sjogge je oan dizze muzyk
dat it fleurich in fit makket

It wie in pracht gesicht,
dat âlder stel op leeftyd
mei in stoel setten se harren te plak
oan de râne fan de dûnsflier,
de strikjes yn it lange ferware hier

en doe't it koe,
kamen se oerein en
dûnsen se op de rock & roll
fan Elvis Presley 


Boys Named Sue wie der ek,
gelokkich mar
want dy setten in lekker stevich setsje del
mei Johnny Cash muzyk
mei in hearlik elektrysk gitaarke

vrijdag 8 juni 2018

In tsjerkepaad

Lytsewierrum
in gat yn Littenseradiel,
de moaiste gemeente
fan de fierstentegrutte gemeente SWF




Lytsewierrum,
dat moaie gat
mei de auto te berikken oer in  smelle dyk,
en te ferlitten oer dyselde like smelle dyk

Lytsewierrum
ek te berikken fia in paad troch it lân;
it tsjerkepaad
fanôf Rien,
oer smelle betonblokken
troch knoffelige bochten
oer in ynsakke feeroaster en
oer mei grien oergroeide brêchjes.


Dat paad
suver n attraksje foar toeristen,
dy't harren ferwûnderje
oer sokke moaie plakjes yn Fryslân

Sneins sil der fêst net folle tsjerkefolk mear wêze
dat út Rien wei,
op wei giet nei it hûs fan God
foar bemoedigjende wurden

Woansdei wie dat oars,
in begraffenis yn Lytsewierrum.


Wylst de auto's in lange rige foarmen
op de dyk nei  Lytsewierrum
wie it op it binnenpaad,
in drokte fan belang
mei allegear rinnende en fytsende minsken
ûnderweis nei in routsjinst
yn de tsjerke

oer it tsjerkepaad,
sa't dat ea bedoeld wie....



dinsdag 5 juni 2018

Oertinking Tiede Lanting


Eten  Feesten  Activiteiten Catering
dat stiet op it boerd
at je it Dielshûs yn Wommels ynrinne.

Ik sko langsum ûnder it boerd lâns,
krekt as hûnderten oaren
ûnderweis nei in "aktiviteit"
in oertinking,  in tanktsjinst
of hoe't je mar neame wolle

It libben fan Tiede Lanting oertinke.
stoarn,
noch mar 52 jier âld

Tiede,
doarpsgenoat en buertgenoat
muzykman fan Reboelje
en muzykman yn ieren en sinnen
en dat lêste wie it praat wat wij hiene
at wij elkoar moeten.

In moaie oertinking.

Wat soe Tiede grutsk wêze
op syn bern
dy't allegear harren wurdsje diene
dat it gemis útbylde troch moaie wurden
troch moaie herinneringen

Wat soe Tiede laitsje
om de anekdoates dy't broer Sake fertelde
dy't sij belibben op de pleats oan de Slachte

Wat soe Tiede grutsk wêze
op syn freonen fan Reboelje
dy't him in earbetoan brochten
mei âlde nûmers
en nije,
spesjaal makke foar him

Wat soe Tiede genoaten ha fan de oare muzyk:
de Rolling Stones (mei syn dochter yn it Stones sjurt)
en fan  Echo & The Bunnyman
de muzyk dy't hij ûntduts en dielde mei oaren

Wat soe Tiede fertriet hawwe
at hij syn mem sitten seach
dy't no har tredde jonge nei it grêf bringe moast.
Wat soe hij noch graach efkes mei har prate wolle
om it fertriet te dielen

Wat soe Tiede it moai fine
dy treastrike wurden fan de dûmny
en hoe lûd soe hij it Glorie Halleluja meisjonge?
en hoe grappich soe hij it fine
dat de dûmny ymprofisearjend
sels efter de piano krûpte.

En Tiede soe knikke
at hij de prachtige herinnering hearde fan Sebastiaan de Haan,
oer hoe't it fierder moast mei Tiede,
nei mindere mominten;
"sa is it"...soe hij sein hawwe

Tiede iensum?
hoe is it mooglik
mei al dy minsken hjoed
dy't er wiene,
spesjaal foar him
en ek foar dyjenen dy't efter bliuwe.

In moaie bijienkomst,
in sinfolle oertinking
mei n soad jonge minsken dy't in stipe wêze wolle
foar syn bern

Tiede soe it prachtich fûn hawwe,
in grôtfolle seal yn it Dielshûs
sa't dat meast ek wie
doe't  dat it plak wie foar popkonserten
ek sa'n "Activiteit"
en sa't ik him dêr likernôch 16 kear optreden sjoen ha mei Reboelje

Tiede ,
do wiest in bysûndere jonge,
in artyst;
do hiest in langer libben fertsjinne
mei de minsken dy't dij leaf hawwe
en wêr asto fan hâldst

Myn muzyk as oantinken oan Tiede.

Trije
it meast rock & roll nûmer fan Reboelje











Traine



It seizoen sit er wer op,
it trainen is wer dien.

Foar it earst sûnt jierren
wer in hiel seizoen training jûn
foar it earst wat âldere jonges

foarhinne oant 11
no oant 15 jier ta

It hat mij best foldien
en dat komt troch de jonges.
wat in prachtich folkje meielkoar
sa't se der tiisdeis en/of tongersdeis swiene

ik fyn it moai te sjen
hoe't yn sa'n groep giet
mei lieders en folgers
mei stillen en "grutbekken"

ik kin allinne mar kompliminten jaan
oan de jonge fan JO15-1 fan SDS/Nijland

Dus fan myn kant:
tige tank jonges, it haw it mei in soad nocht dien
tanksij jim......

donderdag 31 mei 2018

Tiede

Myn favorite nûmer fan Reboelje
opnommen op Aaipop
mei Tiede op de elektryske gitaar......


Tiede is der net mear.....
Tryst foar him, foar syn bern, syn freondinne en oare freonen,
mar foaral foar syn men....
frou Lanting

3 jonges nei it grêf bringe....... it is om te janken


vrijdag 25 mei 2018

Skoalreiske


Myn pakesizzers gean no skoallereis;
earst jier de bernebuokerij yn Drachten,
no nei Sanjes yn de Westereen
en Sybrandys fûgelpark yn Riis
dat sil it aansens ek noch wol wurde

nee, dan wij,
neffens mij gyngen wij altyd
bij Oranjewâld lâns
op de weromreis

Ik seach dizze moai print yn Noorderland
en ik haw it byld werom fan doe....

donderdag 24 mei 2018

Skries op de hikke

It giet min mei de natoer, dat seit men
it giet min mei de skriezen, dat seit men

dan wie ik fannemoarn seker in bofkont
dat ik dit plaatsje sjitte;
net ien yn it fûgeltsjelân,
mar gewoan oan de dyk
fan Iens nei Weakens

en ik koe alle tiid nimme,
want se bleuanen sitten
wylst in oare skries ferfaarlik
boppe mij lâns skearde:
en rôp: grutto, grutto







Mar wat is der no moaier
as in skries op in houten hikke:
in skries op in izeren hikke
ek sy naam alle tiid om him op de foto sette te litten


vrijdag 18 mei 2018

Prinsetún

Tongersdei 17 maaie
in jûntsje muzyk yn MEM
in tiidlike lokaasje yn de Prinsentún

Foar de muzyk
earst in slach troch it park
wêr't taal sintraal stiet









in fûgelnêst hat gefolgen foar "ik "





Xigatze mei pop út Fryslân

Fansiekomsa mei folkmuzyk út Brabân

allegear

maandag 14 mei 2018

Boatsjefarre

Fytse troch in wetterryk gebiet
sa't wij ferline wike diene,
betsjut ek dat je sa no en dan farre moatte

5 kear dit jier


Op tiisdei it Noardsee Kanaal oer bij Ymuiden....Foar fytsers fergees

Op woansdei de Amstel oer bij Nessersluis , kosten 80 sint per persoan


Ek op woansdei flakbij Landsmeer...kosten 50 sint per persoan


tongersdeitemoarn 10.30 oere wiene wij de earsten dy't oergongen fan Landsmeer nei Ilpendam 


tongersdei de fearboat fan Enkhuzen nei Starum...Kosten 16,50 per persoan mei fyts



zondag 13 mei 2018

In rûntsje op de fyts

4 dagen fytst
yn Fryslân, Noard en Súd Hollân
en in stikje Utert

Moai waar
in prachtige route
mei in hiel soad paden bij it wetter del

380 km
en 3 prachtige Freonen op de Fyts sliepadreskes
yn Sint Maarten (karafaan),
Hoogmade (húske bij de mûne)
en Oostzaan (túnhúske)















maandag 7 mei 2018

5 maaiefeest


It wie in grut sukses
it Noarderwynpoadium op it Befrijingsfestival
yn Ljouwert
mei de reuny fan Wâldrockbands

prachtich waar
mei noflike minsken
op in sfearfol terrein (wat sompich)
en geweldige muzyk

haw net bij in oar poadium west
dit wie genôch......




The Amp

Linin blues experience

Claw Boys Claw

Strawelte

zondag 6 mei 2018

Treplift

Nei 4 dagen wrakselje
op in ljedder
op in stellaazje
op de panlatten
mei in kwaste en in bus yn de hân
sit it der wer op

It kajút skilderjen,
is in 5 jierliks "drama"

en
Google sjocht alles
want myn sosjale media
wurde oerstjalpe mei adfertinsjes
foar trepliften

Oh,
ek al wat "oanbiedingen"krigen
foar krektsokke putsjes
fan minsken
dy't it net fan tichtbij besjoen hawwe

Ik sil der hiel lang oernei tinke:
foar 2014 kom ik der op werom .....




pakesizzer Samme fan hast 2 rûn de trep sa op

nei ûnderen ta, wie suver spannender

woensdag 2 mei 2018

BJ Hegen




Hij is fan 1942
BJ Hegen,
fan berop keunstner en bluesmuzikant

76 jier is of wurdt hij dit jier
en it liket lichaamlik allegear wat minder te wurden.
hij pakt syn rêst
efterop it poadium
at hij efkes net hoech te sjongen
of op syn t mûlharp spylje.

It is de moaiste blues fan it seizoen
op dizze slotmiddei
mei the Bluesbusters en hij
de man út Drinte
dy't hast net mear optreedt