woensdag 29 augustus 2012

Syn ienige handikap

Sa no en dan krije wij in boekje mei 1001 ideeen foar thús.  In boekje wêryn hast 40 ferskillende soarten sokken oanbean wurde dy't der allegear foar soarge dat je nea wer kâlde fuotten krije. Foar alles yn en om hús hinne hawwe se wol in apparaatsje út fûn wêrbij it libben allegear folle makliker wurdt.
Ik wit net wêr't oare minsken dy rotsoai allegear litte yn de hûs, want it binne allegear fan dy fdingen dy't maklik lykje en net djoer binne mar dy't al gua efteroan yn in keukekastje komme te lizzen omdat it dochs net allegear sa maklik is.
Ik sil jim bekenne dat wij ea in magnetronaaisierapparaat kocht ha. Trije kear brûkt en it stiet no bûtenhânberik.  En dochs blêderje ik meastal wol troch. Seker op in fakânsjedei as hjoed. 

It boekje hat no syn djiptepunt berikt. Dat hoop ik. "Zijn enige handicap" stiet der boppe en ik haw foar jim de tekst hjirûnder wat grutter makke sadat jim it mei eigen eagen lêze kinne en net twivelje oan jim eigen eagen, de sterkte fan de bril, de sterkte fan it ljocht of oan jim ferstân. Sadat jim begripe wat hjir de bedoeling is.



Wij hawwe him net mar besteld. Ik  bin net sa golverich. Ik haw de Bos Atlas yn it húske lizzen. Net op de grûn mar gewoan as lêsfoer. En sittend sjocht it wol sa maklik.



Geen opmerkingen: