woensdag 22 augustus 2012

Nynke

Hjoed wie de PC foar froulju yn Weidum. Ik twifele: sil ik dêr no wol of net hinne. Tiid wie net it beswier, mar nocht wie it twifelpunt. Net om der hinne te fytsen dêr hie ik wol nocht oan, mar de fraach at it mij wol echt boeie soe dat keatsen.
Om 11.00 begjint Geert van Tuinen syn reportaazje mei analitikus Braaksma en doe wie ik der samar út. Je kinne better bij dy minsken yn de buert wêze en se net heare as op 15 kilometer ôfstân it keatsen fia de radio folge en se wol heare.
De fytstocht der hinne gie hearlik mei in twirrewyn wie ik der sa. Foar tolven  makke ik al diel út fan it publyk. In hearlike sfear dêr, dat kin ik wol stelle. Je hawwe as taskôger romte om te bewegen, je kinne ris in oar plakje sykje, je kinne stean, je kinne sitte en je krije der twa bakjes kofje, in pen en boekje op ta. Bij de 10 euro dy't je as yntree betelje.
It keatsen falt wat spanning oan giet wat tsjin op in pear partijen nei.
Wêr't ik fan genoaten ha is de twirrewyn dy't mei mij nei Weidum blaasd hie en ek op it fjild stie yn de persoan fan Nynke Sijbrandi. Sij brocht hjoed de dynamyk bij it keatsen sa't ik dy lang net sjoen ha. Bij it fergean fleach se nei it perk ta om har maten oan te fjurjen en at har partoer nei de opslach moast, fleach se mei in gesicht fol fjoer nei de boppe. Al wer yn folle konsentraasje om de bal nei it perk te jeien, wêrbij har krachtige ynslaan in lust is om nei te sjen. Sa'n Nynke sleepte har maten mei yn it entûsjasme en tsjinstanners begongen betiden ek al te draven bij it fergean.
De partij fan partoer Sijbrandi tsjin partoer Zeinstra kin in keatsdei ta in sukses meitsje, die dus bliken bij mij.
Yn de hoop dat it fjoer net dôve wie bij Nynke en har maten gie ik foar de finale nei hûs. It hie moai west. Better koe it net wurde. Thús seach ik op twitter dat de partij samar dien út nei 2-2. Wie de enersjy dan dochs op. Wie de twirrewyn útraasd?
Spitich. Ik hie it har sa gund. Want sij hat mij in goeie keatsmiddei besoarge. De earste dit jier.





Geen opmerkingen: