zondag 26 augustus 2012

Bintangs yn de rein

Efkes like it sneontejûn mis te gean bij it optreden fan de Bintangs op de Merke yn Warkum. Der wie aardich wat folk op de foet en nei twa nûmers kaam der wer ien fan de beruchte sneonsbuien oer.
Elkenien socht in droech plak: ûnder it ôfdak fan de Weach, ûnder ien fan de terasstinten, ûnder in paraplu of lykas mij ûnder it tintsje foar de lûdstechnisi.
Ik woe yn de buert bliuwe want de Bintangs rockten as wie der neat oan de hân. Mocht der tonger yn de bui sitten ha, dan haw wij dêr neat fan fernaam want om boppe de lûden fan de Bintangs út komme falt net ta.
De Bintangs spilen troch en dêrtroch bleau it publyk en kaam wer ûnder alles wei doe't it droech wie.
De bluesrockers fan ea binne wat mear rockers wurden mar it klonk hearlik en de folle Merke genoat sichtber.
Der waard dûnse yn de plassen.
10 oere wie it dien en sochten de measten in lokaasje op om noch mear te genietsjen fan de Brijblues yn Warkum.
Ik siet fol. Mei in hearlik konsert fan de Bintangs.


Geen opmerkingen: