vrijdag 31 augustus 2012

Kieswizer


Polityk.
Leagens.
Sorry, mennisteleagens
Hij is yn syn earste leagen net smoard.
As er yn syn earste leagen smoard wie, wie er al lang dea west
Leagens hawwe koarte skonkjes

Ik haw net safolle mei de polityk.
Bin te swart wyt.
Politisi draaie en keare.
Dan wer sus, dan wer sa.
Ik fyn it wol  best. 
Politike debatten binne net oan mij bestege
Politisi ek net
Ek al rinne se yn it wyt boesgroentsje wat earlikheid útstrale moat
Ek al hawwe se in donker pak oan, wat autoriteit suggereart
Ek al drage se in blauwe strik wat betsjut dat se harkje nei oaren
It bliuwe wol minsken
It bliuwe politisi

Stimme dat is in plicht hawwe se mij earder leard.

In helpmiddel: de Kieswijzer 2012.
Dêr wurd ik net folle wizer fan. 
It sit te ticht bijelkoar
De selde fragen hjoed wer ynfulle soe best wat oars opleverje kinne.
En moarn nochris wat oars
Ik bin net stabyl.
SP stimme?
Nee dus.
Ik hoech gjin rie fan in Kieswijzer
Ik beslis pas at ik yn it hokje stean.
Myn gefoel bepaalt
Dat lêste gefoel
Los fan leagens


Geen opmerkingen: