It sit er wer op: ús fytsfakânsje nei Venetie.
In reis dy't op 1500 meter hichte begjint
op de grins fan Eastenryk en Ytaalje
en "einigt" op it San Marcoplein yn Venetie.
In prachtige reis omdat
- it waar geweldich is... sinnich en waarm
- it selsskip wêr't wij mei reizgje prima is
- it in moaie delrinnende route is
- de omjouwing om te fytsen geweldich is
- it foar ús in nije omjouwing is
- wij ûnderweis moaie stêden oandogge
- prachtige bouwurken sjogge
- de hotels goed genôch binne
In oantal bysûndere erfaringen yn byld
![]() |
Nei in lange reis mei de bus, begjint it feest op 1500 meter hichte |
![]() |
in moai byld ûnderweis |
![]() |
Red delicious, dy appels seagen wij sa'n 100 kilometer oan ús linkerhân. Rjochts wie de rivier de Etsch |
![]() |
In drokke fytsroute mar ek in protte rinners |
![]() |
In kastiel |
![]() |
efkes útpûste nei in flinke beklimming |
![]() |
Noch mear appels mei op de eftergrûn de snie fan de Doalemiten |
![]() |
It grutste appelgebiet fan Ytaalje |
![]() |
Underweis fan Bolzano nei Trento....linksôf dus |
![]() |
Yn Trento is it feest. Dy't slagge is komt nei it plein en set in blommekrâns op en siket dêrnei mei famylje in terras op |
![]() |
Der gongen ús al 311 fytsers foar op dizze moarn |
![]() |
de Etsch |
![]() |
In pas oer om bij it Gardamar te kommen |
![]() |
in moai momint at wij ynienen dat Gardamar sjogge. In drege ôfdaling stiet ús noch te wachtsjen |
![]() |
doarpke bij it Gardamar |
![]() |
yn Verona |
![]() |
Nochris Verona |
![]() |
De Arena yn Verona. Spitich, wij mochten der net yn |
![]() |
Mei de boat oer nei Venetie |
![]() |
Maskers, wij hawe der mar 6 meinommen foar de pake-en beppesizzers |
![]() |
Ien fan de moaiste erfaringen. It San Marcoplein opstappe |
![]() |
de katedraal en it standsje mei soeveniers |
![]() |
je kinne der ek yn at je wat geduld hawwe om earst yn in lange rige te stean |
![]() |
Op de brêge |
![]() |
de weromreis mei leechhingjende wolken |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten