vrijdag 8 juni 2018

In tsjerkepaad

Lytsewierrum
in gat yn Littenseradiel,
de moaiste gemeente
fan de fierstentegrutte gemeente SWF




Lytsewierrum,
dat moaie gat
mei de auto te berikken oer in  smelle dyk,
en te ferlitten oer dyselde like smelle dyk

Lytsewierrum
ek te berikken fia in paad troch it lân;
it tsjerkepaad
fanôf Rien,
oer smelle betonblokken
troch knoffelige bochten
oer in ynsakke feeroaster en
oer mei grien oergroeide brêchjes.


Dat paad
suver n attraksje foar toeristen,
dy't harren ferwûnderje
oer sokke moaie plakjes yn Fryslân

Sneins sil der fêst net folle tsjerkefolk mear wêze
dat út Rien wei,
op wei giet nei it hûs fan God
foar bemoedigjende wurden

Woansdei wie dat oars,
in begraffenis yn Lytsewierrum.


Wylst de auto's in lange rige foarmen
op de dyk nei  Lytsewierrum
wie it op it binnenpaad,
in drokte fan belang
mei allegear rinnende en fytsende minsken
ûnderweis nei in routsjinst
yn de tsjerke

oer it tsjerkepaad,
sa't dat ea bedoeld wie....



Geen opmerkingen: